Wikipedy:Haadside-ynfo/In dei yn de histoarje/July
Appearance
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 |
- 251 - Yn de Slach by Abrittus wurdt it Romeinske leger ferslein troch de Goaten. Keizer Desius mei syn soan Herennius Etruskus sneuvele yn de striid.
- 1646 - Berne: Gottfried Wilhelm Leibniz, Dútske wittenskipper dy't beskôge wurdt as ien fan de grutste tinkers fan de 17e iuw († 1716).
- 1934 - Berne: Jan Dotinga, Frysk skriuwer.
- 1961 - Berne: Prinsesse Diana fan Wales, Britsk prinsesse († 1997).
- 1967 - Pamela Anderson, Kanadeesk aktrise en sekssymboal.
- 1974 - Ferstoarn: Kick Smit, âld Nederlânsk fuotballer (yn de jierren '30 en '40) en ynternasjonaal (* 1911).
- 1997 - De Folksrepublyk Sina krijt har soevereiniteit werom oer Hong Kong dêr't in perioade mei einiget fan 156 jier as Britsk koloanje.
- 1600 - Slach by Nijpoart.
- 1778 - Ferstoarn:Jean-Jacques Rousseau, Switsersk-Frânsk Ferlichtings-filosoof, skriuwer en autodidaktysk komponist
- 1869 - Berne: Hjalmar Söderberg, Sweedsk romanskriuwer, toanielskriuwer, dichter en sjoernalist († 1941).
- 1881 - Presidint James Garfield fan de VS wurdt delsketten troch Charles J. Guiteau.
- 1924 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter († 2002).
- 1961 - Ferstoarn: Ernest Hemingway, Amerikaansk skriuwer (* 1899).
- 1997 - Ferstoarn: James Stewart, Amerikaansk filmakteur (* 1908).
- 1504 - It Hof fan Fryslân sprekt tenei rjocht nei de saneamde Saksyske Ordonnânsje op oanstean fan hartoch George fan Saksen.
- 1883 - Berne: Franz Kafka, skriuwer († 1924).
- 1903 - De earste edysje fan it Frysk Deiblêd komt út.
- 1962 - Berne: Tom Cruise, Amerikaansk akteur en filmregiseur.
- 1971 - Ferstoarn: Jim Morrison, Amerikaansk sjonger
- 2008 - Ferstoarn: Jan Charisius, Nederlânsk hurdfytser, reedrider en sportbestjoerder
- 1310 - De Friezen yn Westergoa ûnderwerpe har oan de Hollânske greve Willem II.
- 1380 - Yn de Slach by Arum sneuvelje 130 manlju.
- 1598 - Ferstoarn:Abraham Ortelius, kaartmakker en geograaf (* 1527).
- 1895 - Berne: Eije Wijkstra, dieder fan in fjouwerfâldige moard yn 1929 by Doezum († 1941).
- 1934 - Ferstoarn: Maria Curie-Sklodowska, Poalsk/Frânsk natuerkundige en ûntfangster fan de Nobelpriis (* 1867).
- 1938 - Berne: Hindrik van der Meer, Fryske skriuwer en útfierder fan (berne)ferskes,
- 2004 - De Kast syn ôfskiedsoptreden yn de Teatertún yn Riis.
- 1586 - Berne: Thomas Hooker, religieusk en koloniale lieder, stifter fan de Amerikaanske koloanje Konnetikut († 1647)
- 1886 - Willem Drees, Nederlânsk minister-presidint fan Fryske komôf († 1988).
- 1903 - Berne: Hein Vos, Nederlânsk ekonoom en politikus fan Fryske komôf († 1972).
- 1908 - Ferstoarn: Jonas Lie, Noarsk skriuwer, dy't by de Grutte Fjouwer heart fan de Noarse literatuer (* 1833).
- 1911 - Georges Pompidou, Frânske politikus, presidint fan Frankryk (1969-1974) († 1974).
- 1915 - Iepening Stasjon Ljouwert Achter de Hoven.
- 1917 - Op it Haarlimmerplein yn Amsterdam einiget de ierappelrebûlje yn in moarderij dêr't 9 deaden en 114 ferwûnen by fallen.
