Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 9
Appearance
Konstantyn de Grutte (± 272 - 337), wie Romeinske keizer. Hy is fral bekend wurden as de earste keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it Kristendom, want troch it ûndertekenjen fan it edikt fan Milaan makke hy foar altyd in ein oan de Kristenferfolgingen yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd Byzantium, dat hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme Konstantinopel, weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.