Charles J. Guiteau

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Charles J. Guiteau

Charles Julius Guiteau (Freeport (Illinois), 8 septimber 1841Washington D.C., 30 juny 1882) wie in Amerikaanske abbekaat dy't op 2 july 1881 de Amerikaanske presidint James Garfield beskeat. De presidint ferstoar úteinlik op 19 septimber oan syn ferwûnings.

Guiteau waard as bern faak slein troch syn heit. Syn pake liet him 1000 dollar nei, wêrmei't hy oan in rjochtenstúdzje begûn, dat wie gjin súkses en hy waard au fan skoalle stjoerd. Dat hâlde him net tsjin en mei de rest fan pakepong begûn er in abbekatekantoar yn Chicago. Hy brûkte in oantal kompleet optochte oanrikkenmedaasjebrieven fan elke bekende Amerikaanske famylje dy't er mar betinke koe. Neidat al syn zaken einigen mei lilke kliïnten, rekke er it paaad bjuster en einige yn de kontroversjele Oneida Commune. Hy waard úteinlik út de sekte setten omdat it dúdlik wie dat hy mentaal net hielendal spoarde.

Guiteau rekke ynteresearre yn polityk en hy joech in oantal kearen ûnútnûge, rammeljende taspraken by de ferkiezingskampanje fan Garfield. Hy miende dat er mei dy bydragen sels ferantwurdlik wie foar de oer de oerwinning fan Garfield. Hy stie der op dat him in ambassadeurskip takend waard foar syn bewiisde tsjinsten. Doe't it Wite Hûs gjin notysje naam fan dy eask luts hy him werom en begûn te bidden. Hy leaude dat God him opdroegen hie om de presidint te fermoardzjen. Guiteau kocht in djoer .44 pistoal dat rynsk fersierd wie mei edele metalen, sadat it in goed museumstikwêze soe nei de oanslach. Hy skeat Garfield yn syn efterholle doe't dy op in trein stapte yn Washington D.C..

It soe noch in stikmannich wiken duorje eardat de presidint úteinlik op 19 septimber ferstoar. Op syn siikbêd waard in grut oantal ferskillende eksperiminten op him útprobearre. Bygelyks waard in troch Alexander Graham Bell ûntwikkele metaaldetektor brûkt om te besykjen de kûgel yn 'e holle te finen. Dat slagge lykwols net, grif troch in steuring fan de metalen spiralen yn it bêd dêr't de presidint op lei. Uteinlik ferstoar Garfield grif troch in ynfeksje dy't feroarsake waard trochdat de dokters konstant syn wûne behannelen sûnder goede sterilisaasje.

Guiteau waard wat in mediaheld by de rjochtszaak tsjin him fanwegen syn bizarre hâlden en dragen. Dat bestie ûnder oare út it meitsjen fan tige negative opmerkings oer syn abbekaten, syn tsjûgenissen wienen yn de foarm fan lange gedichten en hy frege advys oer syn ferdigening oan willekeurige taskôgers. Op in stuit stelde er dat Garfield ferstoarn wie troch medyske fouten, wat miskyn wol in bytsje wier wie. Oant de ein fan de rjochtssaak bleau Guiteau plannen meitsjen om op toernee te gean sadre't hy frijlitten wurde soe. Hy wie dan ek bot teloarsteld doe't de sjuery net oertsjûge wie fan syn godlike opdracht en him feroardiele foar de moard. Hy waard oan it begjin fan de simmer fan 1882 yn de Amerikaanske haadstêd ophong.

De rjochtssaak fan Guiteau wie ien fan de earste wichtige Amerikaanske rjochtssaken dêr't yn besocht waard om de fertochte frijsprutsen te krijen op basis fan it feit dat hy ûntarekkenber wêze soe. Dat nettsjinsteande it feit dat Guiteau úthâlde dat hy net gek wie; dat ferskil fan miening wie ien fan de wichtichste oarsaken fan it skeel tusken him en syn abbekaten.