Gasunygebou

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gasunygebou

It Gasunygebou is in kantoargebou út 1994 yn it suden fan de stêd Grins.

Yn it gebou sit it haadkantoar fan de transportdifyzje fan de NV Nederlandse Gasunie. Nei it splitsen fan Gasuny yn in transport- en in hannelsdifyzje is de hannelsdifyzje ferhuze nei in kantoar oan de Van Ketwich Verschuurleane yn Grins. It gebou wie lykwols te grut foar de transportdifyzje allinnich, sadat in diel jierrenlang ferhierd waard oan KPMG. Tsjintwurdich wurdt it hiele gebou wer troch de Gasuny brûkt.

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reinbôgetreppen

It Gasunygebou is ûntwurpen troch it Arsjitektenburo Alberts en Van Huut út Amsterdam en is in goed foarbyld fan organyske arsjitektuer. By organyske bou binne de minsklike maat en it wolwêzen fan de minsk yn en om it gebou de foarnaamste útgongspunten. De arsjitekten fine dat in minsk eigentlik trije lagen beskermingen hat: hûd, klean en gebou. Fanút dat prinsipe is it gebou ûntwurpen. In gebou moat dus like noflik sitte as in hûd, en de brûker moat dêr de harmony mei syn direkte omjouwing fiele.

De organyske skaaimerken fan it bouwurk komme ta útdrukking yn foarmen en kleuren, sawol yn it ynterieur as yn it eksterieur, en sels op it parkearplak. Der binne yn it gebou net folle rjochte hoeken te finen, sa't ek in minsklik lichem gjin rjochte hoeken kent. Alle hoeken yn it gebou hawwe krekt in 'natuerlike skerpte'.

It gebou hat in oerflakte fan 45.000 kante meter. Yn de sintrale hal wurde de 18 ferdjippings ferbûn mei in treppenhûs. Op eltse ferdjipping draait de treppenkolom in oantal graden wêrtroch't de top fan de kolom hast 50 graden draaid is. Eltse ferdjipping hat ek in eigen tint krigen wêrtroch't de kolom op in reinbôge liket. De gongen mei weagjende muorren komme allegear út yn de sintrale hallen. Yn dizze hallen binne ek de kofjehoeken. It is de bedoeling dat kollega's net sûnder sjoen te wurden isolearre yn harren keammerkes sitte of troch de gongen bewege.

Skjinmakproblemen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gasunygebou (2008)

It organyske gebou hat skjinmaktechnysk sjoen ek neidielen. Omdat net folle ûnderdielen fan it gebou hielendal rjocht steane, kinne der gjin standert skjinmaktechniken tapast wurde. Sa wurdt de treppekolom ôfskerme mei in tsientallen meters hege skeane glêzen gevel. It is foar glêzewaskers ûnmooglik om mei in gondel lâns de muorre nei ûnderen de gevel skjin te hâlden. Dêrom waarden foar dy put speleölogen ynskeakele. Dizze skjinmaktechnyk hat de arbotsjinst ferbean. No wurdt it glês net mear skjinmakke.

Yn ferbân mei it skjinhâlden fan de muorren hat arsjitekt Ton Alberts yn tsjinstelling ta by in earder troch him ûntwurpen gebou yn Amsterdam besletten om skeane muorren glêd te meitsjen, sadat reinwetter ûnbehindere nei ûnderen rinne kinne. By it eardere ûntwerp hat de arsjitekt foar de skeane muorren nammentlik saneamde 'mûzetrepkes' brûkt om in tapsrinnende foarm fan de gevel te realisearjen. Dizze mûzetrepkes fange reinwetter op en hâlde it fêst wêrtroch't de muorren altiten fochtich bliuwe. Dat taastet de duorsumheid fan de gevel oan.

Kontrolekeamer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Undanks dat it Gasunygebou in iepen karakter hat, hat it gebou ek in minder tagonklik gedielte de kontrôlekeamer fan de gasdistribúsje. De kontrolekeamer sit earne ûnder it gebou. It is in tsjin atoomoanfallen beskerme bunker. Omdat de keamer ûndergrûns is en gjin ramen hat, moast men fan de Arbotsjinst 'fideoramen' pleatse sadat de wurknimmers it idee krije dat se nei bûten sjogge.

Bynamme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bynamme fan it gebou is de Aperots. Ek wurdt it wol "It kastiel fan de heks" neamd. It Gasunygebou is tsjintwurdich ien fan de symboalen fan modern Grins. Yn juny 2007 waard it gebou yn in ferkiezing yn deiblêd Trouw mei 1773 stimmen keazen ta it moaiste fan Nederlân. It stedhûs yn Middelburch moast it mei 26 stimmen minder dwaan.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2007, Moaiste gebou fan Nederlân[1]
  • 1994, Skilderspriis

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. - Trouw 2007