Grifformearde tsjerke (Easthim)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
't Anker
Easthim, Nessenwei 28, grifformearde tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Easthim wapen.svg Easthim
adres Nessenswei
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1897
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 39806
webside Side Protestantske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare

't Anker yn Easthim is de namme fan de eardere grifformearde tsjerke, dy't tsjintwurdich funksjonearret as tsjerklik sintrum foar de protestantske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. Fanwegen it oargel is de tsjerke in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevelstien

Ut ûnfrede mei de frijsinnigens yn de herfoarme tsjerke ûntstie op 30 april 1889 de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan Easthim, Abbegea en Folsgeare. Alhoewol't de measte leden fan de herfoarme tsjerke fan Easthim harren net fine koene yn de frijsinnigens yn de tsjerke, bleaune de measten trou yn de hope dat hja de tsjerke fan binnen út feroarje koene. De dolearende gemeente kaam ynearsten yn it tsiispakhûs yn Nijesyl byinoar, mar al gau waarden de tsjinsten ferlein nei Easthim yn in skuorre oan it tsjintwurdige Hernepaed. Hja lieten op dat plak in needtsjerkje bouwe en yn 1897 krige de gemeente de kâns om in stik grûn te keapjen oan de haadwei fan it doarp. Op 27 july waard dêr de earste stien lein foar de tsjerke en op 3 novimber koe de tsjerke in gebrûk nommen wurde.

Sûnt 1992 foarmen de grifformearden mei de herfoarmen in Samen-op-Weg-gemeente, dy't op 15 april 2008 fusearre ta de protestanske gemeente Easthim-Abbegea-Folsgeare. De grifformearde tsjerke bleau mei de trij herfoarme tsjerken yn gebrûk by de gemeente.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke hie yn 1897 noch gjin oargel en brûkte ynearsten in harmoanium, mar yn 1900 kocht de gemeente in ynstrumint oan fan Bakker & Timmenga, dat yn 1840 foar de Fermanje fan It Hearrenfean troch L.J. van Dam boud wie. By de weropbou fan it oargel waarden der hast gjin feroarings tapast, allinne de spyltafel moast fan de achterkant nei de sydkant ferhûzje.

It oargel waard yn 2003 restaurearre troch Flentrop Oargelbou út Saandam. Jan Jongepier naam it ynstrumint op 30 augustus 2003 mei in konsert wer yn gebrûk. Fanwegen it oargel is de tsjerke in ryksmonumint.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: