Springe nei ynhâld

De Izeren Ko

Ut Wikipedy
De Izeren Ko
mûne / mole
De restaurearre tsjasker (2025) yn Marsum, dêr't er wachtet op in nije lokaasje.
De restaurearre tsjasker (2025) yn Marsum, dêr't er wachtet op in nije lokaasje.
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Allingawier
adresTsjerkebuorren
koördinaten53°12' N 5°43' E
bysûnderheden
type mûnetsjasker
funksjepoldermûne
boujier1972
sloopjiernei 2019
Kaart
De Izeren Ko (Waadhoeke)
De Izeren Ko

De Izeren Ko wie in poldermole yn Allingawier yn 'e gemeente Wûnseradiel.

De Izeren Ko is in pealtsjasker út 1972 en foarme ûnderdiel fan 'e Aldfaers Erf rûte, in kultuerhistoaryske museumrûte troch de doarpen Allingawier, Eksmoarre en Piaam.

De Izeren Ko yn Allingawier (2010).

De mole, dy't dêre mealree yn sirkwy wie, fungearre as demonstraasjemole by in pleats mei deselde namme yn it museumdoarp Allingawier. De Izeren Ko wie te besichtigjen as it museum iepen is. De mole mei in flecht fan 5,45 m. waard yn 2008 restaurearre en krige neitiid in nij plak om 't de mûne op it âlde plak te min wyn fong.

Yn ferbân mei de opheffing fan it iepenloftmuseum en de ferkeap fan it lân dêr't it mûntsje op stie, moast de mûne dêrwei. Yntusken wie ek de steat fan 'e tsjasker min.

De mûne foel yn hannen fan Johannes Rozenga út Aldebiltsyl en waard yn in loads yn Marsum opslein. Dêr waard de mûne troch Johannes Rozenga en Arend Castelein út Marsum restaurearre, itjinge op 'e wjukken nei nijbou betsjutte.

Yn 2025 stie de mûne noch yn Marsum op it plak dêr't er restaurearre is.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: