Springe nei ynhâld

Aldfaers Erf

Ut Wikipedy
It Fryske Museumdoarp Aldfaers Erf
  museum
De smidderij yn Allingawier
De smidderij yn Allingawier
Lokaasje
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Allingawier
adresMarwei 4
koördinaten53° 3' NB, 5° 27' EL
Algemiene gegevens
typekultuerhistoarysk
oprjochting15 maaie1977
oprjochterYde Schakel
Kaart
Aldfaers Erf (Súdwest-Fryslân)
Aldfaers Erf

De Aldfaers Erf wie in museum yn it Fryske doarp Allingawier yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Yn it iepenloftmuseum wie te sjen hoe't minsken sa om-ende-by 1900 op it Fryske plattelân libben. It museumdoarp wie in reorganisaasje fan 'e eardere Aldfaers Erfrûte, in museumrûte troch fjouwer doarpen, Allingawier, Eksmoarre, Ferwâlde en Piaam, yn de trijehoeke Boalsert, Makkum en Warkum.

Inisjatyfnimmer fan it projekt wie Yde Schakel dy't yn 1968 in winkeltsje ta museum makke yn Eksmoarre. Sûnt 1977 is de museumrûte fan hast 20 km yn hannen fan in stifting.

Yn 'e rûte wiene opnommen:

  • It museumdoarp Allingawier, mei yn de pleats 'De Izeren Ko' in tentoanstelling mei ûlebuorden. Fierders waard der omtinken jûn oan drabbelkoeken, in skilderswinkel en in brânwarhûs mei spuit út 1850. Ek is der in smidte yn de eksposysjetsjerke
  • Yn Eksmoarre stiet in âlde doarpsskoalle, in grutterswinkeltsje, in skuonmakkerswurkplak en 'Age's húske'
  • It natuerhistoarysk fûgelmuseum yn Piaam
  • It timmerwurkplak yn Ferwâlde.

It timmerwurkplak sleat yn 2005 en it fûgelmuseum yn 2010. Dêrnei waard de rûte reorganisearre ta it Fryske Museumdoarp Aldfaers Erf. Troch it ynlûken fan subsydzje troch de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân kaam it projekt faai te stean.[1]

It museumdoarp gie dêrnei ticht en waard yn 2023 ferkocht.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sluiting Fries Museumdorp (Aldfaers Erf) dreigt na koerswijziging. Fries Nieuws (11 july 2018). Oproppen op 2 febrewaris 20262 febrewaris 2026.
  2. Grut part museumdoarp stiet te keap: "Reaksjes binne oerweldigjend". Omrop Fryslân (27 febrewaris 2024). Oproppen op 2 febrewaris 20262 febrewaris 2026.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aldfaers Erf fan Wikimedia Commons.