Lege Wâlden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lege Wâlden

De Lege Wâlden is de lege wetterstreek súdeast fan de Snitser Mar. Hjiryn lizze Terkaple, Goaiïngaryp en Eagmaryp.

'Wālden' wiist op in begroeiïng mei strewellen en lege boskjes. Trochdat it gebiet sa leech leit hie men yn it ferline in soad wetteroerlêst. De namme “de Lege Wâlden” wurdt yn in beskriuwing fan wetlike regels (“wilkerren”) út 1450 Legha Walden neamd. Dêryn wurde ek al plakken neamd as Bornstera (Aldeboarn), Ackrim (Akkrum) en Lungersum (Nes). Op in sânrêch dy't boppe it fean útstekt is Goaiïngaryp ûntstien. Ek yn de Blaugerzen is sa’n sânrêch noch te ûnderskieden.

Stobben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hast de hiele Lege Wâlden bestiet út feangrûn. It aparte is dat ûnder dy feangrûn, op it sân in soad hout te finen is (op ± 2 meter djipte). Foar in grut part grutte greinen en fjurrehouten beamstammen, faak noch yn goede steat. Der stiet beskreaun dat út guon stobben de hars noch útdripte at se ferbaarnd waarden.

Yn de lêste iuwen, bygelyks de 18e en 19e iuw binne út de Goaiïngarypster Poel en de Snitser Mar meardere kearen stikken hout en stobben boppe wetter helle. Snoekbearsfiskers meie hjoeddeis noch graach “op de stobben fiskje”. It hout waard yn earder iuwen opdregge, drûge en as branje, of as it noch hiele geve stikken wienen, as daamlizzer brûkt. Op in soad plakken is it sa dat wa't mei in grûnboar it sân opsiket, faak krekt boppe it sân yn hout terjochte komt. Ek by graafwurk by de ruilferkaveling yn de jierren ’60 fan de 20e iuw kamen in soad stobben nei boppen yn dit feangebiet. Soks barde destiids ek by it turfgraven, Stobbegat is de âlde namme fan Vegelinsoard. Piter Westra, skoalmaster yn “Gonryp”, hat yn 1857 op fersyk fan it “Friesch Genootschap” in beskriuwing fan dit doarp jûn. Hjiryn wurde ek de grutte beamstammen neamd, dy't faak nei stoarmen, opfiske waarden út de poel.

Prehistoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de prehistoarje, en yn elk gefal foar it jier 1000, bestie de begroeiing yn de Lege Wâlden nei alle gedachten út bosk en heidefjilden op it sân. It wetterpeil fan de Noardsee waard stadichoan heger troch it ranen fan de Skandinavyske iiskape. Nei de lêste iistiid waard de iislaach geandewei tinner en lutsen de gletsjers har stadichoan werom nei it noarden. Troch it rizen fan de seespegel waard ek de stân fan it grûnwetter heger, want it hegere water krong mear en mear troch yn it lân troch kapillêre wurking. De grûn waard wieter en wieter; it type beammen dat op de sângrûn groeide, koe hjir net oer; woartels ferrotten. De spjirren en dinnen fan de sângrûn hienen yn dizze wiete grûn ek net folle hâldfêst en waaiden om troch westerstoarmen.

In oare oarsaak kinne de feanbrânen west hawwe dêr't de beammen net oer koenen (troch de hegere wetterstân wie feanfoarming begûn). Sommige beamstammen dy't earder boppe wetter helle waarden hienen brânspoaren. It is opfallend dat de beamstammen dy't fûn waarden, eigentlik allegear mei de stamme east-west lizze. Dêrom wurdt tocht oan stoarmen út it westen.

Earste bewenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omdat it seepeil heger en heger waard folgen der oerstreamings, want diken wienen der doe noch net. Op leechlizzende plakken bleau nei oerstreaming wetter stean en dêr ûntstie, troch nije begroeiing, feanfoarming. Letter ûntstie op dat fean in nije fegetaasje fan leech bosk. Gjin grutte beammen, mar strûken en strewellen, in soarte moerasbosk: de lege wâlden. At hjoed de dei de reiden net mear meand wurde soenen, groeiden der stadichoan mear wylge- en elzeboskjes.

