Balikpapan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Balikpapan
Lokasi Kalimantan Timur Kota Balikpapan.svg
Sifers
Ynwennertal 639.031 (2011)
Oerflak 503,3 km²
Befolkingstichtens 1300 / km²
Hichte 0 m
Polityk
Lân Yndoneezje
Provinsje East-Kalimantan
Eilân Borneo
Boargemaster Rizal Effendi
Oar
Stifting 1897
Tiidsône WITA (UTC+8)
Webside www.balikpapan.go.id
Oaljeraffinaderijen yn Balikpapan

Balikpapan is in havenstêd op it Yndonesysk part fan Borneo, Kalimantan

It is de grutste stêd fan de provinsje East-Kalimantan, grutter as de provinsjehaadstêd Samarinda. Balikpapan leit oan de Strjitte Makassar en is in sintrum fan ierdoaljewinning, oaljeraffinaasje en houthannel. Njonken de Yndonezyske steatsoaljeûndernimming Pertamina, sitte der ek Frânske en Amerikaanske oaljemaatskippijen. De oaljewinning waard 1897 met útein set en benoarden Balikpapan binne noch de yn Nederlân makke jaknikkers yn it wurk.

Om reden fan de oaljefjilden en de yndustry anneks waard der yn de Twadde Wrâldkriich swier fjochte om de stêd: Jannewaris 1942 kaam it ta de Slach om Balikpapan, febrewaris 1942 waard de stêd troch it Keizerlik Japansk leger ynnaam en july 1945 fan de Alliearden ferovere.

Balikpapan hat in ynternasjonale lofthaven (Sepinggan International Airport) en mear as ien haven; ien dêrfan is foar de ieroaljeútfier.

In wichtich part fan de befolking komt út oarde dielen fan Yndoneezje en bestiet út ûnder mear Dajaks, Banjar, Buginezen, Madoerezen en Javanen.

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Balikpan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]