Springe nei ynhâld

Han Solo

Ut Wikipedy
Han Solo
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt smokkelder, rebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
prinsesse Leia
Chewbacca
Luke Skywalker
Kylo Ren
attributen Millennium Falcon
ploffer
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Han Solo is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in smokkelder fan 'e planeet Corellia en letter in lieder fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Han Solo makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch akteur Harrison Ford. Krapoan fjirtich jier letter spile Ford deselde rol wer yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Yn 'e spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018) waard de rol oernommen troch Alden Ehrenreich. Han Solo is ûnlosmaklik ferbûn mei syn dierbere romteskip de Millennium Falcon en syn hierrige ko-piloat, de Wookiee Chewbacca.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklike Star Wars-trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) wurde de Jedi-master Obi-Wan Kenobi, syn jonge learling Luke Skywalker en de beide androïden R2-D2 en C-3PO op 'e planeet Tatooine, oan 'e ûnbeskaafde râne fan it Stjerrestelsel, socht troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. Yn 'e wetteleaze stêd Mos Eisley nimme se de lytse krimineel en gokker Han Solo yn 'e earm om fan 'e planeet te ûntsnappen. Han (spile troch Harrison Ford yn syn trochbraakrol) is in minske dy't ôfkomstich is fan 'e planeet Corellia. Hy en syn maat en ko-piloat, de reuseftige Wookiee Chewbacca, lizze har ta op it smokkeljen fan djoer guod yn harren romteskip, de Millennium Falcon.

It kostúm dat Harrison Ford yn syn rol as Han Solo droech yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

Obi-Wan en Luke wolle nei de planeet Alderaan ta, dat dêr bringt Han harren hinne. As se dêr oankomme, ûntdekke se lykwols dat de planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon dat de Deadsstjer hjit. De Millennium Falcon komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar Han en de oaren witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia, Han, Chewbacca, R2-D2 en C-3PO leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer, dy't Leia earder yn R2-D2 ferstoppe hie, ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't Luke dielnimt oan in oanfal dy't de Deadsstjer ferneatigje moat. Han wegeret him earst by de rebellen te jaan, om't er dêr neat mei fertsjinje kin, mar úteinlik blykt dat mar grutspraak te wêzen, en as Luke him it meast nedich hat, komt Han him te help.

Likernôch trije jier letter is der, yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), in trijehoeksferhâlding om prinsesse Leia hinne ûntstien, wêrby't Han en Luke allebeide nei har geunst tingje. By de evakuaasje fan in wichtige rebellebasis op 'e iisplaneet Hoth kriget Han de opdracht en bring Leia, dy't ien fan 'e lieders fan it Rebelleferbûn wurden is, yn feilichheid. Mei Chewbacca en C-3PO brekke se yn 'e Millennium Falcon troch de Keizerlike blokkade fan 'e planeet hinne. Nei gâns aventoeren, wêrby't de oanhâldend kibjende Han en Leia tichter nei-inoar ta groeie, rekket it romteskip stikken, en binne se sadwaande twongen om oan te stekken yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, om 'e Millennium Falcon reparearje te litten.

De Stêd yn 'e Wolkens wurdt bestjoerd troch Han syn âlde freon Lando Calrissian, dat se wurde gastfrij ûnthelle. It blykt lykwols in mûklaach te wêzen, mei't Lando ûnder ien tekken skûlet mei Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Vader lit Han martelje en dêrnei ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt, om te testen oft er op dy wize súksesfol immen finzen hâlde kin (hy is ntl. fan doel om itselde mei Luke te dwaan). Mei't er fierders gjin belang mear by de beferzen Han hat, jout er dy oan 'e preemjejager Boba Fett, dy't in rol fan krúsjaal belang spile hat by it opspoaren fan 'e Millennium Falcon. Boba Fett nimt Han mei werom nei Tatooine, dêr't er him ôfleveret by de gangster Jabba de Hutt. Dy hat in hege preemje op syn holle set om't Han (foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope) in lading smokkelwaar fan him kwytrekke is.

Harrison Ford spile yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens de rol fan Han Solo.

Oan it begjin fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), dat likernôch in jier letter spilet, is Han noch altyd beferzen yn karbonyt. Hy befynt him yn it haadkertier fan Jabba de Hutt, dy't him as in wandornamint brûkt. Prinsesse Leia en Chewbacca ûndernimme in befrijingsaksje, mar hoewol't se Han witte te ûntteien, wurde se alle trije finzen nommen troch Jabba syn trewanten. Nei in nije skynber mislearre rêdingsmisje troch Luke, feroardielet Jabba Han, Chewbacca en Luke ta de deastraf troch se yn 'e sarlacc te smiten, dêrt se libben fertard wurde sille. It docht lykwols bliken dat Lando Calrissian, C-3PO en R2-D2 de entoeraazje fan Jabba ynfiltrearre hawwe, en dyselden en de fernimstige Luke, dy't no in Jedi is, witte al harren freonen te befrijen.

Underwilens is keizer Palpatine úteinset mei de bou fan in nije Deadsstjer, dêr't er yn eigen persoan it tafersjoch oer hâldt. Dat liket it Rebelleferbûn in útsochte kâns ta om twa miggen yn ien klap te slaan troch tagelyk mei de nije Deadsstjer en de keizer sels ôf te weven. Om in float fan romteskippen de kâns te jaan it romtestasjon te ferneatigjen, moat lykwols earst de generatorfasiliteit op 'e boskmoanne Endor útskeakelje wurde, dy't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekket. Han en Leia krije de lieding oer de kommando-ienheid dy't dat oprêde moat. Mar it blykt in falstrik te wêzen, en Han-en-dy wurde finzen nommen. Se krije lykwols ûnferwachts help fan 'e Ewoks, de lânseigen bewenners fan 'e Boskmoanne. Dêrtroch witte se de Keizerlike stoarmtroepers op 'e moanne te ferslaan en de generatorfasiliteit te sabotearjen. De rebellefloat kin dan dochs noch de oanfal op 'e Deadsstjer útfiere, dy't dêrtroch fatale skea oprint. Nei de oerwinning, as de rebellen en de Ewoks feestfiere, seit Han tsjin Leia dat er der alle begryp foar hat as sy Luke as frijer kiest ynstee fan him. Leia fertelt him lykwols dat sy en Luke ûnderwilens ûntdutsen hawwe dat se broer en suster binne, en dêrnei tutet se him.

Star Wars-ferfolchtrilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) is it tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor. Dat barren hat it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle, en yn it stee dêrfan hawwe de eardere rebellen in Nije Republyk oprjochte. De restanten fan it Keizerryk binne ûnderwilens gearklofte ta de Earste Oarder, dy't de Nije Republyk besiket te ferdylgjen om fannijs it Keizerryk te fêstigjen. Dat stribjen kantet it Ferset him tsjin oan, in organisaasje dy't oanfierd wurdt troch Leia.

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) binne Han en Leia noch wol troud, mar se binne faninoar ferfrjemde rekke nei't harren soan Ben ûnder de namme Kylo Ren oerrûn is nei de Earste Oarder. Foar de foarfallen yn 'e film wiene Han en Chewbacca de Millennium Falcon kwytrekke oan piraten, mar se spoare it skip op om it werom te krijen. Op dat stuit wurdt it krekt op 'e nij stellen, diskear troch de rommelsykster Rey, de eardere stoarmtroeper Finn en de androïde BB-8. Han en Chewbacca jouwe har by harren en bringe har yn kontakt mei it Ferset. Neitiid ûntjout Han him ta in mentor en in heitefiguer foar Rey. As se finzen nommen wurdt troch de Earste Oarder, giet mei er mei Chewbacca en Finn op in misje nei in basis fan 'e fijân om har te befrijen. Wylst se dêr binne, sjocht er syn soan Kylo, dy't er oansprekt en besiket oer te heljen om mei werom te gean en him wer by it Ferset te jaan. Kylo fertelt syn heit dat er wol wit wat er dwaan moatte soe, mar dat er dêr de krêft net ta hat. Hy freget Han om him te helpen, mar as dy dêrmei ynstimt, stekt Kylo him dea mei syn ljochtsabel yn in gefal fan patriside.

Alden Ehrenreich spile Han Solo yn Solo: A Star Wars Story.

Solo: A Star Wars Story

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spin-off-film Solo: A Star Wars Story (2018) spilet tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. De jonge Han Solo (spile troch Alden Ehrenreich), in ynfanterist yn 'e kriichsmacht fan it Galaktysk Keizerryk, jout him by in kriminele binde dy't ûnder lieding stiet fan Tobias Beckett. Fia Beckett rekket Han befreone mei in Wookiee dy't Chewbacca hjit, en ek komt er yn kontakt mei Qi'ra, in freondinne út syn bernetiid, en mei de smokkelder Lando Calrissian. Mei-inoar sette se útein mei in riskant plan om ûnraffinearre 'coaxium', in fossile brânstof, te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel.

Han Solo (spile troch Harrison Ford) hie ek in wichtige rol yn 'e Star Wars Holiday Special (1978), wêryn't er syn maat Chewbacca helpt om op 'e tiid werom te kearen nei Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, om in hjeldei te fieren dy't 'Libbensdei' hjit. De tillefyzjespecial omfettet ek in animearre segmint, wêryn't Ford stim jout oan in animearre foarm fan Han Solo.

Fierders ferskynt Han Solo ek yn 'e ôflevering Tracker Trouble (2017) fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny, dêr't er ynsprutsen waard troch Kiff VandenHeuvel.

Star Wars Legends

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hinne groeide in hiele universum fan literatuer en fideospultsjes wêryn't de ferhalen fan Han Solo en de oare haadpersoanen fierder útwurke waarden nei de oerwinning yn 'e Slach om Endor oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company, waard it meastepart fan dy oanfoljende ferhalen út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhalen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.

Brian Daley publisearre yn 1979 en 1980 in trilogy wêryn't er de smokkelaventoeren fan Han en Chewbacca foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope beskreau, mei as titel The Han Solo Adventures. Yn The Han Solo Trilogy (1997-1998) waard it eftergrûnferhaal fan Han mear yn detail beskreaun troch Ann C. Cripin. Dêryn is te lêzen hoe't er him omheech klaut fan bidler fia bûsehifker nei piloat. Hy jout him by de Keizerlike Striidkrêften, mar wurdt dêr wer út smiten as er wegeret in befel op te folgjen om in finzen nommen Wookiee dy't Chewbacca hjit, te strûpen foar syn pels om't er in skipslading Wookiee-bern stellen hat dy't as slaven ferhannele wurde soene. Neitiid swart Chewbacca in 'libbensskuld' oan Han, en mei syn beiden begjinne se in nij bestean as smokkelders, wylst Han ek aktyf is as gokker. By in kaartspul wint er op dy manear de Millennium Falcon fan Lando Calrissian.

Yn 'e roman The Courtship of Princess Leia (1994), fan Dave Wolverton, nimt Leia yn omtinken om út praktyske redens te trouwen mei de smoarrike prins Isolder fan 'e machtige planeet Hapes, mar op 't langelêst sjocht se dêrfan ôf en kiest se foar Han Solo. En Yn 'e Thrawn Trilogy (1991-1993) fan Timothy Zahn, is Leia troud mei Han en befalt fan in twilling, Jaina en Jacen. Yn 'e roman Vector Prime (1999), fan R.A. Salvatore, dy't ta de romansearje The New Jedi Order (1999-2003) heart, komt Chewbacca om wylst er it libben rêdt fan Anakin, de jongste soan fan Han en Leia. Neitiid rekket Han yn in djippe depresje. Yn in folgjend diel, Star by Star (2001) komt Anakin dochs ek noch om, wat de Han syn sitewaasje noch oanboazje lit. Uteinlik wit er him lykwols mei syn ferliezen te fermoedsoenjen.

Yn 'e romansearje Legacy of the Force (2006-2008) falt Jacen, de soan fan Han en Leia, ta proai oan 'e tsjustere kant fan de Krêft en stoart it Stjerrestelsel yn in nije boargeroarloch. Nei't Jacen troch syn suster Jaina ombrocht is yn 'e roman Invicible (2008) fan Troy Denning, nimme Han en Leia harren pakesizzer Allana, de dochter fan Jacen, as bern oan.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Harrison Ford
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Harrison Ford
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story Alden Ehrenreich
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker n.f.t. (personaazje ûntbrekt)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono