Mount Cook
Mount Cook (Maori: Aoraki, 'de berch dy't de wolkens pakt') is de heechste berch (3766 meter) fan Nij-Seelân en leit op it Sudereilân. De berch krige syn namme fan kapitein Stokes, de kartograaf dy't dit gebiet yn kaart brocht, en is neamd nei de Ingelske seefarder James Cook, dy't Nij-Seelân foar Grut-Brittanje ûntdekt hat. De berch is in toeristyske trekpleister.
Mount Cook leit yn it Nasjonaal park Aoraki/Mount Cook, dat yn 1953 iepene waard en mei it Nasjonaal park Westland Tai Poutini, it Nasjonaal park Mount Aspiring en it Nasjonaal park Fiordland ien fan UNESCO syn World Heritage Sites is. It park hat mear as 140 berchtoppen boppe de 2.000 meter en 72 gletsjers, dy't 40 % (700 km²) fan it park bedekke.
Mount Cook bestiet út trije toppen de Lege top, Middelste top en Hege top. De Tasmangletsjer leit yn it easten en de Hookergletsjer bewesten.
Mount Cook Village (ek bekend as The Hermitage) is in toeristysk sintrum en it basiskamp fan de berch. It leit 7 km fan de Tasmangletsjer en 12 km ten suden fan Mount Cook.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aoraki/Mount Cook fan Wikimedia Commons. |