Rekonkwista (Ibearysk skiereilân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De reconquista fan it Iberysk Skiereilân

De Rekonwista (Reconquista, in Spaansk/Portegeesk wurd foar Werovering; Arabysk: الاسترداد al-ʼIstirdād) wie in perioade fan ûngefear 800 jier yn de midsiuwen wêryn't it in pear kristlike keninkriken op it Ibearysk Skiereilân slagge om de moslims fan it skiereilân te ferdriuwen.

De islamityske oerweldiging fan it Fisigoatyske keninkryk yn de 8e iuw brocht it skiereilân foar it grutste part ûnder islamitysk hearskippij, útsein it uterste noarden, Galysje, Astuerje, Kantaabrje en Baskenlân. Nei iuwen fan oarloggen wie yn de 13e iuw allinnich noch it Keninkryk Granada oer dat yn 1492 ferovere waard, wêrmei't it Ibearysk Skiereilân wer hielendal yn kristlike hannen wie.

Der bestiet ek in Latynsk-Amerikaanske Reconquista dy't him om it jier 1810 ôfspile yn Fenezuela, Kolombia en Meksiko.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]