Gemme fan Burmania

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gemme fan Burmania foar Filips II: "Wy Friezen knibbelje allinnich foar God" (Ofbylding yn 'e Steateseal yn Ljouwert)
Stânbyld fan Gemme fan Burmania makke troch Hans Jouta, yn Ferwert

Gemme van Burmania1523 - Ferwert, 28 novimber 1602) wie in Fryske ealman.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Burmania waard om 1523 hinne berne as soan fan Douwe fan Burmania en Saapke fan Idsma. Gemme fan Burmania wie ôffurdige fan Fryslân by de ynhuldiging fan Filips II yn 1555. Neffens Pier Winsemius en Jac. Scheltinga (ûnrjochtlik) soe hy de eed fan trou net op knibbels ôflizze wold hawwe; hy spruts de wurden: "Wy Friezen knibbelje allinne foar God". Dat is in ferhaal oer it idealisearre byld fan in 'echte' Fries. Letter waard Gemme fan Burmania lid fan it Ferbûn fan de Eallju en waard dêrnei troch Alva ferbanne. Yn 1568 moast er dêrom útwike nei Keulen. Yn 1583 gie er werom nei de Nederlannen en wenne er in stikmannich jierren yn Alkmar. Werom yn Fryslân fêstige er him op de Juwsmastate by Ferwert.

Fan Burmania hat twaris troud west. Hy troude de earste kear mei Jouck fan Haerda. Nei har ferstjerren by de berte fan harren fjirde bern, wertroude hy mei de widdo Juliana fan Aylva. Ut syn earste houlik waarden dus fjouwer bern en út syn twadde houlik seis bern berne. Hy stoar yn novimber 1602 op Juwsmastate. Hy waard op 5 desimber 1602 beïerdige yn de Sint-Martinustsjerke fan Ferwert.