Springe nei ynhâld

Mace Windu

Ut Wikipedy
Mace Windu
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Yoda
Obi-Wan Kenobi
Anakin Skywalker
Sheev Palpatine
Depa Billaba
Qui-Gon Jinn
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Mace Windu (útspr.: [ˈmeːs wɪnˈdu], likernôch: "mees win-") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is yn 'e einichste dagen fan 'e Galaktyske Republyk in negroïde minsklike Jedi-ridder en in foaroansteand lid fan 'e Hege Jedi Ried. It personaazje waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). Windu kearde werom yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en de lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), en waard yn al dy films spile of ynsprutsen troch akteur Samuel L. Jackson. Yn oare ûnderdielen fan 'e Star Wars-franchise, wêrûnder de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, waard de dialooch fan it personaazje ynsprutsen troch stimakteur Terrence C. Carson.

Ferskate ferzjes fan it personaazje dat úteinlik Mace Windu wurde soe, waarden troch Star Wars-betinker George Lucas ûntwikkele foar de iere ferzjes fan it senario fan Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), de earste film fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Under de namme 'Mace Windy' wied er earst de ferteller, doe de broer fan prinsesse Leia en dêrnei de freon fan Luke Skywalker, oant er út it ferhaal skreaun waard. Hy waard lywols reyntrodusearre yn syn úteinlike foarm as liedend Jedi-ridder, doe't Lucas yn 1994 oan 'e senario's foar de films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy begûn te wurkjen.

Portrettearring troch Samuel L. Jackson

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) waard Mace Windu spile troch akteur Samuel L. Jackson. Om't er yn dy film net fjochtet, is syn ljochtsabel dêryn net te sjen. Neitiid waard oan Mace Windu-action figures in ljochtsabel mei in blauwe kleur jûn. Under de produksje fan 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) frege Jackson oan Lucas oft syn personaazje net in pearse ljochtsabel hawwe mocht, sadat er yn massale gefjochtssênes makliker werom te kennen wêze soe. Lucas stimde dêrmei yn. Neffens Jackson wiene yn it hêft fan syn sabeare wapen de wurden "bad motherfucker" gravearre, in ferwizing nei syn rol yn 'e film Pulp Fiction fan Quentin Tarantino. (Dy gravearring is yn 'e film net sichtber.)

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Phantom Menace

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de roman Shatterpoint, fan Matthew Stover, út 2004, is Mace Windu ôfkomstich fan 'e planeet Haruun Kal. Hy wurdt yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, yntrodusearre as in fjirtichjierrige Jedi-ridder en in foaroansteand lid fan 'e Hege Jedi Ried, wêryn't er kwa ynfloed en reputaasje inkeld ûnderdocht foar Yoda. Dyselde is de master fan wa't Windu syn training as padawan ûndergien hat. Syn eigen eardere learling Depa Billaba is ek lid fan 'e Hege Jedi Ried.

Yn 'e film komt de eigensinnige Jedi-ridder Qui-Gon Jinn foar de Ried mei de njoggenjierrige Anakin Skywalker, in eardere slavejonge dy't er oppikt hat op 'e planeet Tatooine. Anakin hat in grut oanberne talint foar de manipulaasje fan de Krêft, en teffens it heechste nivo fan 'midi-glorianen' (in mjitte fan Krêftpontinsjeel) dat ea metten is. Qui-Gon is derfan oertsjûge dat de jonge de 'Utkarde' is dêr't de âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. Hy wol dêrom dat Anakin de Jedi-training ûndergiet, al is er eins fiersten te âld om dêr noch mei te begjinnen.

Yoda hifket de jonge, mar komt ta de konkúzje dat syn foarnaamste driuwfear eangst is (benammen om it wolwêzen fan syn mem Shmi, dy't as slavinne op Tatooine efterbleaun is). Mei't eangst in negative emoasje is, liket it Yoda gjin goed idee om Anakin troch training mear macht te jaan as er al hat. Windu en de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried slute harren dêrby oan. Neitiid wurdt Qui-Gon op 'e planeet Naboo yn in gefjocht mei de Sith-ridder Darth Maul deadlik ferwûne. Syn learling Obi-Wan Kenobi wit harren fijân te ferslaan en komt op 'e tiid by Qui-Gon om noch mei him te praten. Qui-Gon smeekt him mei syn lêste siken om 'e training fan Anakin op him te nimmen en Obi-Wan ûnthjit him dat er dat dwaan sil. Letter makket er oan Yoda en de oare 'e leden fan 'e Hege Jedi Ried dúdlik dat er him oan dat ûnthjit hâlde sil oft se it dêr no mei iens binne of net, wêrnei't se har der by dellizze.

Yn Attack of the Clones

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, wegeret Windu yn 't earstoan te leauwen dat de mislearre moardoanslach op senator Padmé Amidala fan Naboo beoardere wie troch greve Dooku. Dyselde is nammentlik in eardere Jedi-ridder en krekt as hysels in learling fan Yoda, dy't him ferliede litten hat troch de tsjustere kant fan 'e Krêft.

