Springe nei ynhâld

Otto Waalkes

Ut Wikipedy
Otto Waalkes yn 2005
Dat Otto Huus yn Emden

Otto Waalkes (* 22 july 1948 yn Emden, East-Fryslân) is in Frysk komediant en akteur. Waalkes is ferneamd wurden om syn shows, boeken en films. Syn bêste negoasje binne miskien wol de 'Ottifanten', de boartersguod-oaljefanten dy't er sels ûntworpen hat, wêrfan BSV Kickers Emden de rjochten krige hat om dy as logo te brûken. Syn Fryske identiteit brûkt er trochstrings op in gekjeiende wize yn syn films.

Otto Waalkes waard grutbrocht yn syn berteplak Emden. Hy joech syn earste optreden doe't er 11 jier wie, yn in warehûs yn Emden. Doe't Waalkes 12 waard, krige er syn earste gitaar, en yn 1964 trede er foar it earst op mei syn doetiidske band, The Rustlers. Yn 1972 brocht Waalkes syn earste LP út, en yn 1973 folge syn earste show, de "OTTO SHOW". Yn 1980 skreau er syn earste boek en yn 1985 makke er syn earste film (Otto-der-Film).

Op 1 augustus 1987 waard yn Emden "Dat Otto Huus" iepene. Dat Otto-museum is ûnderbrocht yn in eardere apteek en toant bygelyks allerhanne ynstruminten (hy bespilet der in protte fan) en items fan syn eardere tentoanstellingen.

Yn 2004 makke Waalkes de film 7 Zwerge - Männer allein im Wald. Dy film, mei Nina Hagen yn 'e haadrol, luts in ferrassende 7 miljoen sjoggers nei Dútske bioskopen. It ferfolch, 7 Zwerge – Der Wald ist nicht genug, waard útbrocht yn 2006.

Yn 2023 hawwe de Berlynske rapper Ski Aggu en de Nederlânske muzikant Joost Klein it ferske Friesenjung fan Waalkes út 1993 op 'e nij bewurke. It op 'e nij bewurke ferske berikte nûmer ien yn 'e Deutsche Singlecharts.

Waalkes is tige goed befreone mei tennisspiler Steffi Graf, dy't ek in lytse rol hie yn syn film Otto - Der Außerfriesische. Waalkes wie fan 2000 oant 2012 troud mei aktrise Eva Hassmann en hat in soan út in earder houlik.

  • Otto (1973)
  • Otto (die zweite) (1974)
  • Oh, Otto (1975)
  • Das 4. Programm (1976)
  • Das Wort zum Montag (1977)
  • Ottocolor (1978)
  • Der Ostfriesische Götterbote (1980)
  • Otto versaut Hamburg (1981)
  • Hilfe Otto kommt! (1983)
  • Die CD - Das Allerbeste (1995)
  • Das Live Album (1996)
  • Einen Hab ich noch (1998)
  • Ostfriesland und Mehr (2001)
  • Only Otto (2002)
  • Otto - Die DVD (2003)
  • Otto - Die ersten 15 Jahre (2004)
  • 100 Jahre Otto (2006)
  • Zwergensong (2006)
  • Otto – Der Film (1985)
  • Otto – Der neue Film (1987)
  • Otto – Der Außerfriesische (1989)
  • Otto – Der Liebesfilm (1992)
  • St. Pauli Nacht (1999)
  • Otto – Der Katastrophenfilm (2000)
  • Ottifanten – Kommando Störtebeker (2001)
  • 7 Zwerge – Männer allein im Wald (2004)
  • Crazy Race 2 – Warum die Mauer wirklich fiel (2004)
  • Siegfried (2005)
  • 7 Zwerge – Der Wald ist nicht genug (2006)
  • 2010: Otto’s Eleven
  • 2014: Der 7bte Zwerg
  • 2015: Kartoffelsalat – Nicht fragen!
  • 2015: Hilfe, ich hab meine Lehrerin geschrumpft (cameo)
  • 2018: Hilfe, ich hab meine Eltern geschrumpft
  • 2021: Hilfe, ich hab meine Freunde geschrumpft
  • 2021: Catweazle

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: