Springe nei ynhâld

Tersoal

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 mai 2023 om 09.12 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Deade keppeling om utens ferwidere.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tersoal
Buorren
Buorren
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 345 (2022) [1]
Oerflak 4,63 km, werfan:
- lân: 4,45 km²
- wetter 0,18 km²
Befolkingsticht. 78 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 4' N 5° 44' E
Offisjele webside
FB-side
Kaart
Tersoal (Fryslân)
Tersoal

Tersoal is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit yn 'e De Legeaën oan 'e Snitser Aldfeart tusken Poppenwier en Sibrandabuorren en west fan Jirnsum.

Westlik fan it doarp leit de buorskip Westerein en súdlik de tige lytse buorskippen Grutte en Lytse Wierren.

It doarp waard by de wijing fan de tsjerke yn 1335 Zole neamd (Latynske fariant: Solis). Yn 1467 waard it doarp ter Soel neamd, yn 1523 allinne as Soel. De namme waard yn 1543 as ter Sool (ter Zool) stavere mar op kaart kaam de namme Soel foar. It duorre oant yn de 19e iuw dat ter in fêst ûnderdiel fan de namme waard en sûnt 1849 waard de namme konsekwint Terzool. Mei it plaknammebeslút fan de eardere gemeente Boarnsterhim waard yn 1989 de Fryske fariant as offisjele namme ynfierd. Soal ferwiist nei in wetter, mooglik de Snitser Aldfeart.[2]

It doarp ûnstie út lytse buorrens lykas it eardere buorskip Suderbuorren, dy't yn de rin fan de tiid nei inoar ta groeiden. Eartiids lei Tersoal frijwat isolearre en it doarp wie allinnich oer wetter en paden te berikken. Pas yn 1866 kaam dêr mei de oanlis fan in grintwei feroaring yn. It grutte tal fearten en sletten joech Tersoal eartiids de bynamme Lyts Feneesje en waard troch de boeren brûkt om mei preamen it fee te ferweidzjen. Dwers troch it doarp lei de feart dy't fierder nei it easten en it suden ta rûn. De feart nei it suden (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei) waard yn de 20e iuw hielendal tichtsmiten. Fan it eastlike stik bleau noch in diel fan de sleat oer.[3]

Pleats op it plak fan de eardere Itsma State

Tersoal hat in pear states hân, dêr't lykwols net in soad bekend oer is. Grut Wigara en Itsma- of Albada State wiene oarspronklik stinzen. Nei alle gedachten waard Grut Wigara al yn 1515 ôfbrutsen en Itsma State wie yn de 16e iuw al net mear as in sate. De stinsterp fan Grut Wigara waard yn 1857 ôfgroeven. De dêrby opdolle stiennen binne brûkt foar it ferhurdzjen fan de dyk. De yn 1605 noch neamde stinswier fan Itsma State stie al yn 1718 net mear op de kaart. Op beide plakken steane hjoed-de-dei pleatsen.[4][5] Krekt eastlik fan Itsma State lei oan it Westerein Haxma State. Of dy state earder in stins west hat is net wis; it wie yn 1718 al in pleats dy't tusken 1865 en 1930 ôfbrutsen is. De terp waard ôfgroeven en wol sa goed, dat it terrein noch jimmeroan in kûle foarmet.[6] Noardlik fan Itsma State stie De Boarch, yn 1511 as op den Burch neamd. Fan dy state is neat werom te finen.[7]

Fitustsjerke

De 14e-iuwske oan Sint-Fitus wijde tsjerke waard yn de 19e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou dy't likernôch acht meter koarter waard as de oarspronklike tsjerke. De toer fan de tsjerke is 15e-iuwsk. De PKN-gemeente De Lege Geaën hat yn 2017 de Fitustsjerke oerdroegen oan in stifting, dy't de tsjerke foar kulturele aktiviteiten brûkt. Ut en troch wurde der ek spesjale tsjinsten holden.

Op 11 augustus 1889 waard de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan Sibrandabuorren stifte. De tsjerke kaam tusken Sibrandabuorren en Tersoal yn 'e eartiidske buorskip Suderbuorren te stean, dat formeel by Tersoal heart. Yn 1962 waard de gemeente omdoopt ta Grifformearde Tsjerke fan Tersoal.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Boarnsterhim en foar de weryndieling fan 1984 hearde it sûnt minskewitten ta Raerderhim, dat neamd wie nei ien fan 'e Fryske Himpolders fan 'e âlde Middelsee.

De Tuolle

Doarpshûs De Tuolle stiet oan it Komelkerspaad. De Tersoalster Courant is de doarpskrante. 'Fan Feest Wis' is de feestkommisje fan Tersoal en Sibrandabuorren. 'Los fan 'e man' is in âlde tradysje dat froulju fan de Legegeaën ienris yn 't jier meiïnoar te flutterjen geane. It is gjin offisjele feriening, inkeld de namme bestiet.

Tersoal, it Westerein mei de eardere grifformearde tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Fitustsjerke (Tersoal).
De Wikipedy hat ek in side Westereintsjerke.

By de PKN-gemeente De Lege Geaën binne Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Offenwier en Goaijingea oansletten. De gemeente makket wikseljend gebrûk fan de doarpstsjerken. De Tersoalster Fitustsjerke is oerdroegen oan in stifting en wurdt allinne noch brûkt foar spesjale tsjinsten en kulturele aktiviteiten.

De kristlik-nasjonale basisskoalle 'De Reinbôge' waard yn 2018 sletten. Om't der te min learlingen wiene, moast dy fusearje mei de basisskoallen fan 'e buordoarpen Gau en Sibrandabuorren. Foar de trije doarpen waard yn 2022 de nije Mienskipsskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren iepene.

Tolhúspleats
Aaisikersmonumint (detail)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999 2002 2005
Ynwenners 235 463 362 317 250 229 313 319 339
Jier 2006 2009 2012 2018 2020 2022
Ynwenners 357 353 359 355 350 345

Alle jierren wurdt it kampioenskip Preamkeskowe holden. Der moat dan tolve kilometer boomd wurde mei in pream, neffens foarskrift yn tradisjonele boereklean. Der moat ek molkbussen meinommen wurde en eltse pream hat de Preamkeninginne fan it eigen doarp út de Legeaën oan board. De Sulveren Pream is foar de winners.

Durk Dykstrastrjitte
  • Adam en Atzestrjitte - nijboustrjitte út begjin 21e iuw, oan de noardkante fan it doarp. Neamd nei de Iisklub Adam en Atze, dy't sels wer neamd is nei de reedriders Adam Hurdrider en Atze ....
  • Buorren
  • Bûtlânswei - ruilferkavelingsdyk tusken Jirnsum en (oergeand yn de Koaiwei) Offenwier, neamd nei de bûtlannen (healannen) yn it súdlike part fan de Legeaën.
  • De Greide - nijboustrjitte út it begjin fan 'e 21e iuw, dy't oanslút op it Suderom.
  • Durk Dijkstrastrjitte - de dempte eardere doarpsfeart of buorrefeart. Neamd nei Durk Dijkstra, grienteman yn Tersoal. Hy siet yn it ferset. By him thús wie distriktsoperaasjelieder Herre Winia ûnderdûkt. Pieter Wijbenga (Bezettingstijd in Friesland, diel 3) beskriuwt de arrestaasje fan Dijkstra en Winia.
  • Grienedyk
  • It Pounsmiet (offisjeel yn âlde stavering) - nijboustrjitte út de jierren 1980 en 1990. In pûnsmiet is in âlde lânmjitte. Eartiids wie It Pounsmiet de namme fan it buertsje eastlik fan de doarpsfeart (dy't yn de jierren '60 tichtsmiten waard).
  • Koumelkerspaed (offisjeel yn âlde stavering) - paad by de tsjerke en de âld skoalle del, yn it âldste part fan de doarpskom, neamd nei de komelkers (lytse feehâlders) dy't der eartiids in soad yn Tersoal wennen.
  • Suderom - nijboustrjitte út de jierren 1960 en 1970, súdeastlik fan de Buorren.
  • Westerein - streek westlik fan de doarpskom, de kant fan Sibrandabuorren út.
  • Wiersterwei - ruilferkavelingsdyk nei de Grutte en Lytse Wierren, buorskippen súdlik fan it doarp. De Wiersterwei folget foar it grutste part it trasee fan de eardere doarpsfeart.
  • Henk Looijenga - Tersoal, dorp in de Legeaën (útjefte fan Doarpsbelang)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje