Gertrudistsjerke (Abbegea)

Ut Wikipedy
Gertrudistsjerke
Ynterieur yn 1959

De Gertrudistsjerke is in tsjerkegebou yn Abbegea, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De kearn stammet út 'e 12e iuw; de ommitseling is fan 1809

De tsjerke is tsjintwurdich in protestantske tsjerke, mar wie oarspronklik in Parochytsjerke wijd oan de hillige Gertrudis fan Nijvel. It hôf om de tsjerke hat in grêft. It is in ryksmonumint. De liedklok út 1647 is getten troch Jacob Noteman. It oargel út 1923 is makke troch Bakker & Timmenga.

De Gertrudistsjerke foarmet mei de Jehannestsjerke, de grifformearde tsjerke fan Easthim, en de Laurentiustsjerke fan Folsgeare in PKN gemeente.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: