Springe nei ynhâld

Allingawier

Ut Wikipedy
Allingawier
Flagge fan Allingawier Wapen fan Allingawier
Flagge Wapen
Lokaasje fan Allingawier
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 81
Webstee http://www.allingawier.com
Allingawier fanút it súdwesten (2007)
Alde smidte (2007)
Allingastate (2008)

Allingawier is in lyts terpdoarpke yn de gemeente Súdwest-Fryslân op e râne fan de Makkumer Mar Polder. Oant 2011 lei Allingawier yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Der rint in egale bakstiennen strjitte troch it doarp. Nei it westen leit Skuzum en nei it easten Eksmoarre, te berikken oer de Van Panhuyskanaal brêge. Der wenje 80 minsken (2006), 13 yn de buorren en 67 yn it bûtengebiet. Yn de buert lizze de buorskippen Fjouwerhuzen en Jackle-set.

Allingawier (earder: Allingwere) lei al yn de Midsiuwen op in terp tusken de Warkumermar en de Makkumermar. Dy marren wienen troch in sleat meiïnoar ferbûn.
Om 1450 moat Fetkeaper Jackle Feddes hjir op in soarte bolwurk wenne ha.
Yn de 18e iuw hie Allingawier oant 1796 in skoalle, dêrnei hie it doarp in mienskiplike skoalle mei Eksmoarre. De drûchlizzing fan de Warkumer en Makkumer Mar yn 1879 betsjutte de ein fan de fiskerij.

Doarpswapen en flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Befrijing yn 1955 betocht waard, krigen alle 27 doarpen fan Wûnseradiel in eigen flagge. De flagge fan Allingawier bestiet út in blau fjild mei yn de midden in smelle wite bân. De bân jout de dieling fan de âlde gritenij oan yn Wûnseradiel-binnendyks en Wûnseradiel- bûtendyks. De kleuren fan flaggen binne faaks ûntliend oan de wapens fan edele slachten.

Yn it wapen falt de kowekop op. Yn sulver stiet der in swarte oansjende koweholle op mei in wyt plak op de foarholle en in reade tonge, en ek trije pompeblêden. It is in ferwizing nei de "Izeren Ko" dy't nei de oergong nei de Reformaasje noch yn de pastorije wie en ûnder oare by begraffenissen in rituele betsjutting hie. De ko ferwiist ek nei de feehâlderij yn dit gebiet. De pompeblêden ha te krijen mei de eardere marren om Allingawier.

  • De Herfoarme tsjerke mei in stompe toer út 1635 en in tsjerkhôf. Yn 1783 waard de tsjerke ferlytse. De klok (1599) is yn de oarloch meinommen troch de Dútsers, mar is yn 1945 weromkomd.
  • Griffermearde Tsjerkje op 'e westerske râne fan it doarp
  • Allingastate leit krekt bûten Allingawier. Hy is boud troch Yde Schakel, de grûnlizzer fan de museumrûte Aldfaers Erf. Allingawier is in wichtige skeakel yn de Aldfaers Erf rûte. Der binne prachtige gebouwen oerbleaun út de 18e iuw, no wer moai yn styl opboud. Ald ark en masines steane dêr binnen en bûten te pronk yn âlde pracht.
  • Ek is der De Izeren Ko te sjen, in pealtsjasker út 1970.
  • Besuden Goattum yn Boarnsterhim komt de hûsname Allingawier foar, dy't ek op de kaart fan Wopke Eekhoff út de 19e iuw neamd wurdt.

Bonjeterperwei, Fjouwerhuzen, Kanaalwei, Marwei, Tsjerkebuert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje