Ostfriesland-Stadion
| Ostfriesland-Stadion | ||
| Ostfriesland-Stadion haadtribune | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| dielsteat | ||
| regio | ||
| plak | ||
| koördinaten | 53° 22' 45" NB, 7° 12' 12" EL | |
| algemiene ynformaasje | ||
| sporten | fuotbal | |
| teams | BSV Kickers Emden | |
| kapasiteit | 7.200 | |
| bou | ||
| boubegjin | 1950 | |
| renovearre | 1990, 2005 | |
| kaart | ||
It Ostfriesland-Stadion is it stadion fan BSV Kickers Emden. De fuotbalklup út de Tredde Liga spilet der sûnt 1950. Sûnt 2005 hat er de namme fan in fêstguod- en finansjele ûndernimming út Emden (Embdena Stadion), dy't de sponsor is fan BSV Kickers. Embden is ien fan 'e midsiuwske nammen fan Emden. Fan 1998 oant 2005 wie it stadion yn 'e wyk Früchteburg neamd nei de eardere direkteur Helmut Riedl, en dêrfoar hiet er gewoanwei fan Kickers-Stadion. Tydlik hiene fans it stadion omneamd ta Deichkicker-Arena.
Sûnt 8 april 2011 hiet it stadion fan BSV Kickers Emden offisjeel fan Ostfriesland-Stadion, nei de regio East-Fryslân.
Kapasiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan seizoen 2005/2006 wie der plak foar 7.200 minsken yn it stadion. Eartiids hawwe der neffens offisjele sifers wol 12.000 fans yn it stadion west. De haadtribune fan it stadion is oerdutsen mei 300 sitplakken plus steanplakken, de oarekant hat gjin dak, de noardtribune (eigen fans) is wol oerdutsen en de súdtribune (gasten) net. At de hikken wat oars delset wurde is der plak foar 2.000 ekstra fans.
It klubterrein bestiet út it stadion sels, twa gersfjilden en in sintelbaan. De klub, en benammen jongereinteams, meitsje gebrûk fan de sportfasiliteiten fan it neie Johannes Althusius-Gymnasium. It klubhûs hat njonken de nedige ynfrastruktuer ek in stadionsrestaurant.
Foar de ynwijing fan it stadion spile BSV Kickers, oprjochte yn 1946, syn thúswedstriden op it terrein fan sportferiening Freie Turnerschaft (FT) 03 Emden.
Nij stadion
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 en 2008 helle BSV Kickers Emden ferskate suksessen. Dêrtroch kamen der hieltyd mear minsken nei de wedstriden en groeide it ferlet fan in grutter en moderner stadion. Boppedat stiet it stadion yn it midden fan in wenwyk dêr't romte foar útwreidzjen beheind is. Under de wurknamme Ostfriesland Arena waarden plannen presintearre. Yn july 2007 waard der in stipeferiening oprjochte mei as doel de bou fan in nij stadion. Lykwols rekke de klub finansjeel yn swier waar en de klub keas derfoar om mei yngong fan it seizoen 2009/10 frijwillich te degradearjen fan de Tredde Bundesliga nei de Oberliga Niedersachsen. Dêr ek troch kaam de bou fan in nij stadion faai te stean en waard foarearst skrast.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gastefek mei elektroanysk skoareboerd
- Noardtribune, troch de fans "bushalte" neamd
- Easttribune mei benefter foar de tredde difyzje boude, ûnderwilens wer ôfbrutsen sitplakken
- Klubhûs mei stadionsrestaurant
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- bsv-kickers-emden.de: Hiemside fan BSV Kickers Emden
- stadionwelt.de: Ofbyldegalery
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|