Springe nei ynhâld

Borneo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kalimantan)
Plak fan Borneo yn Yndoneezje
Satellytbyld fan Borneo op 17-05-2002

Borneo is in eilân yn Súdeast-Aazje. Mei in oerflakte fan om-ende-by 744.108 km² is Borneo it op twa nei grutste eilân fan de wrâld. Allinnich Grienlân en Nij-Guinee binne grutter.

Borneo is part fan Yndoneezje, Maleizje en Brûnei. It steatsje Brûnei leit hieledal op Borneo.

It súdlike, fierwei grutste part fan it eilân heart oan Yndoneezje en hjit offisjeel Kalimantan. It noardpart heart ta Maleizje. Dat East-Maleizje bestiet út Sabah, en Sarawak, dat yn it noardwesten leit. Sabah en Sarawak wurde tegearre ek wol Maleizysk Borneo neamd. Brûnei is in ûnôfhinklike, relatyf lytse steat in it noarden fan it eilân. De namme "Borneo" is oars ek ôflaat fan "Brûnei".

De grutste stêd fan Borneo is Samarinda, haadstêd fan de Yndonezyske provinsje East-Kalimantan, mei likernôch 726.000 ynwenners (2010). Dêrnei folgje Kota Kinabalu (651.000), Balikpapan (639.000), Banjarmasin (625.000) en Kuching (617.000).

Noardwestlik fan it eilân leit de Súd-Sineeske See, benoareasten de Sûlûsee, beëasten de Selebessee, súdeastlik de Strjitte Makassar, besuden de Javasee en yn it súdwesten de Strjitte Karimata.

Der waard rûsd dat Borneo yn 2010 19.800.000 ynwenners hie. De grutste befolkingsgroepen binne Maleiers, Banjar, Han-Sinezen en Dajaks.

Wat religy oanbelanget is it grutste part fan de befolking fan Borneo is moslim of animistysk. Der is in lytse hindoe-minderheid yn Midden-Kalimantan. De measte Dajaks binne kristlik.

Op Borneo wurde tal fan sprutsen, fral Malayo-Polynesyske talen. Sarawak allinnich hat 47 talen, Sabah 54, Kalimantan 83 en Brûnei 17.

It eilân hat in tropysk klimaat. Borneo hat feitlik gjin seizoenen en der falt it hiele jier troch in protte rein.