Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2012

Ut Wikipedy

Siden fan de wike yn 2012[boarne bewurkje]

Wike 1

De Slach by Nijpoart (1600)
De Slach by Nijpoart (1600)

De Tachtichjierrige Oarloch is de namme foar de striid yn de Nederlannen tsjin de Spaanske oerhearsking (1568-1648). Yn de oarloch waard de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen in wrâldmacht, fral troch de seefeart. It begjin fan de oarloch wurdt rekkene fan de slach by Heiligerlee ôf op 23 maaie 1568 en gie - mei in ûnderbrekking fan 1609 oant 1621 (it tolvejierrich bestân) - troch oant de Frede fan Münster op 30 jannewaris 1648.

Lês fierder


besjen


Wike 2

De flagge fan Sry Lanka
De flagge fan Sry Lanka

Sry Lanka is in republyk op it eilân mei deselde namme yn de Yndyske Oseaan. Oant 1948 wie it in Britske koloanje, en oant 1948 waard it Seylon neamd. It bestjoerlik en saaklik sintrum is Kolombo mar it parlemint sit yn Kotte. It eilân waard yn de lêste desennia fan de 20e iuw ferskuord troch geweld tusken de Tamil-tigers en de regearing. Yn 2002 waard in wapenstilstân sletten.

Lês fierder


besjen


Wike 3

Willem Drees
Willem Drees

Willem Drees (1886 - 1988) wie in Nederlânsk minister-presidint fan de PvdA. Hy kin beskôge wurde as ien fan de wichtichste politisy fan nei de oarloch. Under syn lieding hat sawol de dekoloanisaasje fan Nederlânsk-Ynje as de weropbou fan Nederlân west. Drees wie in sosjaaldemokraat mar wol pragmatysk ynsteld , “net alles kin, en seker net alles tagelyk”, is in útspraak fan him.

Yn 1904 waard Drees lid fan de SDAP, dy't yn 1946 opgie yn de PvdA. Yn 1933 kaam Drees foar de SDAP yn de Twadde Keamer. Yn de jierren 1948-1958 wie Drees yn fjouwer ferskillende kabinetten minister-presidint fan Nederlân.

Lês fierder


besjen


Wike 4

Dekemastate
Dekemastate

Dekemastate is in state yn Jelsum. De state stammet út it begjin fan de 15e iuw en hat troch ferskillende famyljes bewenne west. It is ferneamd nei de famylje Dekema. De lêste famylje dy't der wenne wie de famylje Van Wageningen, sy hâlden dêr ta fan 1791 oant 1996. Tsjintwurdich is it stee yn besit fan in stifting dy't de state iepensteld hawwe as museum.

Lês fierder


besjen


Wike 5

Midsimmer
Midsimmer

De sinnekear is it barren, dêr't de sinne, fan de ierde ôf sjoen, syn noardlikste of súdlikste plak berikt. De sinnekear dy't op it noardlik healrûn op de langste dei fan it jier falt (om-ende-by 21 juny) wurdt de simmerkear of midsimmer neamd. As dy op de koarste dei fan it jier falt (om-ende-by 22 desimber) is dat de winterkear of midwinter. It mulpunt tusken beide sinnekearen wurdt berikt as de sinne krekt boppe de evener stiet. Op dat stuit is sprake fan in evennacht. Dei en nacht binne dan oeral op ierde like lang.

Lês fierder


besjen


Wike 6

Amerikaanske soldaten yn aksje
Amerikaanske soldaten yn aksje

De Fietnamkriich of Fietnamoarloch, wie in wapene konflikt yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich. It konflikt spile yn Fietnam, Laos, en Kambodja fan 26 septimber 1959 ôf oant 30 april 1975. De kriich waard útfjochte troch it kommunistyske Noard-Fietnam, stipe troch har kommunistyske bûnsmaten, en de regearing fan Súd-Fietnam, stipe troch de Feriene Steaten en oare anti-kommunistyske naasjes. De Fietnamkriich wie de earste kriich dy't op de tillefyzje te sjen wie. It wie ek de earste kriich dêr't oer de hiele wrâld manmachtich tsjin protestearre waard.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

sjinto-offer yn Japan
sjinto-offer yn Japan

Animisme is it leauwen yn sielen en geasten. It komt net allinnich foar by natoerreligys, want it spilet ek in rol yn bygelyks it Kristendom, it Hindoeïsme en it Boedisme. Lykwols is it animisme by de natoerreligys folle fierder trochfierd; sa leaut men bygelyks faak dat net allinne minsken, mar ek bisten, planten en libbenleaze dingen lykas stiennen, wetter, fjoer, wyn en rein, in siel of geast hawwe. Sokke geasten wurde natoergeasten neamd. ...

Lês fierder


besjen


Wike 8

De Wetterpoarte
De Wetterpoarte

Snits is ien fan de Alve Stêden, de stêd leit yn Súdwest-Fryslân tichtby de Snitser Mar en is bekend troch syn grêftsjes, de Snitser Wetterpoarte (symboal fan de stêd) en de wettersport (Snitswike). Der wenje sa'n 33.000 minsken en de stêd hat in sintrumfunksje foar súdwest-Fryslân (de Súdwesthoeke).

Snits is ûntstien dêr't de farwei (yn âlde dokuminten Magna Fossa, Grut Kanaal, neamd) nei it noarden de súdlike dyk fan de Himpolder Skerhim krúst. De farwei nei it noarden (Geau, Snitser Aldfeart) wie needsaaklik wurden omdat de Middelsee troch tichtslykjen ferlern gien wie. De âlde himdyk komt Snits oan de westkante binnen as Himdyk, wurdt dêrnei de Alde Dyk en rint dan fierder as de Wide en Nauwe Noarderhoarnes.

Lês fierder


besjen


Wike 9

Konstantyn de Grutte
Konstantyn de Grutte

Konstantyn de Grutte272 - 337), wie Romeinske keizer. Hy is fral bekend wurden as de earste keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it Kristendom, want troch it ûndertekenjen fan it edikt fan Milaan makke hy foar altyd in ein oan de Kristenferfolgingen yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd Byzantium, dat hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme Konstantinopel, weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.

Lês fierder


besjen


Wike 10

New York City is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika en leit yn de steat New York. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal goede museums, galeryën, poadiums, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York City, njonken, Londen, Parys en Tokio, ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld...

Lês fierder


besjen


Wike 11

Loftfoto fan it Olympysk stadion
Loftfoto fan it Olympysk stadion

De Olympyske Simmerspullen 1928, offisjeel de Spullen fan de IXe Olympiade, wiene de achtste Spullen yn de rige fan de moderne Olympyske Spullen. De Spullen waarden organisearre yn Amsterdam, Nederlân. De Olympyske Spullen fan 1928 wienen de earste Spullen dêr't De Coubertin net foarsitter fan wie. De Coubertin hie yn 1925 it foarsitterskip oan de Belch ....

Lês fierder


besjen


Wike 12

Krante mei bylagen.
Krante mei bylagen.

De Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant; gauris ôfkoarte ta LC) waard oprjochte yn 1752 en is dêrmei de âldste ûnder deselde namme ferskinende krante fan Nederlân. It is no noch altyd de grutste krante fan Fryslân mei in oplaach fan likernôch 96.000. De Ljouwerter Krante wurdt útjûn troch de NDC Mediagroep. Op it stuit wurdt de haadredaksje foarme troch Hans Snijder en Bert de Jong.

Lês fierder


besjen


Wike 13

Dútske mystika Hildegard fan Bingen
Dútske mystika Hildegard fan Bingen

Mystyk hâldt meastentiids yn: 'heimsinnich, ferburgen of riedseleftich', mar kin ek in oare mear djippere betsjutting hawwe en hat dan mear te krijen mei belibjen of stribjen nei ienheid mei God, troch fuortendaliks ûnderfinen, yntuysje, of ynsjoch. Yn dizze lêste betsjutting wurdt de niget ta mystyk ek wol oantsjutten as mystisisme. Mystike ûnderfinings hawwe mien, dat de eigen persoanlikheid min ofte mear ferdwynt en de wrâld as ien gehiel ûnderfûn wurdt. De mystikus besiket himsels te ferienigjen mei it Alwêzen, dêr't er him as it wiere mei oer in grins hinne stekt fan it gewoane waarnimmen of bewust wêzen.

Lês fierder


besjen


Wike 14

Samûray fan de Satsuma-Klan, sa. 1868-1869
Samûray fan de Satsuma-Klan, sa. 1868-1869

De skiednis fan Japan is foar in grut part beynfloede troch har geografyske lizzing westlik fan Aazje dêr't it fan skieden waard troch de see. Dat isolemint bepaalt ek it karakter fan de Japanner dy't gjin kennis nimme koe fan lannen om him hinne. Aziatyske ferwurvenheden as religy, keunst en wittenskippen soenen pas iuwen letter Japan ynkringe. It begjin fan de Japanske skiednis leit yn it tiidrek fan it saneamde Paleolitikum (âlde stientiid) en set útein tusken 100.000 f.Kr. oant 30.000 f.Kr., wannear't it earste stienen ark fûn wurdt, en einiget om-ende-by 12.000 f.Kr., op de ein fan de iistiid dat oerienkomt mei it begjin fan it Mesolityske Jomontiidrek.

Lês mear ...


besjen


Wike 15

Edgar Allan Poe (18091849) wie in Amerikaansk skriuwer en dichter. Hy wurke ek as literêr kritikus en redakteur en wie ien fan de grûnlizzers fan de detektiveroman. Hy waard ferneamd om syn mysterieuze en makabere ferhalen en wie de earste bekende Amerikaanske auteur dy't besocht hat allinne fan de skriuwerij te libjen; wat in jildlike krapte en in soad oare swierrichheden yn syn libben fan gefolgen hie.

Edgar Poe waard berne as soan fan reizgjende akteurs, ...

Lês fierder


besjen


Wike 16

De Fryske partisipaasje oan de krústochten begjint al mei de earste krústocht. Fryske krúsfarders hawwe oan alle grutte krústochten en de Reconquista meidien. By de fyfte krústocht hienen de Friezen súkses mei de oanfal op de toer fan Damiate yn it hjoeddeiske Egypte. By de achtste krústocht hawwe Friezen meidien oan de oanfal op Tunis. ...

Lês fierder


besjen


Wike 17

De Goesearn (Haliaeetus albicilla) is in grutte rôffûgel út de famylje fan de Haukeftigen en is ien fan de grutste rôffûgels yn Jeropa. De Goesearn falt op troch syn giele snaffel dy't yn ferhâlding mei oare rôffûgels hiel grut is. De fearren fan de Goesearn binne foar it grutste part brún. Op de kop, rêch en boarst binne de fearren wat ljochter. In Goesearn is tusken de 74 en 92 sm. grut en de wjukspanwiidte leit tusken de 193 en 244 sm. De wyfkes binne mei in gewicht tusken de 3,7 en 6,9 kilogram wat swierder as de mantsjes dy't tusken de 3,1 oant 5,4 kilogram wage.

De Goesearn komt foar yn gebieten mei in protte wetter fan Grienlân ...

Lês fierder


besjen


Wike 18

Sintrale apteek (Ljouwert)
Sintrale apteek (Ljouwert)

Jugendstil ('Jeugdstyl') of Art Nouveau ('Nije Keunst') is de oantsjutting fan in ynternasjonale keunststreaming dy't tusken sa'n 1880 en 1914, mei in hichtepunt tusken 1890 en 1905, yn grutte parten fan Europa (fan Moskou oant Madrid) populêr wie, fral as reaksje op it de foarmferdizening fan it ympresjonisme. De jugendstil oppenearre him foaral yn gebrûksfoarwerpen, de arsjitektuer en de skilderkeunst, mar ek bygelyks yn de typografy. De bloeitiid fan de streaming wie koart mar fûleindich. Yn West-Europa wie de styl yn 1910 al ferline tiid, yn it easten koe se wat langer duorje.

Lês fierder


besjen


Wike 19

Augustinus ek wol Augustinus fan Hippo neamd, (354 - 430) wie in grut teolooch út de 5e iuw. Hy hat mei syn opfettings oer God, de minsk en de genede syn stimpel op wrâldskiednis drukt en wurdt beskôge as ien fan de Tsjerkfâden. Nei syn dea waard er hillich ferklearre.

Augustinus kaam op'e wrâld en stoar yn Thagaste (Souk-Ahras), yn de doetiidske Romeinske provinsje Afrika tsjintwurdich noardeast Algerije en noard-Tuneesje. Noard-Afrika yn de 3e en 4e iuw, wie mei Turkije, Syprus, Kreta en Egypte, ien fan de gebieten dêr't it Kristendom it sterkst woartele wie ...

Lês fierder


besjen


Wike 20

Laaksum oan de dykside
Laaksum oan de dykside

Op 10 juny 1498 wie de Slach by Laaksum tusken it leger fan de Saksyske hartoch Albrecht fan Saksen en in Fetkeapersk leger út de Sânwâlden. It leger fan de Saksyske hartoch waard oanfierd troch Wilwolt fan Schaumberch, de Wâldfriezen hienen gjin oanwiisbere lieder. It lytse leger fan Dútske hiersoldaten behelle mei stipe fan in pear hûndert Skieringer Friezen, de oerwinning op de grutte Fetkeaperske oermacht. Dy oerwinning wie beskiedend foar it einigjen fan in tiidrek, de Fryske frijheid en it ûntstean fan de Saksentiid.

Lês fierder...


besjen


Wike 21

Kolosseum by nacht
Kolosseum by nacht

It Flavysk Amfiteater (Latyn: Amphitheatrum Flavium), better bekend as it Kolosseum, is boud yn de 1e iuw nei Kristus yn Rome en wie it grutste amfiteater yn it Romeinske Ryk. It amfiteater waard boud troch de saneamde Flavyske keizers. Nei de foltôging yn 80 waard it ynwijd troch keizer Titus. De spullen by de iepening duorren 100 dagen. De dichter Martialis wijde der in bondeltsje fan 33 epigrammen oan.

Lês mear ...


besjen


Wike 22

Mount Cook, de heechste berch fan Nij-Seelân.
Mount Cook, de heechste berch fan Nij-Seelân.

Nij-Seelân is in lân yn it súdwesten fan de Stille Oseaan. It bestiet út twa grutte eilannen en in oantal lytsere eilannen. Nij-Seelân is in parlemintêre monargy en is lid fan it Britsk Steatebûn mei Elizabeth II as keninginne. It is it lân dat it meast isolearre leit op de wrâld. It tichtsteby lizzende buorlân is Austraalje op om-ende-by 2.000 km ôfstân.

Lês fierder


besjen


Wike 23

Sign reading "For use by white persons. These public premises and the amenities thereof have been reserved for the exclusive use of white persons." with translation in Afrikaans.
In boerd ut de tiid fan Apartheid.

Apartheid wie it offisjele systeem fan rasseskieding dat tusken 1948 en 1990 yn Súd-Afrika en it hjoeddeiske Namybje bestien hat. It wurd apartheid komt út it Afrikaansk en is as lienwurd yn hast eltse oare taal sûnder oersetting oernaam. It earst waard it wurd brûkt yn 1919 (foar safier't wy witte), yn in taspraak fan Jan Smuts, de doetiidske earste minister fan Súd-Afrika.

Lês fierder


besjen


Wike 24

Mata Hari (1876 - 1917) is ien fan Fryslâns meast besprutsen dochters. Har namme is suver synonym foar seks en yntrige. Yn it tiidrek foar de Earste Wrâldkriich fierde sy triomfen yn Parys as neaken dûnseres en hie as courtisane relaasjes mei de hegerein. Op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers waard sy fusilearre. As Margaretha Geertruida Zelle waard se yn Ljouwert berne as dochter fan huoddemakker Adam Zelle en syn frou Antje van der Meulen ....

Lês Fierder


besjen


Wike 25

kryptogrammediagram
kryptogrammediagram

In kryptogram is in bysûndere foarm fan in krúswurdriedling. De omskriuwing fan yn te foljen wurden is op in kryptyske, ferburgen manier makke. Troch hjiroer nei te tinken en te assosjearjen kin men ta de oplossing komme. It earste Nederlânske kryptogram ferskynde nei alle gedachten yn it NRC fan 28 oktober 1950 fan de hân fan H.A. Scheltes. Sûnt 1982 ferskynde om de fjirtjin dagen in Frysk kryptogram yn de Ljouwerter Krante, letter ien kear yn de fjouwer wiken.

Lês fierder


besjen


Wike 26

De lannen dy't de euro brûke.
De lannen dy't de euro brûke.

De eurosône, ek wol eurogebiet, is de sammelnamme foar de 16 lannen fan de Jeropeeske Uny dy't de euro as wettich betelmiddel hawwe. De Jeropeeske Sintrale Bank is ferantwurdlik foar it monetêr belied binnen de eurosône. Op 1 jannewaris 2002 hawwe 12 lannen de euro ynfierd. Sûnt dy tiid binne der noch 5 bykaam. Op 1 jannewaris 2011 hat as lêste Estlân de euro as wettich betelmiddel yn gebrûk nommen.

Lês fierder


besjen


Wike 27

Kwin Shi Huang, de earste keizer
Kwin Shi Huang, de earste keizer

Kwin Shi Huangdy (259 f.Kr. – 210 f.Kr.), ek wol Kwin Sjy Hûangdy, wurdt wol de earste keizer fan Sina neamd. Hy feriene hiel Sina ta ien ryk en wie de stifter fan de Kwin-dynasty. Dy dynasty hie mar twa keizers. Neidat Kwin Shi Huangdi de oare stridende steaten ferovere hie en dêrmei Sina feriene, rôp er himsels yn it jier 221 f.Kr. út ta de Earste Keizer fan Sina.

Lês fierder


besjen


Wike 28

It gebou fan de admiraliteit yn Harns
It gebou fan de admiraliteit yn Harns

De Admiraliteit fan Fryslân wie ien fan de fiif Admiraliteiten yn de tiid fan Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen dy't as taak hienen it feilichstellen fan de seefeart. De Fryske Admiraliteit waard yn 1596 oprjochte troch de Steaten fan Fryslân en wie yn it earstoan fêstige yn Dokkum. Nei it tichtslykjen fan it Dokkumer Djip moast de admiraliteit yn 1645 nei Harns ta ferhúzje. Mei it begjin fan de Frânske tiid yn Fryslân yn 1795 waard it kolleezje opheft. Troch twa grutte brannen yn 1771 en 1844 is suver it hiele argyf fan de Fryske Admiraliteit ferneatige.

Lês fierder


besjen


Wike 29

Robert Falcon Scott
Robert Falcon Scott

Robert Falcon Scott wie in Britsk marineoffisier en ûntdekkingsreizger. Hy waard ferneamd troch syn twa ekspedysjes nei Antarktika. By de twadde ekspedysje is er om it libben kaam mei syn fjouwer selskipslju, troch in kombinaasje fan honger, ynein wêzen en ûnbidige kjeld, op de weromtocht fan de Súdpoal dy't er berikt hie op 17 jannewaris 1912, ien moanne nei Roald Amundsen.

Lês mear


besjen


Wike 30

Kaart fan Yndoneezje
Kaart fan Yndoneezje

Yndoneezje is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Jakarta en de presidint fan de republyk is sûnt 2004 Yudhoyono. It lân bestiet út mear as 13.600 eilannen dy't ferspraat lizze, oer in 5.000 km lang gebiet (de Gordel fan Smaragd), by de evener lâns. Om-ende-by de helte fan de eilannen wurdt bewenne. It klimaat is tropysk fochtich. De fiif grutste eilannen binne Java, Sumatra, Kalimantan, Nij-Guinea (dield mei Papoea Nij-Guinea), en Sulawesy. Eartiids wie it lân bedekt mei bosken en noch altyd is mear as helte fan alle oerflak mei ± 140 miljoen hektare reinwâld begroeid. Dêrmei is it op Brazylje nei it grutste fan de wrâld.

Lês fierder


besjen


Wike 31

Azteekske piramide yn Meksiko
Azteekske piramide yn Meksiko

De Azteken wienen in Meso-Amearikaanske beskaving dy't bestien hat tusken om-ende-by 1200 en 1520 yn it tsjintwurdige Meksiko. It sintrum fan harren beskaving wie fêstige yn de stêd Tenochtitlan, yn distiid Meksiko-stêd neamd. Nei alle gedachten stammen sy ôf fan de Tolteken. De Azteken wienen tige kriichshaftich en it is bekend dat sy minsken offeren. Dat offerjen fan minsken dienen sy, omdat sy derfan oertsjûge wienen dat oars de sinne net opkomme soe.

Lês fierder


besjen


Wike 32

De Snitswike is in evenemintewike dy't alle jierren op de earste freed fan augustus yn Snits hâlden wurdt. It is it grutste evenemint op de binnenwetters fan Jeropa en wurdt organisearre troch de Keninklike Wettersportferiening Snits. Yn dizze wike wurde alle dagen hurdsylwedstriden hâlden op de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. Tagelyk wurde ferskate festiviteiten organisearre yn Snits, û.o. merke en floatskou (in show mei hûnderten boaten en fjoerwurk).

De Snitswike is de drokste tiid fan it jier yn Snits. Der wurde ek tal fan oare aktiviteiten organisearre yn Snits en om de mar, en jûns wurde yn Snits de oerwinnings fierd.

Les fierder


besjen


Wike 33

Albert Schweitzer
Albert Schweitzer

Albert Schweitzer (18751965) wie in Dúts arts, teolooch, filosoof, musikus en medysk sindeling. Hy waard berne yn 1875 yn Kaysersberg, yn de noardlike, doe noch Dútske Elzas, tsjintwurdich Frankryk. Yn 1953 krige hy de Nobelpriis foar de Frede. Hy is, útsein troch syn medysk wurk yn Afrika, foaral bekend wurden troch syn filosofy oer kultuer en etyk, en as musikus troch syn stúdzjes en ynterpretaasje op oargel en piano fan de muzyk fan Bach.

Lês fierder


besjen


Wike 34

It wjerljocht oan de himmel, nachts by ûnwaar
It wjerljocht oan de himmel, nachts by ûnwaar

In bliksem, ek wol wjerljocht, is in elektryske ûntlading yn de atmosfear. It is it haadferskynsel fan ûnwaar en it hat tonger as byferskynsel. In ûntlading fan bliksem hat in ljochtflits as gefolch. Tonger ûntstiet trochdat de bliksem de loft derom hinne sa bot ferwaarmet dat de lucht útset yn de foarm fan plasma, wat skokgolven yn de atmosfear feroarsaket.

Bliksem is ien fan de meast gefaarlike waarferskynsels. It is dan ek oan te rieden om beskerming te sykjen, seker as it ûnwaar tichtby is en de tiid tusken bliksem en tonger minder as 10 sekonden is.

Lês fierder


besjen


Wike 35

Boedapest oan de Donau
Boedapest oan de Donau

Boedapest is de haadstêd fan Hongarije. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân. De stêd leit op beide iggen fan de Donau, en is in gearfoeging, út 1873, fan Boeda en Ald Boeda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge. De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.

Lês fierder


besjen


Wike 36

de trije Fryske flaggen
de trije Fryske flaggen

De Fryske Rie is in gearwurking tusken ferskate Fryske organisaasjes yn it Fryske wengebiet. De Fryske Rie bestiet al sûnt 1927, mar is pas offisjeel oprjochte yn 1956. De Rie waard oprjochte yn 1956 om it kontakt tusken de Fryske lannen en de Friezen wrâldwiid te befoarderjen.

Lês fierder


besjen


Wike 37

Jeanne d'Arc ôfbylde yn in manuskript
Jeanne d'Arc ôfbylde yn in manuskript

Jeanne d'Arc (14121431) waard ek de Faam fan Orleans neamd, is in nasjonale heldinne fan Frankryk. Sy waard berne yn de Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, it noarden fan it lân. Jeanne wie in ienfâldich boerefamke dy't laat troch 'stimmen' fielde, dat sy roppen waard Frankryk te rêden en de passive dauphin ta kening te kroanen. Sy slagge deryn it befel te krijen oer in legerke

Lês fierder ...


besjen


Wike 38

De Romeinske republyk ± 40 f.Kr.
De Romeinske republyk ± 40 f.Kr.

De Romeinske Republyk wie in eardere perioade yn de skiednis fan de Romeinen, tusken it Romeinske Keninkryk en it Romeinske Ryk yn. Yn dat tiidrek waakste Rome út fan in stêd dy't lokale krigen útfjocht mei buorsteden oant in wrâldryk. De republyk sette útein mei de earste ferkiezing fan de konsuls yn 509 f.Kr. en einige 478 jierren letter yn 29 f.Kr. doe't Oktavianus de earste keizerlike dynasty fêstige.

Lês fierder


besjen


Wike 39

El Niño is in natoerferskynsel by de evener yn de eastlike Grutte Oseaan, dy't fan ynfloed is op it waar yn grutte stikken fan de wrâld, wêrûnder bytiden ek Europa. It ferskynsel ûntstiet iens yn de safolle jierren troch in sterke opwaarming fan it normaal koele seewetter. Dat ferskynsel wurdt El Niño (De Lytse Jonge, referearjend oan it 'Krystbern', omt dit fenomeen him benammen yn dy perioade foardocht) neamd, in benaaming dy't fiskers yn Perû jûn hawwe.

