Springe nei ynhâld

Herbert Dijkstra

Ut Wikipedy
Herbert Dijkstra
sporter
Herbert Dijkstra yn syn NOS-kabine
Herbert Dijkstra yn syn NOS-kabine
persoanlike bysûnderheden
echte namme Herbert Dijkstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 13 july 1966
berteplak Smilde
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen,
Reedriden
ûnderdiel Dykhurdfytsen,
Langebaanriden
O.S. Calgary 1988,
Seoel 1988
ekstra fan 1993 oant en mei 2021 sportferslachjouwer foar Studio Sport

Herbert Dijkstra (Smilde, 13 july 1966) is in eardere Nederlânske hurdrider en hurdfytser, dy't nei syn aktive karriêre sportferslachjouwer waard. Hy is troud mei in Friezinne en hat twa famkes.

As soan fan in learaar Frânsk hellet er yn 1985 it ateneumdiploma oan dit Menso Alting Kolleezje yn Hoogeveen. Sûnt 1998 wurket Dijkstra foar de NOS en bringt hy op radio en tv ferslach út fan sporteveneminten, benammen fan de grutte hurdfytswedstriden en ferskate eveneminten fan reedriden.
Hy wie ek anchorman fan it sportferslachjouwingsteam fan RTV Drenthe, dêr't hy yn 2005 om in arbeidskonflikt op steande foet ûntslein waard.

De heit fan hurdfytser Erik Dekker helle Herbert yn as jonkje fan tolve nei de hurdfytsklup. Mei Gerard Kemkers siet er yn de seleksje foar Jong Oranje by uit reedriden. As aktyf sporter wie Dijkstra in reedlik súksesfol reedrider en amateur-hurdfytser. As reedrider, ynspirearre troch plakgenoat Piet Kleine, pakte hy medaljes op de NK op de fiif en de tsien kilometer en kaam hy út foar Nederlân op de Winterspullen fan 1988 yn Calgary; hy waard alfte op de 10.000 meter en trettjinde op de 5000 meter.

As amateur-hurdfytser hearde hy by de nasjonale top. Yn 1988 fertsjintwurdige hy Nederlân by de Olympyske Spullen yn Seoel as lid fan de tiidritploech. Omdat hy as reserve meigie, kaam hy lykwols net yn aksje.

Dijkstra waard hjirmei wol de earste Nederlanner dy't én oan de Winter- én oan de Simmerspullen meidie. Syn grutste prestaasje neamt er sels it heljen fan Drintsk Kampioenskip op fjouwer dissiplines: judo, swimmen, reedriden en hurdfytsen..

Nei syn aktive sportkarriêre folge hy in oplieding oan de Akademy foar Lichaamlike Opfieding (ALO) tusken 1990-1993 oan de Sportakademy yn Amsterdam.

As ferslachjouwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn karriêre as ferslachjouwer by de NOS begûn Dijkstra op de eftergrûn, wêryn hy yn in auto of op in motor streekrjocht ferslach die út de koers wei. Yn 1988 by de Olympyske Spullen frege Jack fan Gelder him om wat ynterviews te dwaan. It brocht him by RTV Drenthe, dêrnei RTL en yn 1994 de NOS. Dêr siet ek streekgenoat Evert ten Napel dy't noch mei syn mem nei skoalle gien hie. Faak waard er ek ynsetten as ynterviewer by de finish. By it ferslaan fan de wedstriid rûn er in pear kear ferwûnings op. Yn 2000 rekke de ferslachjouwersauto fan Dijkstra yn in Tour-etappe fan de wei en moast hy troch de dêrby oprûne harsenskodding de ferslachjouwing stake. Yn 1996, by de Grinslanner reedrydklassiker "de Oldambtrit", botste hy, efterop de folchmotor sittend, mei syn holle tsjin in lege brêge. Ek doe mei in harsenskodding as resultaat en boppedat moast de wûne mei fjirtjin hechtings tichtakke wurde. De lêste jierren sit Dijkstra minder op de motor of yn de auto en wurdt hy benammen ynsetten as kommentator by hurdfytsen en reedriden. By de Olympyske winterspullen 2006 yn Turyn makke hy diel út fan it team fan fêste ferslachjouwers. Mei Maarten Ducrot docht er yn 2010 syn sechtjinde ferslach fan de Omgong fan Frankryk en yn dat jier is er foar de trettjinde kear by de Olympyske Spullen, earst dus as sportman, letter as ferslachjouwer.

Krekt foar de start fan de Omgong fan Frankryk fan 2020 waard dúdlik dat Dijkstra fanwege rêchklachten de Omgong sjitte litte moast. Joris van den Berg en Stef Clement ferfongen Dijkstra dat jier. Yn 2021 die bliken dat dit in definityf ôfskied fan de Omgong betsjutte; neffens Dijkstra wie it fanwegen syn rêchklachten net mear mooglik om trije wiken inkelde oeren deis yn in kommentaarhokje te sitten of yn in auto.

Neist syn wurk foar de NOS hat Dijkstra syn eigen produksjemaatskippij, dy't benammen reklame- en ynstruksjefilmkes foar bedriuwen makket.

Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 500m: 40,8 (9 febrewaris 1985, Eindhoven)
  • 1000m: 1.21,9 (28 desimber 1984, Inzell)
  • 1500m: 2.03,5 (27 desimber 1984, Inzell)
  • 3000m: 4.15,0 (24 febrewaris 1990, Assen)
  • 5000m: 6.54,63 (17 febrewaris 1988, Calgary)
  • 10000m: 14.19,23 (5 jannewaris 1988, Thialf)
jier NK Ofstannen
1987 Sulver 5000m
Brûns 10000m
1988 Sulver 10000m