Dave Steensma

Ut Wikipedy

Dave Steensma (Amsterdam, 20 novimber 1967 - As-Samawa, 10 maaie 2004), sersjant 1e klasse, wie de earste Nederlânske oarlochsdeade sûnt 1995.

Steensma wie troud (mei Jennie) en heit fan twa jonge bern. Hy wie in betûft marinier. Nei in koarte tiid as boarger wie er werom kaam by it leger yn tsjinst fan de loftmobile brigade. Hy waard útstjoerd nei Bosnje, Syprus en Afganistan. Doe't er nei Irak stjoerd waard tocht dat dat te betiid wie, om't it lân noch te gefaarlik wie. Op 10 maaie 2004 rekken Steensma en ien fan syn kollega's slim ferwûne by in hângranaatoanfal, op in brêge oer de Eufraat yn de stêd As Samawa yn Irak. Dy jûn ferstoar er yn it fjildhospitaal op de Nederlânske basis Kamp Smitty.

Sneon 15 maaie waard er yn syn wenplak Frjentsjer mei militêre eare begroeven. By de begraffenis wienen in soad minsken. Njonken famylje, freonen en kollega's wie ek Henk Kamp, de minister fan Definsje, yn de tsjerke. Hûnderten minsken stienen oan de rûte nei it begraafplak. In protte huzen yn Frjentsjer hienen de flagge healstok. Dave Steensma wie de earste oarlochsdeade sûnt yn 1995 Raviv van Renssen om it libben kaam.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]