Lânskipsbehear Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Lânskipsbehear Fryslân is in organisaasje dy't him ynset om de ekologyske en kultuerhistoaryske wearden fan it Fryske lânskip te behâlden en te ûntwikkeljen.

De organisaasje jout advys, foarljochting, oanlis en docht wurksumheden om soks foar inoar te krijen. Hja hawwe ek ekspertize op it mêd fan subsydzjes. Om de doelstelling te berikken wurdt besocht safolle mooglik draachflak ûnder de befolking te krijen. De belutsenheid fan frijwilligers om inisjativen in kâns te jaan is ommers needsaaklik. Troch gearwurking fan partikulieren, (boere)organisaasjes en oerheden foarmet LBF in platfoarm om ideeën dy't fan ûnderôf komme moatte in kâns te jaan.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]