Lês fierder


besjen


Wike 40

De Achmeatoer yn Ljouwert
De Achmeatoer yn Ljouwert

De Achmeatoer is in kantoarflat yn it sintrum fan Ljouwert. It gebou is 115 meter heech en hat 24 ferdjippings. Hjirmei is de Achmeatoer it heechste gebou fan Ljouwert en tagelyk fan Fryslân en de rest fan hiel Noard-Nederlân.

Lês fierder


besjen


Wike 41

Tomas fan Akwino
Tomas fan Akwino

Tomas fan Akwino (12251274) wie in wichtige Italjaanske filosoof en teolooch út de midsiuwen. Syn wichtichste bydrage foar de westlike wrâld hat west it meitsjen fan in synteze tusken de ideeën fan de Gryske filosoof Aristoteles en de Tsjerkelear.

Tomas fan Akwino waard berne yn 1225 op it kastiel Roccasecca by Napels. Hy wie in telch út in foarnaam laach, dy't woene dat Tomas op jonge leeftyd yntree dwaan soe by de benediktinen, in kleasteroarder. Tomas kaam lykwols by in oare kleasteroarder, de dominikanen. Syn hiele famylje wie hjir sa lulk oer, dat syn bruorren him ûntfierden en op it kastiel finzen setten.

Lês fierder


besjen


Wike 42

Saturnus is fan de sinne ôf rekkene de seisde planeet yn ús sinnestelsel en op Jupiter nei de grutste. Beide gasreuzen binne saneamde 'bûtenplaneten'. Saturnus is ferneamd nei de Romeinske god fan de lânbou, Saturnus. Saturnus is al sûnt de prehistoarje bekend.

De gearstalling fan Saturnus liket in soad op dy fan Jupiter. Yn it sintrum sit in rotseftige kearn, dêromhinne in mantel fan floeiber metallysk wetterstof, folge troch in laach fan molekulêr wetterstof. De temperatuer yn de kearn bedraacht 12 000 K. As gefolch fan it Kelvin-Helmholtz meganisme strielt Saturnus mear enerzjy út as't hy fan de sinne krijt. Dizze enerzjy útstrieling wurdt fersterke troch de wriuwingswaarmte dy't frijkomt as helium yn de mantel tsjin wetterstof botst.

Lês fierder


besjen


Wike 43

Grinslânsk is de dialektkloft fan Friso-Saksyske dialekten, dy't sprutsen wurde yn 'e provinsje Grinslân, grutte parten fan it noarden, noardeasten en easten fan 'e provinsje Drinte en yn fjouwer doarpen yn it easten fan 'e gemeente Kollumerlân, yn 'e provinsje Fryslân (Kollumerpomp, Warfstermûne, Muntsjesyl en Boerum). De Grinslânske dialekten wurde tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 310.000 minsken en foarmje dêrmei ien fan 'e fitaalste Nedersaksyske dialektkloften yn Nederlân. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.

Lês fierder


besjen


Wike 44

Eise Eisinga
Eise Eisinga

Eise Eisinga, wie in Fryske amateur astronoom út de 18e iuw. Hy is de skepper fan it planetarium yn Frjentsjer. Eisinga waard berne as de soan fan in wolkjimmer. Hoewol't er heechbejeftige wie, mocht er net nei it gymnasium. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, dy't in soad niget hie oan wiskunde en stjerrekunde. Doe't Wytze Foppes Dongjuma in wichtige astronomyske waarnimming die, wie hy dêrby oanwêzich ...

Lês fierder


besjen


Wike 45

De Swarte Dea is de namme foar in epidemyske sykte dy't tusken 1347 en 1351 yn Europa omgie en in soad slachtoffers makke, soms tsientallen persinten fan de befolking. De epidemy hat wrâldwiid tusken de 75 en 100 miljoen minsken it libben koste. Meastal waard oannomd dat it hjir om de pest gie, mar hjiroer bestie oant foar koart gjin absolute wissichheid. De mooglikheid dat de epidemy feroarsake waard troch in filofirus waard ek iepenlitten. Ta dizze groep fan firussen hearre ûnder mear it ebolafirus en it marburgfirus.

Lês fierder


besjen


Wike 46

Claude Monet, Impressions du soleil levant

De meast yn it each rinnende fernijingsbeweging yn de moderne byldzjende keunst hat sûnder mis it ympresjonisme west. Net allinne as revolte foaroer it destiids algemiene, offisjeel erkende akademyske klassisisme, mar ek as folslein nije styltechnyske konsepsje. De streaming hat har oarsprong yn Frankryk en wurket ek troch yn de klassike muzyk en yn de literatuer.

Lês fierder ...


besjen


Wike 47

Mahatma Gandhi
Mahatma Gandhi

Mohandas Karamtsjand Gandhi, byneamd Mahatma dat yn it Sanskryt 'grutte siel' betsjut, (18691948) wie in Yndiaask nasjonalistysk lieder. Mahatma Gandhi wie ien fan de grûnlizzers fan de moderne steat Yndia en foarstanner fan aktive geweldleasheid as middel foar de revolúsje.

Lês fierder


besjen


Wike 48

museum Martena yn Frjentsjer
museum Martena yn Frjentsjer

Hessel fan Martena1460 - 1517) wie in Fryske haadling. Hy wurdt troch syn tiidgenoaten beskôge as dejinge dy't Fryslân ferriede oan Albrecht fan Saksen dêr't in ein troch kaam oan de Fryske Frijheid en de Saksentiid útein set. Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum dat de state Ter Herne bewenne yn Bitgum. Yn Hessel fan Martens tiid hienen de rike famyljes, de saneamde haadlingen it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak ...

Lês fierder


besjen


Wike 49

Deportaasje fan Armeenjers
Deportaasje fan Armeenjers

De Armeenske Genoside ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Armeenske befolking fan it Ottomaanske Ryk yn en krekt nei de Earste Wrâldkriich yn de tiid fan it rezjym fan de Jonge Turken. Armeenjers waarden op grutte skaal fermoarde en deportearre.

By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden berûn ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. ..

Lês fierder


besjen


Wike 50 John Ronald Reuel Tolkien (18921973) wie heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Oksford. Hy is foaral ferneamd wurden troch syn boeken The Hobbit (De hobbit) en Lord of the Rings (Hear fan de Ringen), dy't har ôfspylje yn de fantasijwrâld Midden-Ierde. J.R.R. Tolkien is berne yn Bloemfontein yn Súd-Afrika. Hy ferlear syn âlden al op jonge leeftyd. Syn heit doe't er krekt fjouwer jier âld wie en syn mem op tolf jierrige leeftyd oan diabetes. Neidat hy wees wurden wie moete hy syn lettere frou Edith Bratt. Hy rekke fereale en troude mei har. Letter stie sy model foar Luthien.

Lês fierder


besjen


Wike 51

De Maplin 5600 synthesizer, in sels-doch-pakket
De Maplin 5600 synthesizer, in sels-doch-pakket

In synthesizer is in elektroanysk muzykynstrumint dat klanken en lûden keunstmjittich (meast elektroanysk) opwekt. De útfining fan de synthesizer hat in wichtige revolúsje yn de muzykwrâld west. Mei in synthesizer is it mooglik it op te wekken lûd fiergeand te beynfloedzjen, sadat nije, noch net besteande klanken makke wurde kinne. Ek kinne guon synthesizers de klanken fan al besteande (akoestyske) ynstruminten hast sekuer neidwaan (bygelyks piano of oargel).

Lês fierder


besjen


Wike 52

Lege Wâlden
Lege Wâlden

De Lege Wâlden is de lege wetterstreek súdeast fan de Snitser Mar. Hjiryn lizze de doarpen Terkaple, Goaiïngaryp en Eagmaryp. 'Wālden' wiist op in begroeiïng mei strewellen en lege boskjes. Trochdat it gebiet sa leech leit hie men yn it ferline in soad wetteroerlêst. De namme “de Lege Wâlden” wurdt yn in beskriuwing fan wetlike regels ("wilkerren") út 1450 "Legha Walden" neamd. Dêryn wurde ek al plakken neamd as Bornstera (Aldeboarn), Ackrim (Akkrum) en Lungersum ( Nes ). Op in sânrêch dy't boppe it fean útstekt is Goaiïngaryp ûntstien. Ek yn de Blaugerzen is sa’n sânrêch noch te ûnderskieden.

Lês fierder


besjen



Sjoch ek[boarne bewurkje]