Guy de Maupassant

Foto: Nadar
Guy de Maupassant (Château de Miromesnil, 5 augustus 1850 – Passy, 6 july 1893) wie in Frânsk skriuwer, wiid ferneamd as in master fan it koarte ferhaal, en ek as in fertsjintwurdiger fan 'e naturalistyske skoalle, dy't minsklike libbens, lotsbestimmingen en maatskiplike krêften yn teloarstelde en faak pessimistyske termen ôfbylde.
Maupassant wie in protégé fan Gustave Flaubert en syn ferhalen wurde karakterisearre troch in sobere styl en effisjinte, skynber muoiteleaze ûntknopingen. In protte ferhalen spylje har ôf ûnder de Frânsk-Prusyske Oarloch fan 'e 1870-er jierren, en beskriuwe de neatichheid fan oarloch en de ûnskuldige boargers dy't, fongen yn barrens bûten harren kontrôle, permanint feroare wurde troch har ûnderfiningen. Hy skreau 300 koarte ferhalen, seis romans, trije reisboeken en ien dichtbondel. Syn earste publisearre ferhaal, Boule de Suif (1880), wurdt faak beskôge as syn ferneamdste wurk.
It eroatyske karakter fan guon ferhalen kaam him wolris op krityk te stean.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boule de Suif (1880)
- La Maison Tellier (1881)
- Une partie de campagne (1881)
- Mademoiselle Fifi (1882)
- Ce cochon de Morin (1882)
- La folle (1882)
- La Légende du Mont-Saint-Michel (1882)
- La ficelle (1883)
- Deux Amis (1883)
- Une vie (1883)
- Aux champs ( 1884)
- Vendetta (1883)
- Contes de la bécasse ([1883)
- Clair de lune (1883)
- Au soleil (1884)
- Les Sœurs Rondoli (1884)
- Yvette (1884)
- La Parure (1884)
- Miss Harriet (1884)
- Un fou ? (1884)
- Adieu ! (1884)
- L’Héritage (1884)
- Monsieur Parent (1885)
- Lettre d'un fou (1885)
- Bel-Ami (1885)
- Contes du jour et de la nuit (1885)
- Le Horla (1887)
- Sur l’eau (1888)
- Pierre et Jean (1887/1888)
- Le Rosier de Madame Husson (1888)
- Le Port (1889)
- Fort comme la mort (1889)
- La Main gauche (1889)
- Histoire d’une fille de ferme (1889)
- Histoire du vieux temps (1879)
- Mouche (1890)
- La Vie errante (1890)
- Notre cœur (1890)
- L’Inutile Beauté (1890)
- Musotte (1890)
- La paix du ménage (1893)
- Le Père Millon (1899)
- Le Colporteur (1900)
- Les Dimanches d’un bourgeois de Paris (1900)
- Une répétition (1910)
- La Chevelure
- Le Masque
- Rose
- Pirot
- Madame Baptiste
- Histoire vraie
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boule de Suif Digitaal te lêzen
- Mademoiselle Fifi Digitaal te lêzen
- La Maison Tellier Digitaal te lêzen
- Biografy en sitaten fan de Maupassant (fr)
- Contes de la bécasse Digitaal te lêzen
- Clair de lune Digitaal te lêzen)
- L’Inutile Beauté Digitaal te lêzen
- La Main gauche Digitaal te lêzen
- Pierre et Jean Digitaal te lêzen
- Fort comme la mortDigitaal te lêzen
- Le HorlaDigitaal te lêzen
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Guy de Maupassant fan Wikimedia Commons. |
