Oaxaca (steat)

Ut Wikipedy
Oaxaca

Kaart fan Meksiko
Haadstêd Oaxaca de Juárez
Oerflak 93.952 km²
Ynwennertal 3,801,962(2005)
Befolkingstichtens 570 Ew./km²
Webside Oaxaca.gob.mx
It wapen fan Oaxaca

Oaxaca (Sapoteeksk: La’a, Miksteeksk: Nunduva, Nahuatl: Huaxyacac, Triqui: Yacuej) is de op fiif nei grutste steat fan Meksiko. Oaxaca leit yn it suden fan Meksiko en grinzget oan Guerrero, Puebla, Veracruz en Chiapas. De Grutte Oseaan leit súdlik fan Oaxaca. Oaxaca hat in oerflak fan 93.952 km² en telt 3,801,962 ynwenners (2005). De haadstêd fan de steat is Oaxaca de Juárez. Oaxaca is oer it algemien bercheftich; it leit yn it Sierra Madre del Sur-berchtme.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking bestiet foar in grut part út yndianen, dy't ta sechstjin ûnderskate etnyske groepen rekkene wurden. Getalsmjittich de wichtichste groepen binne de Sapoteken, de Miksteken en de Mazateken. Fierwei de grutste stêd fan de steat is it haadplak Oaxaca de Juárez, de grutste oare plakken binne San Juan Bautista Tuxtepec, Salina Cruz en Juchitán de Zaragoza. Bekend as Sapoteeksk sintrum is fierder it plak Santo Domingo Tehuantepec.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ear't it gebiet yn 1436 troch de Azteken ferôvere waard, wie Oaxaca it sintrum fan ûnder oare de Sapoteekske, Miksteekske en Mikse-Zoque beskavingen. Bekende archeologyske fynplakken binne Monte Albán en Mitla. De Azteken neamden it gebiet Huaxyacac ("plak fan de guajebeammen"), dêr't de namme Oaxaca fan ôflaat is. De Spanjerts ûnderwurpen it gebiet yn 1521, en stiften Segura de la Frontera op it plak dêr't him tsjintwurdich Oaxaca de Juárez befynt.

Yn 2006 bruts yn Oaksaka in folksopstân út nei in leararestaking yn de haadstêd. De opstân wie rjochte tsjin de gûverneur Ulises Ruiz en waard laat troch de Folksassemblee fan de Folken fan Oaksaka (APPO). Yn desimber 2006 waard de APPO ferslein troch de federale plysje, mar de situaaasje bliuwt spand.