- 1760 - Berne: Dirk Piebes Sjollema, Frysk keunstskilder († 1840).
- 1893 - Ferstoarn: Guy de Maupassant, Frânsk skriuwer (* 1850).
- 1927 - Berne: Ton Alberts, Nederlânsk arsjitekt (û.o. fan it Gasunygebou yn Grins) († 1999).
- 1942 - Anne Franks famylje dûkt ûnder op de souder fan har heit syn kantoar yn Amsterdam.
- 1946 - Berne: Tiemen Groen, Fryske hurdfytser.
- 1956 - Berne: Joop Atsma, Fryske CDA politikus en bestjoerder.
- 1971 - Ferstoarn: Louis Armstrong, Amerikaansk jazztrompettist en sjonger
- 1898 - De Feriene Steaten anneksearje Hawaï.
- 1912 - Berne: S.J. van der Molen, Frysk skriuwer sjoernalist († 1995).
- 1926 - Berne: Gerrit Tasma, oersetter en regisseur Jouster Kritetoaniel († 2009).
- 1930 - Ferstoarn: Arthur Conan Doyle, Ingelsk skriuwer (* 1859).
- 1940 - Berne: Ringo Starr, muzikant, drummer fan de band The Beatles.
- 1950 - Ferstoarn: Jarich van der Wielen, stifter Fryske folkshegeskoalle
- 1996 - Richard Krajicek wint as earste Nederlanner de finale fan Wimbledon.
- 1497 - Vasco da Gama's float set ôf út Lissabon, en begjint oan in ekspedysje nei Yndia.
- 1695 - Ferstoarn: Christiaan Huygens, Nederlânske wiskundige en natuerkundige (* 1629).
- 1788 - Berne: Eelke Jelles Eelkema (ek: Eelkama), Ljouwerter skilder en tekener (*1839)
- 1823 - Berne: Auke Boonemmer, Frysk skriuwer († 1894).
- 1882 - Berne: Percy Grainger, yn Austraalje berne pianist, komponist, dirigint en saksofoanist († 1961).
- 1919 - Ferstoarn: Johan Andreas Dèr Mouw, Nederlânsk dichter, taal- en letterkundige en filosoof (* 1863).
- 2000 - De earste Slachtemaraton wurdt hâlden.
- 1540 - Kening Hindrik VIII fan Ingelân lit syn houlik mei syn fjirde frou, Anna fan Kleef, neatich ferklearje.
- 1816 - Argentynje ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje.
- 1854 - Yn Frjentsjer wurdt foar it earst de PC hâlden.
- 1920 - Berne: Herre Halbertsma, Nederlânske histoarikus, dy't foaral namme makke as archeolooch († 1998).
- 1935 - Berne: Wim Duisenberg, Nederlânsk ekonoom en bankier fan Frysk komôf, de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank († 2005).
- 2002 - Trije-en-fyftich Afrikaanske lannen ferienigje harren yn de Afrikaanske Uny.
- 2005 - Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint de achtste etappe fan de Tour de France.
- 138 - Ferstoarn: Hadrianus, Romeins keizer (* 76).
- 1509 - Berne: Jehannes Kalvyn, Switsersk tsjerkeherfoarmer († 1564).
- 1584 - Willem fan Oranje wurdt yn Delft om hals brocht troch Balthasar Gerards.
- 1871 - Berne: Marcel Proust, Frânsk skriuwer († 1922).
- 1915 - Ferstoarn: Hendrik Willem Mesdag, Nederlânske skilder (* 1831).
- 1935 - Ferstoarn: Johan Bernard Schepers, histoarikus en letterkundige (* 1865).
- 1985 - De Rainbow Warrior, it skip fan Greenpeace, wurdt troch de Franske geheime tsjinst ta sinken brocht in de haven fan Auckland.
- 1274 - Berne: Robert the Bruce, kening fan Skotlân († 1329).
- 1797 - Berne: Otto de Boer, keunstskilder fan Frysk komôf († 1856).
- 1910 - Ferstoarn: Archip Koeindzji, Russysk keunstskilder(* 1841).
- 1937 - Ferstoarn:Georg Gershwin, Amerikaanske komponist (* 1898).
- 1947 - Berne: Piter Boersma, Frysk skriuwer.
- 1995 - Bosnyske Serven nimme de moslimenklave Srebrenitsa yn. Sa'n sântûzen ynwenners wurde om hals brocht.
- 2001 - Herman Brood, Nederlânsk sjonger (* 1946).
- 2010 - It Nederlânske alvetal ferliest de finale fan it WK fuotbal yn Súd-Afrika yn de ferlinging mei 1-0. Spanje wurdt wrâldkampioen.
- 1536 - Ferstoarn: Erasmus - Rotterdamsk humanist, skriuwer en filosoof (* 1466).
- 1730 - Berne: Josiah Wedgwood, Ingelsk ûndernimmer († 1795).
- 1808 - Ferstoarn: Jan Ernst van Panhuys, liberaal politikus en Gûverneur/Kommissaris fan de Kening fan Fryslân († 1878).
- 1918 - Ferstoarn: Geertruida Christine Jentink, feministe en sjoernaliste û.o. fan it Frysk Folksblêd (* 1852).
- 1950 - Berne: Gerrit van de Werfhorst, byldzjend keunstner.
- 1970 - De RA II fan de Noarske antropolooch Thor Heyerdahl berikt it West-Ynjeske eilân Barbados nei yn 57 dagen de ôfstân fan 6200 kilometer tusken Afrika en Midden-Amerika ôflein te hawwen.
- 2009 - Ferstoarn: Simon Vinkenoog, Nederlânsk skriuwer (* 1928).
- 1620 - Ferstoarn: Willem Loadewyk fan Nassau, Us Heit, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân (* 1560).
- 1640 - Ferstoarn: Hindrik Kasimir I, greve fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte (* 1612).
- 1908 - Froulju dogge foar it earst mei oan de moderne Olympyske Spullen.
- 1919 - Ferstoarn: Jacob Hepkema, útjouwer en redakteur fan it Nieuwsblad voor Friesland en it Leeuwarder Nieuwsblad (* 1845).
- 1921 - Emil Pfeiffer, Dútske internist en bernearts, beskriuwer fan de sykte fan Pfeiffer.
- 1966 - Berne: Herbert Dijkstra, Nederlânsk sportferslachjouwer en âld hurdrider en hurdfytser.
- 1994 - Ferstoarn: Feyo Schelto Sixma van Heemstra (skûlnamme: Homme Eerntsma), keunsthistoarikus en Frysk skriuwer (* 1916).
- 1779 - Berne: Sicco Ens, medikus en heechlearaar ferlos- hiel- en genêskunde oan de Universiteit fan Frjentsjer († 1842).
- 1789 - Yn de Parys wurdt de Bastille bestoarme, it begjin fan de Frânske revolúsje.
- 1836 - Ferstoarn: Willem Bartel van der Kooi, keunstskilder (* 1768).
- 1838 - Ferstoarn: Bernardus Buma, Frysk bestjoerder en politikus (* 1770).
- 1904 - Ferstoarn: Paul Kruger, lieder fan de Súd-Afrikaanske Boeren en presidint fan Transvaal (* 1825).
- 1913 - Berne: Gerald Ford, 38e Presidint fan de Feriene Steaten († 2006).
- 1933 - Yn Dútslân wurde alle politike partijen útsein de NSDAP ferbean.
- 1963 - Berne: Wouter Bos, Nederlânske politikus fan de PvdA.
- 1606 - Berne: Rembrandt van Rijn, Nederlânsk skilder († 1669).
- 1799 - De Stien fan Rosetta wurdt yn Egypte ûntdutsen.
- 1816 - Berne: Hjerre Gjerrits van der Veen, Frysk skriuwer († 1887).
- 1848 - Ferstoarn: baron Maurits fan Sytzama, Frysk politikus en bestjoerder (* 1789)
- 1945 - Ferstoarn: baron Theodorus van Welderen, Liberaal Frysk politikus en bestjoerder (* 1867).
- 1962 - Algerije wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 2007 - Ferstoarn: Schelto Patijn, Nederlânsk politikus en bestjoerder (boargemaster fan Amsterdam) foar de PvdA (* 1936).
- 1872 - Berne: Roald Amundsen, Noarsk ûntdekkingsreizger yn de poalstreken († 1928).
- 1883 - Iepening fan it earste part, Ljouwert - Snits, fan it spoar fan Ljouwert nei Starum.
- 1888 - Berne: Fritz Zernike, in Nederlânske natuerkundige en winner fan Nobelpriis (* 1966).
- 1923 - Ferstoarn: Louis Couperus, Nederlânsk skriuwer (* 1863).
- 1944 - Ferstoarn: Johannes Post, Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich (* 1906).
- 1961 - Berne: Lida Dykstra, Frysk berneboekeskriuwster.
- 1971 - Berne: Greet Andringa, Frysk skriuwster.
- 1091 - Ferstoarn: Durk V fan Hollân, greve fan Hollân en Seelân.
- 1830 - Ferstoarn: Eelco Verwijs, Nederlânsk filolooch († 1880).
- 1938 - Berne: Hermann, Belgysk striptekener.
- 1942 - Oan de Wolga by Sint-Petersburch set de Slach om Stalingrad, it kearpunt fan de Twadde Wrâldkriich, útein.
- 1974 - Berne: Tonny de Jong, Frysk reedrydster.
- 1959 - Ferstoarn: Billie Holiday (Eleanora Fagan Gough), Amerikaansk jazz-sjongster (* 1915).
- 1995 - Ferstoarn: Juan Manuel Fangio, wrâldkampioen Formule 1 (* 1911).
- 1672 - Bearend fan Galen, biskop fan Münster, bestookt de stêd Grins mei bommen en granaten.
- 1871 - Berne: Oepke Noordmans, Nederlânsk dûmny en ferneamd teolooch fan Frysk komôf († 1956).
- 1918 - Berne: Nelson Mandela, âld-president fan Súd-Afrika.
- 1925 - Adolf Hitler publisearret Mein Kampf.
- 1928 - Berne: Simon Vinkenoog, Nederlânsk skriuwer fan proaza en poëzij († 2009).
- 1936 - Yn Spanje pliget Generalísimo Franco in steatsgreep.
- 1945 - Berne: Fritz Korbach, Nederlânsk fuotbaltrener fan Dútsk komôf.
- 1572 - De earste Frije Steatengearkomst wurdt yn Dordrecht hâlden, dêr't de basis lein foar de Steat fan de Nederlannen ûnder 'lieding' fan Willem fan Oranje.
- 1843 - Tewetterlitting fan it earste, folslein metalen stoomskip, de SS Great Britain.
- 1934 - Ferstoarn: Lammert Scheltes Hilarides, Frysk keatser, fjouwerfâldige PC-winner (* 1868).
- 1937 - Berne: Egnatius Ydema, Frysk keunstskilder (* 1876)
- 1939 - Ferstoarn: Willem Cornelis de Groot, Frysk arsjitekt (* 1853).
- 1952 - Berne: Johanneke Liemburg, Twadde Keamerlid en boargemaster fan Littenseradiel
- 1954 - Ferstoarn: Coen de Koning, wrâldkampioen reedriden en twafâldich winner fan de Alvestêdetocht (* 1879).
(Start fan de Hûnsdagen)
- 1656 - Rembrandt wurdt fallyt ferklearre. Syn keunstsamling, atelierspullen en hûs wurde oan de skuldeaskers ferkocht.
- 1919 - Edmund Hillary komt as earste minske oan op de top fan de Mount Everest.
- 1920 - SK It Hearrenfean wurdt stifte.
- 1940 - Denemark stapt út it Folkebûn.
- 1980 - Nei dat hy fiif kear twadde wurden wie wit Joop Zoetemelk, as twadde Nederlanner yn de skiednis, de Tour de France te winnen.
- 1992 - Slowakije nimt in grûnwet oan en sil op 1 jannewaris 1993 ûnôfhinklik wurde.
- 1813 - Berne: Hendrik Pasma, Frysk dichter († 1890).
- 1944 - Ferstoarn: Claus von Stauffenberg, Dútske kolonel en fersetsstrider, dy't it besocht hat om Adolf Hitler mei in oanslach dea te dwaan (* 1907).
- 1947 - Begjin fan de earste polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje.
- 1947 - Berne: Petrus Griepink, Nederlânsk byldzjend keunstner.
- 1969 - De Amerikaan Neil Armstrong set as earste minske foet op de Moanne.
- 1974 - Ferstoarn: Jacob Jongbloed, Fryske fysiolooch (* 1895).
- 2005 - Ferstoarn: Jan Pieter Janzen, Frysk skriuwer (* 1945).
- 1626 - De Fryske steedhâlder Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz werovert foar de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen de stêd Oldenzaal.
- 1640 - Ferstoarn: Hindrik Kasimir I, steedhâlder (* 1612).
- 1892 - Berne: Hendrik van Houten, Frysk sjoernalist en politikus († 1952).
- 1945 - De SKS wurdt oprjochte.
- 1948 - Berne: Otto Waalkes, Dútsk komediant en akteur fan Eastfrysk komôf.
- 1958 - Michail Zosjtjenko, Russysk skriuwer fan humoristyske en satiryske ferhalen (* 1895).
- 1980 - Berne: Folkert van der Wei, Frysk keatser, twafâldich PC winner.
- 1981 - Ferstoarn: Anne Jousma, Frysk skriuwer (* 1900).
- 1568 - De Spaanske lânfaad Alva lûkt Grins binnen.
- 1581 - Ferstoarn: George fan Lalaing, Spaanske steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel (* ±1555).
- 1864 - Berne: Jan Linses van der Burg, Frysk dichter († 1905).
- 1923 - Berne: Thea Beckman, Nederlânsk berneboekeskriuwster († 2004).
- 2002 - Chaim Potok, Joadsk-Amerikaanske skriuwer en rabbyn (* 1929).
- 2004 - De Stifting Fryske Aksje kaapt de domeinnamme www.ednijpels.nl
- 2007 - De Fryske oersetting fan Harry Potter and the Philosopher's Stone komt út
- 1704 - Ingelân ferovert Gibraltar op Spanje.
- 1738 - Berne: Betje Wolff, Nederlânske skriuwster († 1804).
- 1783 - Berne: Simón Bolívar, Súd-Amerikaansk steatsman († 1830).
- 1844 - Berne: Ilja Repin Russysk keunstskilder en byldhouwer († 1930).
- 1969 - Berne: Jennifer Lopez, Amerikaansk sjongeres, aktrise, dûnseres, moadeûntwerperster en moade-ikoan.
- 2007 - De Fryske wikipedy hat 5.000 siden.
- 1488 - De Portegeeske seefarder Bartolomeus Dias fart om Kaap de Goeie Hope (Afrika).
- 1472 - Ferstoarn: Tomas fan Kempen, midsiuwske muonts en hillige (* ±1380).
- 1865 - Berne: Jac. P. Thijsse, Nederlânsk Natoeredukator († 1945).
- 1890 - Ferstoarn: Sterke Jerke, sterke man fan Droegeham (* 1801).
- 1898 - Berne: Fedde Schurer, Frysk dichter († 1968).
- 1968 - Berne: Jack de Vries, CDA politikus fan Frysk komôf.
- 1909 - Louis Blériot fleant as eartse It Kanaal oer.
- 2010 - In trein sjit jûns let by it stasjon Starum troch de stjitblokken en rydt dwers troch in wettersportwinkel en stoppet 100 meter fierder op in plein. Twa ûnderhâldspersonielsleden reitsje ferwûne.
- 356 f.Kr. - Berne; Aleksander de Grutte, kening fan Masedoanje en stifter fan in wrâldryk († 323 f.Kr.).
- 1764 - Ferstoarn: Jacobus Deketh, kaptein by de Fryske Admiraliteit (* 1726)
- 1887 - Yn it Esperanto wurdt foar it earst publisearre troch Ludovich Zamenhof.
- 1894 - Berne: Aldous Huxley, Britsk-Amearikaanske skriuwer († 1963).
- 1918 - Ferstoarn: Fanny zu Reventlow, Dútsk skriuwster, keunstner en oersetter (* 1871).
- 1942 - Ferstoarn: Titus Brandsma, katolike muonts en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich (* 1881).
- 1943 - Berne: Mick Jagger, Ingelske sjonger by de The Rolling Stones.
- 1830 - Yn Frankryk brekt de julyrevolúsje út. Nei twa dagen fan rebûlje flecht de Frânke kening nei Ingelân.
- 1890 - Vincent van Gogh sjit himsels yn it boarst mei in pistoal. Oan syn ferwûnings stjert er letter, 29 july 1890.
- 1955 - Berne: Jillert Anema, fysioterapeut en reedriderscoach
- 1967 - Berne: Monique Sluyter, Nederlânsk aktrise en presintatrise
- 1984 - Ferstoarn: James Mason, Ingelsk akteur (* 1909).
- 1985 - Ferstoarn: Sjoerd Spanninga, Frysk dichter (* 1906).
- 2007 - Iepening Akwadukt Langdeel yn it kanaal Langdeel oer de N31 (de Wâldwei) hinne.
- 1227 - yn de Slach by Ane ferslaan de Drintske boeren it ruterleger fan de biskop fan Utert ( biskop otto II ).
- 1750 - Ferstoarn: Johann Sebastian Bach, Dúts organist en komponist
- 1794 - Ferstoarn: Maximilien Robespierre, Frânsk revolúsjonêr (* 1821).
- 1940 - Keninginne Wilhelmina iepent de útstjoerings fan Radio Oranje út Londen wei.
- 1943 - Berne: Akky van der Veer, Frysk skriuwster.
- 1952 - Berne:Monique van de Ven, Nederlânsk aktrise.
- 1988 - Ferstoarn: Welmoed Dijkstra-Talsma, Frysk skriuwster (* 1896).
- 1018 - Yn de Slach by Flaardingen ferslaat de Fryske greve Durk III it leger fan de Dútske keizer.
- 1585 - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk stiftet yn Frjentsjer in universiteit, de Universiteit fan Frjentsjer.
- 1752 - De Ljouwerter Krante ferskynt foar it earst as Leeuwarder Saturdagse Courant.
- 1883 - Berne: Benito Mussolini, Italjaansk politikus (* 1945)
- 1890 - Ferstoarn: Vincent van Gogh, Nederlânsk keunstskilder, stjert oan in skotwûne dy't er himsels twa dagen earder tabrocht hat (* 1853).
- 1954 - Ferstoarn: Coen de Koning, Nederlânsk reedrider, winner Alvestêdetocht (1912 en 1917)
- 1968 - Berne: Arno Brok, Nederlânske boargemaster fan de VVD.
- 1641 - Berne: Reinier de Graaf, Nederlânsk arts en anatoom († 1673)
- 1818 - Berne: Emily Brontë, Britsk skriuwster († 1848).
- 1856 - Ferstoarn: Seerp Brouwer, Frysk medikus en politikus (* 1793).
- 1863 - Berne: Henry Ford, Amerikaansk yndustrieel († 1947).
- 1898 - Ferstoarn: Otto von Bismarck, Dútsk steatsman (* 1815).*
- 1965 - Berne: Sybrand van Haersma Buma, Twadde Keamerlid foar it CDA.
- 1966 - Ferstoarn: Tietse Pieter Sevensma, Nederlânsk bibletekaris, auteur en redakteur (* 1879).
- 1396 - Berne: Filips de Goede, hartoch fan Boergonje en Greve fan Hollân († 1467).
- 1571 - De lânfâd Alva furdiget it dekreet fan de Tsiende Peinje út.
- 1886 - Ferstoarn: Franz Liszt, komponist (* 1811).
- 1892 - Berne: Gerrit Aalfs, Frysk filmmakker († ?)
- 1908 - Berne: Piet Oberman (skulnamme Piet Kramer), fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich, haad fan de KP Fryslân († 1972).
- 1944 - Ferstoarn: Antoine de Saint Exupéry, Frânsk piloat en skriuwer (* 1900).
- 2005 - Ferstoarn: Wim Duisenberg, ekonoom en bankier, de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank (* 1935).
- 2008 - Romtefartúch Phoenix fan de NASA befêstiget de oanwêzigens fan wetter op de planeet Mars.