Laurentiustsjerke (Folsgeare)
Laurentiustsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Folsgeare | |
adres | Tsjaerddyk 53 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 13e iuw (toer), 1875-1876 (tsjerke) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39762 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN-gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare |
De Laurentiustsjerke oan de Tsaerddyk yn Folsgeare is ien fan de tsjerken fan de PKN-gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de yn de roomske tiid oan Laurentius fan Rome wijde tsjerke bleau oant de dei fan hjoed de 13e iuwske toer stean. It doarp hie oan it ein fan de 15e en it begjin fan de 16e iuw in soad te lijen fan de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Plonderjende troepen dy't oer de ferbiningswei tusken Boalsert en Snits teagen foelen yn 1498 Folsgeare oan. De ynwenners sochten harren heil yn 'e tsjerke, mar de troep stiek de Laurentiustsjerke yn ' e brân en teminsten tsien minsken ferlearen dêrby harren libben. Neffens in ynskripsje yn in balke waard de toer yn 1532 noch ûnder hannen nommen. Mei de reformaasje gyng de tjerke fan de katolike lear oer op de protestantske.
Sa healwei de 19e iuw waard de steat fan it gebou der net better op, der folgen reparaasjes mar yn 1863 waard der op oantrún fan dûmny J.H. Guldenarm besletten ta ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke. It slagge dûmny Guldenarm it jild byinoar te krijgen en om 't dy syn rjochtsinnige preken in soad tsjerkefolk loek, mocht de nije tsjerke ek wol wat grutter útfalle as de âlde. Yn 1864 waard útein set mei de bou, mar al gau nei de foltôging die bliken dat it bouwurk fersakke en dat wie sa slim dat in pear jier letter it beslút nommen wurde moast om de tsjerke wer ôf te brekken. Op 'e nij moast der jild ynsammele wurde; de tsjerke fan 1864 waard ôfbrutsen, mei itselde materjaal wer opboud en no better fundearre mei 218 heipeallen fan 5,5 meter lingte. It ûntwerp fan de tsjerke werfoar't de earste stien op 8 septimber 1875 troch R.T. Abma lein waard, bleau frijwat itselde as it ûntwerp fan 1864. De tsjerke soe noch itselde jier oplevere wurde, mar de oannimmer strûpte der ûnder en sa duorre it oant 1876 dat de tsjerke troch timmerman Gerrit Monsma út Folsgeare ôfboud wurde koe.
Mei it ûntstean fan de PKN-gemeente krige de eardere herfoarme tsjerke de âlde roomske namme werom.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynrjochting fan de tsjerke komt noch út de tsjerke fan 1864 en hat ek in 19e-iuwske yndieling mei de preekstoel oan de eastlike muorre fan it trijesidige koer. De preekstoel stie eartiids noch yn de midsiuwske tsjerke stien, wylst it klankboerd en de foet 19e-iuwsk binne. Om't dûmny Guldenarm hichtefrees hie, is de foet pas nei syn ferfarren yn 1877 ûnder de preekstoel set. De bank by it doophek oan de noardlike muorre wie de Rengersbank, eigendom fan grytman Sjuck van Welderen Rengers en Wilhelmina Maria fan Beeck Calkoen, de bewenners fan Epemastate yn Ysbrechtum. Hja tsjerkten leaver yn Folsgeare dan yn it eigen doarp fanwegen de rjochtsinnige dûmny's fan Folsgeare. Under de houten flier lizze âlde grêfsarken. It neamen wurdich is de portretsark fan Hobbe Goffes fan Sjaarda en syn frou Foeckel fan Roorda út 1557.
Yn de toer hinget noch in lûdklok út de roomske tiid. De klok waard yn 1532 getten troch Geart fan Wou en Jehannes ter Steghe en hat in diameter fan 94 sintimeter.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1908 boude Bakker & Timmenga in nij oargel foar de grifformearde tsjerke fan Marrum. Doe't de grifformearden dêr yn 1923 in nije tsjerke bouwe lieten, waard it oargel yn de nije tsjerke sûnder feroarings wer opboud. In pear jier letter waard it oargel mei in Trompet 8′ útwreide. It oargel waard yn 1961 troch Bakker & Timmenga oerbrocht nei de herfoarme tsjerke fan Folsgeare. De Cornbet III sterk waard by de weropbou yn Folsgeare ferfongen troch in trochrinnende Mixtuur. It oargel is mechanysk en hat in oanhongen pedaal.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerklik wie de herfoarme gemeente fan Folsgeare al sûnt 1608 mei Abbegea en Easthim ferbûn. Sûnt 1992 foarmen de herfoarmen mei de grifformearden fan de trije doarpen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't op 15 april 2008 fusearre ta de PKN gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. By de fúzje waarden der gjin tsjerken ôfstjitten en sels de grifformearde tsjerke fan Easthim bleau yn gebrûk as it tsjerklik sintrum fan de nije protestantske gemeente.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jehannestsjerke, Easthim
- 't Anker, Eastheim
- Getrudistsjerke, Abbegea
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|