Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 42
Saturnus is fan de sinne ôf rekkene de seisde planeet yn ús sinnestelsel en op Jupiter nei de grutste. Beide gasreuzen binne saneamde 'bûtenplaneten'. Saturnus is ferneamd nei de Romeinske god fan de lânbou, Saturnus. Saturnus is al sûnt de prehistoarje bekend.
De gearstalling fan Saturnus liket in soad op dy fan Jupiter. Yn it sintrum sit in rotseftige kearn, dêromhinne in mantel fan floeiber metallysk wetterstof, folge troch in laach fan molekulêr wetterstof. De temperatuer yn de kearn bedraacht 12 000 K. As gefolch fan it Kelvin-Helmholtz meganisme strielt Saturnus mear enerzjy út as't hy fan de sinne krijt. Dizze enerzjy útstrieling wurdt fersterke troch de wriuwingswaarmte dy't frijkomt as helium yn de mantel tsjin wetterstof botst.