Meksiko
| Feriene Meksikaanske Steaten Estados Unidos Mexicanos (Spaansk) | |
| Biedwurd: La Patria es Primero "(It Heitelân komt earst)" | |
| Folksliet: Himno Nacional Mexicano | |
| Haadstêd | Meksiko-Stêd |
| Offisjele taal | Spaansk |
| 68 lânseigen talen | |
| Steatsfoarm | Federale republyk |
| - presidint | Claudia Sheinbaum |
| Unôfhinklikheid | 16 septimber 1810 (ferklearre) 27 septimber 1821 (erkend) |
| Oerflak | 1.972.550 km² |
| - lân | 1.952.110 km² |
| - wetter | 20.440 km² |
| Ynwennertal | 129.875.529 (rûzing 2023) |
| Befolkingstichtens | 66,3 ynw./km² |
| Muntienheid | Peso (MXN) |
| Tiidsône | UTC -6 oant -8 (UTC-6 oant -8) |
| - simmertiid | Yn 'e measte steaten ôfskaft |
| Nasjonale feestdei | 16 septimber (Grito de Dolores) |
| 5 febrewaris (Dei fan 'e Grûnwet) | |
| 20 novimber (Dei fan 'e Revolúsje) | |
| Ynternetdomein | .mx |
| Telefoan | +52 |
| ISO 3166 | MX, MEX, 484 |
| 1. Der is op federaal nivo gjin offisjele taal fêstlein, mar it Spaansk en de 68 lânseigen talen wurde erkend as nasjonale talen. | |
| 2. De presidint is sawol steatshaad as regearlieder. | |
Meksiko, offisjeel de Feriene Meksikaanske Steaten (Spaansk: Estados Unidos Mexicanos) is in lân yn Noard-Amearika.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meksiko wurdt begrinze troch de Feriene Steaten, Belize, Gûatemala, de Grutte Oseaan en de Golf fan Meksiko.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Meksiko leit yn it suden fan Noard-Amearika, it súdlike part wurdt bytiden ta Sintraal-Amearika rekkene. It lân rint mear as trijetûzen kilometer fan it noardwesten oant it súdeasten út. Yn it noarden is Meksiko twatûzen kilometer breed, mar op syn smelst (Lâningte fan Tehuantepek) is dat likernôch 220 kilometer. Meksiko leit tusken de Grutte Oseaan oan 'e iene kant en de Golf fan Meksiko en de Karibyske See oan 'e oare kant. Meksiko hat twa opfallende skiereilannen: Yucatán en Neder-Kalifornje.
Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteande Sierra Madre, dat as in part fan 'e Rocky Mountains beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko leit in oantal fulkanen, dêr't de Popokatépetl de bekendste fan is. It heechste punt is de Pico de Orizaba (5650 m), wat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne de Río Bravo (yn 'e Feriene Steaten bekend as Rio Grande), de Lerma, de Balsas, de Pánuco, de Usumasinta en de Yaqui.
Eilannen fan Meksiko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meksiko hat in grut ferskaat oan eilannen yn sawol de Karibyske See as de Stille Oseaan. De wichtichste binne:
- de Karibyske kust: Cozumel (ferneamd om koraalriffen), Isla Mujeres en Isla Holbox.
- de Golf fan Kalifornje: Isla Tiburón (it grutste eilân fan it lân) en it natuerreservaat Isla Espíritu Santo, dat op 'e UNESCO-list stiet.
- de Stille Oseaan: de isolearre Revillagigedo-arsjipel en Isla Guadalupe, bekend om de grutte wite haai. Ek de eardere finzenis-eilannen, de Islas Marías, binne no in natuerpark.
- Histoarysk: Yn it hert fan it lân lizze de Chinampas fan Xochimilco, de ferneamde driuwende tunen fan 'e Azteken.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat fan Meksiko rint útien fan woastynklimaat yn it noarden oant tropysk reinwâldklimaat yn it suden en berchklimaat yn 'e midden.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meksiko is in federale republyk dy't bestiet út 32 federale entiteiten: 31 frije en sûvere steaten en Meksiko-Stêd, de haadstêd fan it lân.
Elke steat hat syn eigen grûnwet, in eigen parlemint (de Congreso del Estado) en in gûverneur dy't troch direkte ferkiezings keazen wurdt. De steaten binne foar in grut part selsstannich oer ynterne saken lykas ûnderwiis, plysje en lokale belestingen. Op it heechste nivo wurde se lykwols ferienige troch de federale oerheid, dy't oer de nasjonale feiligens, bûtenlânske polityk en de algemiene ekonomyske koers giet.
De steaten binne op harren beurt wer ûnderferdiend yn gemeenten (municipios). Op it stuit binne der yn totaal 2.471 gemeenten yn it lân. Dizze gemeenten foarmje de tredde bestjoerslaach en binne ferantwurdlik foar basisfoarsjennings lykas drinkwetter, strjitferljochting en ôffalferwurking.
Meksiko-Stêd (CDMX) hie foar in hiel skoft in aparte status as it "Federaal Distrikt" (Distrito Federal). Sûnt in grûnwetlike herfoarming yn 2016 hat de stêd lykwols hast deselde rjochten en autonomy krigen as de oare 31 steaten, ynklusyf in eigen grûnwet en lokale boargemaster.
Steaten fan Meksiko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan it tsjintwurdige Meksiko hat bloeiende beskavingen kind (Tolteken, Maya's, Azteken). Yn 1519 fersloech de Spaanske konkwistator Cortés de Azteken en oermastere harren ryk. De Spanjerts stiften yn 'e Nije Wrâld de koloanje Nij-Spanje, dy't Meksiko, Sintraal-Amearika, West-Ynje en de Filipinen (en dielen fan de hjoeddeiske FS) omfieme. Allinnich mei it memmelân Spanje mocht hannel dreaun wurde.

Begjin 19e iuw kamen de kreoalen ûnder lieding van 'e prysters Hidalgo en Morelos yn opstân. Yn 1821 (ynstee fan 1819) rôpen de blanke kolonisten de ûnôfhinklikheid fan Meksiko út. Spanje stjoerde generaal Iturbide nei it noarden om de opstân del te slaan. By oankomst ferklearre dy him lykwols tsjin Spanje en liet himsels ta keizer kroane. Generaal Antonio López de Santa Anna brocht him yn 1823 ta fal, wêrnei't in tiidrek fan politike gaos folge dat oant 1857 duorre. Yn dy tiid waarden op syn minst 250 steatsgrepen plege. Doe't Teksas, dat him yn 1836 fan Meksiko ôfskaat hie, him oanslette by de Feriene Steaten, bruts in oarloch tusken Meksiko en de Feriene Steaten út, dy't troch Meksiko ferlern waard. It lân rekke Nij-Meksiko, Arizona, Utah en Kalifornje kwyt.
Yn 1863 stjoerde de Frânske keizer Napoleon III in grut leger nei Meksiko dat de haadstêd binnenluts. De konservativen beaën dêrop de keizerskroan oan aartshartoch Maksimilaan fan Eastenryk oan. Nei syn fal yn 1867 waard Juárez, dy't earder ek al oan 'e macht west hie, wer presidint. Yn 1876 kaam Díaz oan 'e macht. Hy regearre, mei in ûnderbrekking fan 1880 oant 1884, as konservatyf diktator.
Yn 1910 (begjin fan de revolúsje) sette in nasjonale revolúsje útein dy't in ein meitsje woe oan 'e macht fan bûtenlânske bedriuwen, de tsjerke en grutgrûnbesitters. De jierren dy't dêrop folgen (1910-1920) wienen tige rûzich. Yn dy tiid kamen de Feriene Steaten twa kear militêr tuskenbeide. Troch lettere opienfolgjende presidinten waard de nasjonale revolúsje trochset. Under Calles bruts yn 1926 in skerp konflikt út mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en presidint Cárdenas besleat yn 1938 ta nasjonalisaasje fan alle Amerikaanske en Britske oaljemaatskippijen.
Meksiko ferklearre yn 1942 de oarloch oan Dútslân en Japan. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der foar it earst wer in sivile presidint oan 'e macht. Sûnt dy tiid beskikt it lân feitlik oer in stjoerde demokrasy en is de tradysje groeid dat de ferskate streamingen binnen de regearingspartij PRI inoar yn it presidintskip ôfwikselje.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan 'e befolking bestiet tsjintwurdich út Mestizen; ôfstammelingen fan blanke Spaanske kolonisten en de oarspronklike Yndianen. Lytsere mar dochs grutte groepen foarmje de blanken en de minsken fan Yndiaansk komôf. De blanken hawwe in grutter oerwicht yn wolfeart en politike ynfloed. Fierders binne der Afro-Meksikanen, Arabyske Meksikanen en Aziaten.
| Groep | Persintaazje | Opmerking |
|---|---|---|
| Mestizen | 70% – 85% | Mingd lânseigen en Europeesk |
| Lânseigen (Indígena) | 21% – 25% | Basearre op selsidentifikaasje[1] |
| Blanken | 10% – 15% | Foaral fan Spaanske ôfkomst |
| Afro-Meksikanen | 2,0% | Earste offisjele telling yn 2020 |
| Oaren | < 1,0% | Aziaten en Arabyske Meksikanen |
| Boarne: INEGI (Censo 2020) en ferskate sosjologyske stúdzjes. | ||
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om-ende-by 94% fan 'e befolking hat it Spaansk as memmetaal en it wurdt troch mear as 98% fan 'e Meksikanen ferstien; dêrtroch is it lân it grutste Spaansktalige lân fan 'e wrâld. Hoewol't it Spaansk de offisjele lânstaal is, ferskilt it wat útspraak en wurdskat oanbelanget fan it Spaansk dat yn Spanje praat wurdt. Ek binne der lokale ferskillen; it Spaansk fan de kuststreken wurdt bygelyks ta it Karibysk Spaansk rekkene.
In minderheid fan likernôch 6,1% fan 'e befolking (sa'n 7,3 miljoen minsken) hat in lânseigen taal as memmetaal. Troch de Meksikaanske oerheid wurde 68 (ynstee fan 62) lânseigen talen as 'nasjonale talen' erkend, dy't yn it gebiet dêr't se sprutsen wurde deselde status hawwe as it Spaansk. Fan dizze talen binne it Nahuatl (1,65 miljoen sprekkers), it Yucateeksk Maya (774.000), it Tseltal (561.000), it Tsotsil (550.000) en it Mixteeksk (526.000) de grutste.
Wylst it Nahuatl, Yucateeks Maya en Tseltal noch in soad praat wurde, hawwe oare talen lykas it Awakateko of it Kiliwa noch mar in hantsjefol sprekkers. It persintaazje fan 'e befolking dat in lânseigen taal praat rint tebek. Fan 'e 68 erkende talen drige der 20 oant 30 yn 'e kommende jierren te ferdwinen.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meastepart fan 'e Meksikaanske befolking beskôget himsels as kristen. De Roomsk-Katolike Tsjerke is mei 77,7% fan 'e totale befolking de grutste leauwe-mienskip (in tebekgong ferlike mei eardere desennia). In groeiende groep fan 11,2% is protestantsk of evangelysk. Dêrnjonken is der in tanimmende groep fan 8,1% dy't gjin religy hat. Hoewol't it roomsk-katolisisme djip yn 'e kultuer woartele is, giet mar in part fan 'e leauwenden geregeldwei nei tsjerke.
Befolkingsspreiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tichtbefolke gebieten fan Meksiko binne it sintrale heechlân, dêr't de measte stêden lizze, it noardeasten en de stedske gebieten oan 'e Amerikaanske grins. De súdlike reinwâlden, de noardlike woastyngebieten en it skiereilân Neder-Kalifornje binne it tinst befolke.
Meksiko-Stêd is mei ôfstân de grutste stêd fan it lân, mei 9,2 miljoen ynwenners yn 'e stêd sels (it eardere Federaal Distrikt), en sa'n 22 miljoen yn 'e agglomeraasje. Hoewol't it ien fan 'e grutste stedske gebieten fan 'e wrâld is, is it op de wrâldranglist yntusken foarby stribbe troch stêden lykas Tokio, Delhi en Sjanghai. Oare agglomeraasjes mei mear as in miljoen ynwenners yn Meksiko binne Guadalajara, Monterrey, Puebla, Toluca, Tijuana, León, Ciudad Juárez, La Laguna en San Luis Potosí. Yn totaal wennet 81% fan 'e befolking yn stêden of stedske gebieten.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Toerisme is ien fan 'e wichtichste boarnen fan bûtenlânske faluta foar Meksiko. It draacht foar likernôch 8,5% oant 9% by oan it Bruto Binnenlânsk Produkt (BBP). De sektor is in enoarme wurkjouwer en miljoenen Meksikanen wurkje yn 'e hoareka, it transport of as gids. It lân wurdt alle jierren troch mear as 40 miljoen ynternasjonale toeristen besocht, wêrmei't it steefêst yn 'e top 10 fan 'e wrâldranglist fan 'e UN Tourism (earder UNWTO) stiet.[2] Benammen besikers út de Feriene Steaten en Kanada foarmje in grutte groep, mar it lân kriget ek grutte oantallen toeristen út Jeropa en Súd-Amearika.
Toeristyske Sintra
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meksiko kin ferdield wurde yn ferskate toeristyske regio's mei elk har eigen karakter:
- De "Riviêra Maya" en Cancún oan 'e Karibyske kust, de populêrste regio foar sinne- en seetoeristen stiet bekend om de wite strannen, lúkse resorts en de cenotes (natuerlike wetterputten).
- De Stille Oseaan mei stêden lykas Puerto Vallarta, Mazatlán en Acapulco. De súdlike kust fan Oaxaca is populêr by surfers en ekotoeristen.
- Yn Neder-Kalifornje (Baja California) is benammen Los Cabos is in populêre bestimming foar Amerikaanske toeristen, bekend om de rûge rotsen en it spotten fan walfisken.
- De kulturele stêden yn it binnenlân lykas Oaxaca-Stêd, San Miguel de Allende, Guanajuato, Morelia en fansels Meksiko-Stêd mei koloniale arsjitektuer, de Meksikaanske koken en musea.
- De archeologyske fynplakken mei ruïnes fan 'e Maya's (lykas Chichén Itzá en Palenque) en de Azteken (lykas Teotihuacán).
UNESCO-Wrâlderfgoed yn Meksiko
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meksiko hat ien fan 'e heechste oantallen UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes fan 'e wrâld. De meast bekend binne:
| Namme | Type | Regio | Beskriuwing |
|---|---|---|---|
| Chichén Itzá | Kultuer | Yucatán | Ien fan 'e sân nije wrâldwûnders; in wichtige Maya-stêd. |
| Teotihuacán | Kultuer | Steat Meksiko | De stêd fan 'e goaden, bekend om de Piramide fan 'e Sinne. |
| Histoarysk sintrum fan Meksiko-Stêd en Xochimilco | Kultuer | Meksiko-Stêd | Koloniaal hert fan 'e haadstêd en de ferneamde driuwende tunen. |
| Palenque | Kultuer | Chiapas | In yndrukwekkende Maya-stêd midden yn it oerwâld. |
| Sian Ka'an | Natuer | Quintana Roo | In grut biosfearreservaat oan 'e Karibyske kust. |
| Biosfearreservaat fan de Monarchflinter | Natuer | Michoacán | It plak dêr't miljoenen flinters oerwinterje. |
| El Pinacate en Gran Desierto de Altar | Natuer | Sonora | In spektakulêr woastynlânskip mei fulkaankraters. |
| Agavelânskip en âlde yndustryfoarsjennings fan Tequila | Kultuer | Jalisko | It hert fan 'e produksje fan 'e nasjonale drank. |
De lêste jierren ynvestearret de oerheid yn 'e saneamde Tren Maya (Mayatrein), in spoartrajekt dy't de wichtichste archeologyske plakken op it skiereilân Yucatán meiïnoar ferbine moat. Hoewol't dit it toerisme oantrunet, is der ek in soad krityk fan miljeu-organisaasjes fanwegen de ynfloed op it ekosysteem fan 'e oerwâlden.
Offisjele Frije Dagen (Días Feriados)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Datum (2026) | Namme (Frysk) | Namme (Spaansk) | Taljochting |
|---|---|---|---|
| 1 jannewaris | Nijjiersdei | Año Nuevo | Earste dei fan it jier. |
| 2 febrewaris | Dei fan 'e Grûnwet | Día de la Constitución | De offisjele dei is 5 febrewaris, mar it wurdt op 'e earste moandei fan febrewaris fierd. |
| 16 maart | Bertedei fan Benito Juárez | Natalicio de Benito Juárez | De offisjele dei is 21 maart, mar it wurdt op de tredde moandei fan maart fierd. |
| 1 maaie | Dei fan 'e Arbeid | Día del Trabajo | Nasjonale dei foar de rjochten fan 'e arbeider. |
| 16 septimber | Unôfhinklikheidsdei | Día de la Independencia | De wichtichste nasjonale feestdei fan Meksiko. |
| 16 novimber | Dei fan 'e Revolúsje | Día de la Revolución | De offisjele dei is 20 novimber, mar it wurdt op 'e tredde moandei fan novimber fierd. |
| 25 desimber | Krystdei | Navidad | Fiering fan 'e berte fan Jezus. |
Oare wichtige (net-offisjele) dagen: Njonken de wetlike frije dagen binne der dagen dy't sa wichtich binne dat in soad skoallen of bedriuwen ticht binne of spesjale fieringen hawwe:
- 2 april (2026): Jueves Santo (Wite Tongersdei) - Begjin fan it Peaske-wykein.
- 3 april (2026): Viernes Santo (Goed Freed) - In tige wichtige religieuze dei.
- 5 maaie: Batalla de Puebla (Cinco de Mayo) - Foaral in frije dei foar skoallen.
- 10 maaie: Día de las Madres (Memmedei) - Yn Meksiko ien fan 'e drokste dagen fan it jier foar restaurants.
- 1 & 2 novimber: Día de los Muertos (Dei fan 'e Deaden) - Skoallen binne faak ticht.
- 12 desimber: Día de la Virgen de Guadalupe - De grutste religieuze beafeart fan it lân.
| Steaten fan Meksiko | ||
|---|---|---|
| Aguascalientes • Baja California • Baja California Sur • Campeche • Chiapas • Chihuahua • Coahuila de Zaragoza • Colima • Durango • Guanajuato • Guerrero • Hidalgo • Jalisco • Meksiko • Michoacán de Ocampo • Morelos • Nayarit • Nuevo León • Oaxaca • Puebla • Querétaro de Arteaga • Quintana Roo • San Luis Potosí • Sinaloa • Sonora • Tabasco • Tamaulipas • Tlaxcala • Veracruz • Yucatán • Zacatecas | ||
| Federaal distrikt: Meksiko-Stêd | ||
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Steaten fan Meksiko | ||
|---|---|---|
| Aguascalientes • Baja California • Baja California Sur • Campeche • Chiapas • Chihuahua • Coahuila de Zaragoza • Colima • Durango • Guanajuato • Guerrero • Hidalgo • Jalisco • Meksiko • Michoacán de Ocampo • Morelos • Nayarit • Nuevo León • Oaxaca • Puebla • Querétaro de Arteaga • Quintana Roo • San Luis Potosí • Sinaloa • Sonora • Tabasco • Tamaulipas • Tlaxcala • Veracruz • Yucatán • Zacatecas | ||
| Federaal distrikt: Meksiko-Stêd | ||
