BSV Kickers Emden

Ut Wikipedy
BSV Kickers Emden
Oprjochte 24 maart 1946
Plak Emden
Stadion Embdena-Stadion
Kapasiteit 7.200
Foarsitter Jörg Winter
Trener Stefan Emmerling
Kompetysje Oberliga Niedersachsen
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

BSV Kickers Emden (Sealterfrysk: BSB Kickers Oamde) is in fuotbalklup út Emden. De BSV is yn 1946 ûntstien en se spylje yn it Embdena-Stadion. It logo fan de BSV is de 'ottifant' dy't troch de Emdenaar Otto Waalkes ûntworpen is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 kaam de ploech foar it earst yn de eardere Oberliga Nord. Yn 1994 waard de klup kampioen fan de Oberliga Nord, mar yn de neikompetysje slagge it de ploech net en kom yn de Twadde Bundesliga. Neffens de offisjele sifers wienen der 12.000 by de wedstriden yn de neikompetysje, it echte oantal wurdt op 14.000 rûsd.

Yn it seizoen 2007/08 promovearre BSV Kickers Emden nei de krekt nei oprjochte Tredde Bundesliga. Yn seizoen 2008/09 einige Emden op it 6e plak yn de Tredde Bundesliga, mar koe om finansjele redenen net mear meidwaan yn it betelle fuotbal. [1] Dêrom begûn Emden it seizoen 2009/10 yn de Oberliga Niedersachsen.

Hichtepunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1951 Kampioen Amateuroberliga Niedersachsen-West (Nei it spyljen fan neikompetysje promovearre nei de Oberliga Nord)
  • 1970 Kampioen Verbandsliga Niedersachsen-Nord
  • 1989 Kampioen Verbandsliga Niedersachsen
  • 1991 Kampioen Verbandsliga Niedersachsen (Promovearret nei de Amateuroberliga Nord)
  • 1994 Norddeutscher Amateurkampioen (Nei it spyljen fan neikompetysje promovearre nei de 2. Bundesliga)
  • 1996 Niedersächsischer Verbandspokalwinner
  • 2000 Niedersächsischer Verbandspokalwinner
  • 2000 Kampioen Oberliga Niedersachsen/Bremen
  • 2003 Kampioen Oberliga Niedersachsen/Bremen
  • 2005 Kampioen Oberliga Nord (Promovearret nei de Regionalliga Nord)
  • 2008 Kwalifikaasje foar de 3. Liga
  • 2008 Kwalifikaasje foar de DFB-Pokal
  • 2009 Niedersächsischer Verbandspokalwinner
  • 2009 Dielname oan de DFB-Pokal

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kickers Emden: Rückzug aus 3. Liga op goal.com (sjoen op 21 desimber 2010)