Abraham van Riebeeck
Abraham van Riebeeck (Kaapkoloanje, 18 oktober 1653 – Batavia, 17 novimber 1713) wie in gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje dy´t ek bekend wurden is as ûntdekkingsreizger.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abraham van Riebeeck waard berne yn de Kaapkoloanje yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. Hy wie de soan fan Maria de la Quellerie en de ferneamde Jan van Riebeeck, de stifter fan de koloanje by Kaap de Goeie Hope. Doe't syn âlden yn 1662 nei Ynje teagen, gie Abraham nei Hollân, dêr't er rjocht studearre yn Leien. Doe’t er klear wie mei syn stúdzje yn 1676 gied er oan it wurk foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy as keapman. Earst kaam er oan de slach yn Palembang op Sûmatra. Yn 1684 waard er beneamd as sekretaris fan it Hege Regear; yn 1690 waard er sels lid fan de Rie fan Ynje. Yn 1709 waard er beneamd ta gûverneur-generaal. Dat wurk soed er dwaan oant syn dea yn 1713.
Van Riebeeck wie, lykas syn heit Jan, in ûntdekkingsreizger. Hy hat oan inkele grutte en lytse ekspedysjes yn Nederlânsk-Ynje dielnaam, ûnder oare dy nei Preanger, hieltyd yn selskip fan lânmjitters en kaartmakkers. Hy beklom de Salak en in fulkaan by Bandûng. Yn 1712 waard de earste kofje nei it heitelân stjoerd. Yn 1713 krige er lêst fan dysentery, in sykte dy't er oprûn hie op syn tocht nei Bandûng, dêr’t er úteinlik ek oan stoar.
Ien fan Abraham syn bern wie Johanna Maria van Riebeeck (1679-1759), dy’t troud wie mei syn foargonger as gûverneur-generaal yn Nederlânsk-Ynje, Joan van Hoorn. Nei de dea fan Joan troude se mei Kornelis Bors van Waveren.
Boarne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stapel, F.W. (1941) Gouverneurs-Generaal van Nederlandsch-Indië.
- Nederlânsk ûntdekkingsreizger
- Nederlânsk amtner
- Súdafrikaansk ûntdekkingsreizger
- Súdafrikaansk amtner
- Gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje
- Feriene Eastyndyske Kompanjy
- Súdafrikaansk persoan fan Nederlânsk komôf
- Súdafrikaansk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Afrikaner persoan
- Persoan berne yn 1653
- Persoan stoarn yn 1713