Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Allingawier

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Allingawier
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Allingawier
adres Tsjerkebuorren 23
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1635
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39320

De Tsjerke fan Allingawier is de eardere herfoarme tsjerke fan Allingawier en makket diel út fan de Aldfaers Erf-rûte. It gebou wurdt sûnt 1984 net mear troch de tsjerklike gemeente brûkt. Dielnimmers oan de rûte krije yn de tsjerke in klankbyldpresintaasje oer it Skeppingsferhaal. Dêrnjonken wurdt it tsjerkegebou brûkt foar rou- en troutsjinsten. Oan de súdlike kant fan it doarp stiet noch de eardere grifformearde tsjerke, dy't earst tsjinst die as Wurd- en Byldtsjerke en no ûnderdak jout oan ekposysjes.

De herfoarme tsjerke fan Allingawier waard yn 1635 boud op it plak fan in midsiuwske foargonger. Oan de eastlike kant fan de tsjerke binne yn 1970 spoaren fûn fan tufstiennen fûneminten. Nei alle gedachten lei de westlike gevel van de tsjerke ûnder it hjoeddeiske tsjerkegebou. De âldste skriftlike boarne fan de tsjerke datearret út 1545, doe't it reiten tek fan de tsjerke ferfongen waard troch laai, mar op de terp fan Allingawier stiet al sûnt ± 1000 in tsjerke.

Mei de reformaasje waard de doarpspastoar ferballe en ferfongen troch in dûmny, dy't dield waard mei Eksmoarre. Fanwegen it isolearre karakter fan de streek bleaune der lykwols noch in soad minsken trou oan it katolike leauwen en yn 1611 waarden der op ljochtskyndei noch katolike bern doopt. It dielen fan in dûmny mei Eksmoarre is altiten sa bleaun.

Nei de sloop fan de midsiuwske tsjerke waard op 3 july 1634 troch Jelle Tjercks Broersma de earste stien lein foar de tsjintwurdige tsjerke. Yn de jierren 1783-1788 waard de tsjerke oan de kant fan it koer koarter makke.

Om't de grifformearden en herfoarmen fan Allingawier, Eksmoarre en Gaast yn 1985 in federatyf ferbân oangyngen, waard de herfoarme tsjerke fan Allingawier oerstallich en troch de gemeente ôfstjitten. Noch foar de oerdracht oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken waard de tsjerke yn it ein fan de jierren 1970 restaurearre.

Mei it ynkoartsjen fan it koer oan it ein fan de 18e iuw krige de tsjerke ek in nije preekstoel. It doophek is nei alle gedachten alle gedachten âlder en soe út de boutiid fan de tsjerke stamme. In gevelstien yn de toer betinkt de bou fan de tsjerke.

De westlike oargelgalerij waard oan it begjin fan de 20e iuw boud. In echt piipoargel hat de tsjerke lykwols nea hân. Achter it skynfront fan it oargel stiet in harmoanium.

Ut de midsiuwske tsjerke stamt de klok mei in diameter fan 108 sintimeter, dy't yn 1599 troch Henrick Hegewaert yn Kampen getten waard. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere, mar yn 1945 werom fûn. It oerwurk fan de toer is meganysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: