Ton Alberts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gasunygebou yn Grins

Anton Carel (Ton) Alberts (Antwerpen, 6 july 1927Amsterdam, 16 augustus 1999) wie in Nederlânske arsjitekt dy't foaral bekend is fan syn op antroposofyske ideeën basearre organyske arsjitektuur fan Rudolf Steiner.[1].

Doe't er noch jong wie is Ton Alberts nei Amsterdam ferhûze. Dêr gong er nei de Akademy fan Boukeunst, in stúdzje dêr't er yn 1954 klear mei wie. Oant 1974 wurket er as dosint foar de akademy en dêrneist is er arsjitekt foar it buro fan Ben Merkelbach.

Letter begjint er yn'e mande mei Max van Huut in arsjitekteburo mei de namme 'Alberts & van Huut'. Tegearre wienen sy de promoters foar it organysk bouwen. Sy binne benammen ferneamd wurden troch it ûntwerp fan it haadkantoar fan de NMB-bank (no ING Bank) boud yn 1987 yn Amsterdam Sudeast en it kantoar fan de Gasuny yn Grins.

Alberts hat syn fergese tsjinst ek oanbean foar it ûntwerpen fan de Fredesparken yn Bosnje en Herzegovina, mar moast it litte by wat sketsen om't er koart dêrnei kaam te ferstjerren. Wol is it Fredesflam-Hûs yn Tuzla, in mienskipssintrum, neffens syn tekeningen boud. It hûs is in geskink fan de Peace Flame Foundation Netherlands.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan Wikipedia nl:, Ton Alberts
  1. Pearson, David, New Organic Architecture, Univ. of California Press: 2001.