Nei't Obi-Wan, syn padawan Anakin en Padmé op 'e planeet Geonosis finzen nommen binne troch Dooku en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, driigje se terjochtsteld te wurden, mar dat wurdt foarkomd troch de ferskining fan Windu en oare leden fan 'e Hege Jedi Ried. Yn it dêropfolgjende treffen deadet Windu de preemjejager Jango Fett. Dêrmei hellet er him de net-ôflittende wraaksucht op 'e hals fan Jango syn jonge 'soan' (eins in kloan) Boba Fett. De oarlochsandroïden fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels wurde de Jedi hast oermânsk, mar dan arrivearret Yoda mei in bataljon kloansoldaten, wêrnei't de earste slach fan 'e Kloane-oarloggen begjint. Oan 'e ein fan 'e film, nei't de oerwinning behelle is, nimt Windu him foar om tenei de almar korruptere Galaktyske Senaat better yn 'e rekken te hâlden.

Yn The Clone Wars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars op 'e foarfallen yn Attack of the Clones folget, wurdt Mace Windu (ynsprutsen troch Samuel L. Jackson) ôfskildere as in generaal fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, de legermacht fan kloansoldaten wêrmei't de Jedi yn 'e Kloane-oarloggen de androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels besykje te ferslaan.

Yn 'e op 'e film folgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) hat Mace Windu (ynsprutsen troch Terrence C. Carson) in ûnderstypjende byrol. Hy jout lieding oan 'e befrijing fan Ryloth, de thúswrâld fan 'e Twi'leks, fan in besetting troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Ek besiket er tegearre mei Obi-Wan Kenobi de Jedi Holocron werom te krijen nei't dy stellen is troch de preemjejager Cad Bane en krewearret er om mei help fan 'e Gungaan Jar Jar Binks de finzen nommen keninginne fan Bardotta te rêden fan in Dathomiryske heksekultus ûnder lieding fan Mem Talzin. Dêrnjonken hat er te krijen mei it oanhâldende krewearjen fan Boba Fett om wraak op him te nimmen foar de dea fan syn heit Jango Fett.

Yn Revenge of the Sith

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, spilet trije jier nei foarfallen yn Attack of the Clones. Windu en de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried sitte tsjin dy tiid yn noed dat kânselier Sheev Palpatine himsels ûnder it mom fan 'e krisis dy't de Kloane-oarloggen yn 'e Galaktyske Republyk feroarsake hawwe, tefolle bykommende foech ta-eigenet, dat er neitiid net wer frijwillich ôfstean sil. Harren wantrouwen tsjin 'e kânselier waakst noch fierder oan as de Galaktyske Senaat de kânselier in stim yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried jout troch him it rjocht ta te kennen om yn 'e Ried in eigen fertsjintwurdiger te beneamen. Palpatine stelt as sadanich Anakin Skywalker oan, mar ûnder lieding fan Windu ûnthâlde de oare leden fan 'e Ried him de rang fan Jedi-master, sadat er gjin stimrjocht hat. Anakin beskôget dat as in skoffearring, en as Windu-en-dy him neitiid opdrage om Palpatine foar harren te bespionearjen, ferliest er alle fertrouwen yn 'e Ried.

As Anakin lang om let ûntdekt dat Palpatine ien-en-deselde is as de Sith-master Darth Sidious, set er mei dat nijs nei Windu ta. Dyselde hjit Anakin om him der fierders net mei te bemuoien, en giet sels mei trije oare Jedi-masters fan 'e Hege Ried, Kit Fisto, Agen Kolar en Saesee Tiin, op Palpatine ta om him te arrestearjen. Palpatine jout him lykwols net sûnder slach of stjit oer. Mei syn ljochtsabel deadet er de trije oare Jedi, wêrnei't er it tsjin Windu opnimt yn in gefjocht fan ien tsjin ien. Palpatine falt Windu oan troch Krêftwjerljocht te brûken, mar Windu blaast dy werom yn Palpatine syn eigen gesicht, sadat de Sith-master foargoed misfoarme rekket. Windu wurdt him oermânsk en wint it gefjocht.

Underwilens hat Palpatine Anakin lykwols wysmakke dat de tsjustere kant fan 'e Krêft it iennichste is dat syn leafste Padmé Amidala rêde kin, dy't fan syn bern yn ferwachting is. Hy wurdt nammentlik teheistere troch foarsizzende dreamen wêryn't hja stjert yn it kreambêd. Om Padmé te rêden komt Anakin tuskenbeiden en redendielt mei Windu om Palpatine yn libben te litten. Windu fertelt him lykwols dat de Sith-master te gefaarlik is om yn libben te litten en risselwearret om him te deadzjen. Dêrop hout Anakin him de rjochterhân ôf, sadat er ûntwapene is. Palpatine martelet de warleaze Windu dan mei Krêftwjerljocht en smyt him dêrnei út it finster, sadat er te pletter falt. Windu en syn trije selskipslju binne de earste slachtoffers fan 'e Grutte Suvering fan 'e Jedi, dêr't Palpatine fuort letter it befel ta jout.

Yn The Rise of Skywalker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it lêste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, is Windu sines ien fan 'e stimmen fan 'e Jedi út it ferline dy't de jonge Jedi Rey oanfiterje yn har gefjocht mei de út 'e dea opstiene Palpatine.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace Samuel L. Jackson
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Samuel L. Jackson (stimcameo)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono