Goffa Adema
Goffa Adema († july 1508) wie in pastoar yn Abbegea.
By testamint bepaalde hy de bestimming fan it Sint-Geertruideslien. It jild út de ferhier fan in tal pleatsen moast ten goede komme oan de neisieten. Binne dy der net dan meie oaren dit brûke om foar predikant te learen. Yn de rin fan de tiid waarden ek oare stúdzjes en saken stipe, bygelyks goeie doelen yn it útlân.
Yn novimber 2009 waard mei in gearkomste yn Abbegea stilstien by it 500-jierrich bestean fan it lien. It fûns hat yn dy tiid ûnder oare in beurs jûn oan Tjalling Koopmans (1910-1985), dy’t yn 1975 de Nobelpriis foar de Ekonomy wûn hat. In oare studint dy’t brûk makke hat fan it fûns is Lolle Nauta, dy’t jierrenlang ideolooch west hat fan de Partij fan de Arbeid.
De gemeente is mei de tsjerkefâden it bestjoer. De stifting hat in moaie drinkhoarn yn besit.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.Bolt - Geschiedenis van het Sint Geerttruidsleen te Abbega 1508 - 1933