Abbegea
Abbegea | ||
De himrik fan Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 245 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8617 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 1' NB, 5° 34' EL | |
Gertrudistsjerke | ||
Offisjele webside | ||
abbegea.frl | ||
Kaart | ||
Abbegea (Nederlânsk: Abbega) is in terpdoarp yn Súdwest-Fryslân, mei likernôch 261 ynwenners (2011). Oant 2011 lei Abbegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Abbegea leit oan de Twiska, krekt noardlik fan de Himdyk, en de Abbegeaster Opfeart foarmet de ferbining nei it noarden mei De Wimerts. Ta it doarp hearre ek de buorskippen Abbegeasterketting en Pikesyl (foar in part).
Oan de noardkant fan it doarp is in nijbouwyk. Men kin mei de boat oan Abbegea ta komme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abbegea is ûntstien op in terp tusken 1000 en 1200.
Eartiids wie hjir in parochy Gertrudistsjerke wijd oan de hillige Gertrudis. De herfoarme tsjerke is noch út de Midsiuwen. De toer hat in houten dakruter mei in klok út 1647. Sûnt 1989 is it âlde tsjerkepaad nei Westhim fernijd.
Gertrudislien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By testamint bepaalde pastoar Goffa Adema (†* july 1508 ) de bestimming fan it Sint-Gertrudislien. It jild út de ferhier fan in oantal pleatsen moast te'n goede komme oan de neisieten. Binne dy der net dan meie oaren dit brûke om foar doomny te learen. De gemeente is mei de tsjerkefâden it bestjoer. De stifting hat in moaie drinkhoarn yn besit. Sjoch hjirfoar ek it boek:
- H.Bolt - Geschiedenis van het Sint Geerttruidsleen te Abbega 1508 - 1933
Wetterskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wetterskip Abbegea ûntstie doe't men oan it begjin fan de 20e iuw in bettere wetterbehearsking ha woe yn it gebiet fan it wetterskip De Skerwolder- en Moarra-Himmen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abbegea hat in feriening foar Doarpsbelang. De oranjeferiening fersoarget ien kear yn de twa jier de doarpsfeesten. Abbegea hat mei Folsgeare en Easthim it kontaktbledsje 'Kontakt'. Fierders hat it doarp in biljertferiening, frouljusklup "De Kwebbels", it Abbegeaster Skûtsje, wurkgroep Burenhulp, in âlderein- en jongereinsoas.
Yn 1983 krige Abbegea in nije basisskoalle: "Bernegea", dy't yn 2012 slute moast omreden it te lytse tal bern. De skoalle fusearre doe mei basiskoalle "East Kime" yn Easthim ta "East Kime/Bernegea". Yn 2015 moast dy skoalle lykwols ek slute en dy fusearre mei "De Gearrin" yn Folsgeare. Sûnt dy tiid hat dy skoalle it Yntegraal Bernesintrum (IKC) foar de trije doarpen west.[2] Yn 2018 moast dy lykwols ek slute en fusearre mei dy fan Nijlân.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1954 - 275
- 1959 - 261
- 1964 - 240
- 1969 - 216
- 1974 - 199
- 1999 - 268
- 2002 - 264
- 2004 - 270
- 2006 - 263
- 2021 - 245
Strjitten yn Abbegea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Abbegeaster Ketting - buorskip Abbegeasterketting
- Hissedyk -
- Moarrewei rjochting Moarre
- Pikesyl - buorskip Pikesyl
- Rige -
- Skoalstrjitte -
- Twiska - buorskip Twiska
- Wartenterp - doarp Warten
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abbegea fan Wikimedia Commons. |