It heger kommende seewetter makke dat de kustline hieltiten fierder lânynwerts kaam te lizzen. Troch it ranen fan de poalkapenen ûntstiene der grutte ôfwetteringsproblemen. De binnenkringende see soarge foar in slib en klaailaach op it oanwêzige fean. Dy klaailaach is noch te sjen tusken Terherne en Akkrum. As dêr yn de hjerst slatten is, kin oan de sleatskanten krekt sjoen wurde wêr't it fean ophâldt en de klaai begjint. Oant sa fier skode dus de sliblaach oer sân en fean. Dy ûntwikkeling is eins pas ophâlden doe't minsken diken oan begûnen te lizzen. Minsken út de hieltiten wer oerstreamde kustgebieten sochten in oar plak om te wenjen en kamen op de heger lizzende stikken lân yn dit gebiet. Hja setten har ta wenjen oan in streamke of rivierke en begûnen mei de ferkaveling dy't stees fierder gien is.

Op âlde kaarten is in dúdlik ferskil te sjen yn rjochting fan de kavels oan de Slachtedyk. De persielen lân en sleatten rinne yn Terkaple en Eagmaryp sawat noardeast nei súdwest mar yn Goaiïngaryp súdeast nei noardwest. Soe it proses fan ferkaveling far Terkaple en Eagmaryp fan de Akkrumer kant ôf ynsetten wêze en dat fan Goaiïngaryp út de Lege Geaen. De ferkaveling fan de Lege Geaen rint nammentlik gelyk. En de Snitser Mar en de Goïngarypster Poel wienen lang lyn folle lytser. Nei alle gedachten hearde Goaiïngaryp eartiids ûnder Goaiïngea oan de oare kant fan de Snitser Mar. De namme seit it al; in bûtenbuert fan Goaiïngea. Der wienen earder ek boeren dy't, lykas de tsjerke fan Goaiïngaryp, stikken lân yn eigendom hienen oan de oare kant fan de mar.

By it ferkaveljen waarden ôfwetteringssleatten groeven en oan dy wetters waarden huzen en pleatsen setten. Sa krigen de sleatten in dûbele funksje: ôffier fan wetter út it sompige lân en wetterwegen foar ferkear oer it wetter. De âlde slachtedyk, oanlein om it jier 1000 hinne, fan De Jouwer oant foarby Terherne, wie yn it earstoan bedoeld as barriêre tsjin de Middelsee. Letter waard de dyk in kearder fan de hieltiten útwreidzjende Snitser Mar. De Snitserkant fan de mar waard feilich steld troch de oanlis fan de Griene Dyk.

Doarpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op en by de sânrêch fan Goaiïngaryp, bygelyks yn de Goaiïngarypster Poel binne diggels fûn fan tige âlde potguod en ek stienen ark, lykas messen, skrabbers en pylkpunten. Se moatte fan om-ende- by de jiertelling wêze. It âldst bekende bouwurk is it dowestiennen kapeltsje fan terkaple. Alle hout út earder tiden is fergien. Sûnt ± 1200 slagge it muontsen fan guon kleasters om fan klaai stienen te meitsjen. Grutte, fan klaai makke stiennen, yn houten bakjes foarmjûn, drûge yn de sinne en by it fjoer bakt. Sokke stiennen wurde tsjintwurdich "âlde friezen” of “kleastermoppen” neamd.

It kapeltsje fan Terkaple wie lykwols fan dowestien makke; dowestien dat út Dútslân wei oanfierd wurde moast. Dêrom witte wy de de kapel der al foar 1200 stien hawwe moat en Terkaple dus al in hiel âld doarp wêze moat. Ek yn de buert fan de Hearresyl binne op de boaiem fan de poel tige âlde brokstikken fan bewenning fûn. Nei alle gedachten is de kolonisaasje fan de Lege Wâlden benammen fanút Aldeboarn en Akkrum komd. De parochytsjerke Sint Pankras út Aldeboarn krige de funksje fan memmetsjerke dy 't rûnom kapeltsjes stifte en dêr't de minsken wenjen gienen. Ek út it kleaster fan Nes wei waarden muontsen oanwiisd om tsjinsten yn dizze kapellen te hâlden. Yn in skriuwen út it jier 1315 fan biskop Guy fan Henegouwen stiet dat ûnder it behear fan Aldeboarn 38 dochterkapellen foelen, ûnder oare Beke (Beets), Urathorp (Oerterp), Wispolla ( Terwispel ), Kathaleke ( Ketlik ), Hoerne ( Aldhoarne ), Westermere ( Westermar ), Ackronryprasuach ( Sniksweach ), Capella ( Terkaple ), Ackrommaryp ( Eagmaryp ), Moneckaga (Sint Jansgea by Eagmaryp).
Hjirút blykt dat de doarpen út de omkriten allegear âlder binne as bygelyks De Jouwer, want dat wurdt yn 1315 noch nearne neamd. De konneksje tusken Akkrum en Eagmaryp is dúdlik te sjen yn de namme Ackrommaryp.

Striid tsjin it wetter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemaal De Lege Wâlden yn Terkaple

De Slachtedyk moast midden Fryslân beskermje tsjin it bytiden hiel hege wetter fan de Middelsee, en doe't dy tichtslibbe wie tsjin de him útwreidzjende Snitser Mar. Dat der yn dizze omkriten turf groeven is stiet wol fêst. Benammen de namme Sâltpoel wiist op it ôfgraven fan fean om sâlt te winnen. In grut part fan itfeangebiet wie troch de iuwen hinne sa faak oerspield mei seewetter, dat dit seewetter nei in oerstreaming steanbleau en yndrûge troch de sinne. Sa bleau op bepaalde stikken in sâltlaach efter. In diel fan de Terkapelster Poel is grif ek ûntstien troch ôfgraving fan fean foar turf. Dat is te sjen oan de ynhammen fan de poel. Dy rinne allegear yn de rjochting fan de ferkaveling tusken Terkaple en Akkrum. Der sille petgatten groeven wêze mei "sethagen” dertusken. Dy sethagen binne yn de rin fan de tiid weispield troch de westewyn. Ien sethage is oerbleaun yn de poel, de "skonkepôle”, in stripe lân dêr't omhinne fard wurde kin. In sethage wie in stripe lân tusken de petgatten om turf op te drûgjen. Dit proses is noch goed te sjen yn de Alde Feanen by Earnewâld, dêr't op ferskillende plakken smelle stripen lân of eilantsjes boppe wetter útstekke: oerbliuwsels fan sethagen.

De Slachtedyk soarge derfoar dat de Sâltpoel en Terkapelster Poel yn elkoar oerrûnen. De dyk makke in skieding tusken beide. Yn de 16e iuw is der in “syl” of slûs yn makke troch de hearen Dekema, Foyts en Cuik, de grutte feanhearen, dy't út it feangebiet mei turfskippen nei de Sudersee moasten om de turf yn Hollân te ferkeapjen. De trije hearen begûnen in turfgraverij en –hannel en foarmen in kompanjonskip om 1550 hinne. Der warden twa kompanjonsfearten groeven om de turf ôf te fieren, de Skoatterlânske Kompanjonsfeart en de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De bedoeling fan de hearen wie earst om de turfôffier oer de Tsjonger nei de Sudersee te dwaan, mar dat mislearre omdat de Tsjonger faak ûndjip wie troch drûchte. Dêrnei hawwe de hearen in kanaal grave litten fan It Hearrenfean nei Haskerdiken, de Hearresleat. Letter waard it Deel groeven en it Akkrumer Rak. Fia de Terkapelster Poel kamen de skippen foar de Slachtedyk. Dêr is doe in slûs yn makke, sadat de wei frij wie nei de Sudersee en Hollân. Sa wienen de “kompanjons” en de gebieten oan de eastkant fan de Slachtedyk befeilige troch syk en slûs. Yn de 16e iuw wienen dat benammen Utingeradiel, Anjewier en Hasker Fiifgea (Haskerlân). Underling wie der faak skeel oer wat elk betelje moast oan ûnderhâld, benammen tusken de hearen en de Lege Wâlden. Dat blykt út de beskriuwing fan in rjochtsaak út de benefysjaalboeken fan Fryslân. In skreaun ferhaal oer in rjochtsaak tusken ympretanten en gedaagden. De gedaagden waarden der fan beskuldige net meiwurkje te wollen by de reparaasje fan in slûs en dyk ûnder Terkaple.

Yn 1883 is de slûs fuortspield by in swiere stoarm. Yn datselde jier is it gat tichte troch de oanlis fan de nije Slachtedyk tusken de beide puollen. Pas yn 1969 is de ferbining wer iepenmakke en waard de Hearresylbrêge boud. By de brêge leit yn de lijte foar de westenwyn hjoed de dei in helling om boatsjes út it wetter te heljen, eartiids wie dit lijteplak in soarte haven dêr't de weachslach fan de Snitser Mar hast net kaam. De skûtsjeskippers kamen hjir efkes by nei it swiere yn de wyn op wurkjen oer de Terkapelster Poel. In moai plak om efkes waarm iten klear te meitsjen. Mar it mocht net te lang duorje, want tiid wie jild. Dus waarden der yn de lijte efkes gau pankoeken bakt. By de skippers waard dat hoekje dan ek faak “de pankoekshaven” neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: