Goesearn
goesearn | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Haliaeetus albicilla | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De goesearn, see-earn of guozze-earn (Haliaeetus albicilla) is in grutte rôffûgel út de famylje fan de haukfûgels.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goesearn is ien fan de grutste rôffûgels yn Jeropa. De goesearn falt ek op troch syn giele snaffel dy't yn ferhâlding mei oare rôffûgels hiel grut is. De fearren fan de goesearn binne foar it grutste part brún. Op de kop, rêch en boarst binne de fearren wat ljochter. De folwoeksen goesearn hat in koarte wite sturt.
In jonge goesearn is folle donkerder. De fearren binne donkerder, de sturt is ek noch brún ynstee fan wyt en ek de snaffel is noch donker.
In goesearn is tusken de 74 en 92 sm. grut en de wjukspanwiidte leit tusken de 193 en 244 sm. De wyfkes binne mei in gewicht tusken de 3,7 en 6,9 kilogram wat swierder as de mantsjes dy't tusken de 3,1 oant 5,4 kilogram wage.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goesearn komt foar yn gebieten mei in protte wetter, fan Grienlân, oer hiel Jeraazje oant de Kust fan de Stille Oseaan.
Yn West-Jeropa wie de soarte troch it jachtsjen fan de minsken en troch fergiftigjen mei it lânbougif DDT hast hielendal ferdwûn. Mar sûnt it midden fan de jierren '80 wreidet de fûgel syn gebiet yn grutte parten fan Jeropa wer út.
Yn Nederlân is de see-earn ek geregeld te sjen. Foaral yn de Oostvaardersplassen yn Flevolân. Dêr briedt al sûnt 2006 in pearke see-earnen.
Foarkommen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste besykjen fan de fûgel om yn Fryslân te brieden datearret fan 2009. Dat wie yn it Lauwersmargebiet. Yn 2010 hie it pear súkses en fleach in jonge earn út. De goesearn briedt tsjintwurdich (2017) ek yn de Alde Feanen by Earnewâld en yn de Súdwesthoeke by Koudum.[1].
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goesearn yt it meast fisk, wetterfûgels en ies. De fisken wurde it meast sels fong troch de earnen, mar se ite ek wol deade as heal fergiene fisken. Fan de wetterfûgels binne de eiders en de seachbekken populêr as proai.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goesearnen bouwe grutte nêsten, faak yn âlde beammen. De nêstkûle wurdt mei gers en mos oanklaaid. In nije nêst hat in trochsnee fan 1,2 oant 1,5 meter in is sa'n heale meter heech. Alde nêsten kinne wol in trochsnee fan 2 meter hawwe en wol 3 oant 5 meter heech wurde. Oan de kusten wêr't net in protte beammen binne briede de earnen ek wol op de rotswanden as op de grûn.
It wyfke begjint yn Jeropa meast tusken mids febrewaris en mids maart te brieden. Sy leit dan ien oant trije wite aaien dy't yn likernôch 38 dagen útbret wurde. It duorret sa'n 80 oant 90 dagen foar de jongen fleane kinne.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Commons: Goesearn – foto, fideo en harktriemmen
|
- Nijsgjirrige siden
- Fûgelsoarte
- Rôffûgel (skift)
- Haukfûgel
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan