Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 50

Ut Wikipedy

John Ronald Reuel Tolkien (18921973) wie heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal en letterkunde oan de Universiteit fan Oksford. Hy is foaral ferneamd wurden troch syn boeken The Hobbit (De hobbit) en Lord of the Rings (Hear fan de Ringen), dy't har ôfspylje yn de fantasijwrâld Midden-Ierde. J.R.R. Tolkien is berne yn Bloemfontein yn Súd-Afrika. Hy ferlear syn âlden al op jonge leeftyd. Syn heit doe't er krekt fjouwer jier âld wie en syn mem op tolf jierrige leeftyd oan diabetes. Neidat hy wees wurden wie moete hy syn lettere frou Edith Bratt. Hy rekke fereale en troude mei har. Letter stie sy model foar Luthien.

Lês fierder