Oepke Noordmans

Ut Wikipedy
Oepke Noordmans

Oepke Noordmans (Easterein, 18 july 1871 - Lunteren, 5 febrewaris 1956) wie in Nederlânsk dûmny en ferneamd teolooch fan Frysk komôf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oepke wie in soan fan Durk Piers Noordmans, boer en leketeolooch, en Gerbig Oepkes de Roos. Hy groeide op yn Skearnegoutum en gie nei it gymnasium yn Zetten. Ferfolgens begûn er de stúdzje teology oand Universiteit fan Leien yn 1891. Yn 1892 rekke er in skoft oerspand en koe er de stúdzje earst yn 1899 wer opnimme, mar no yn Utert.

Yn 1903 waard Noordmans predikant yn Idzegeahuzen en Piaam en hy troude op 14 july 1910 mei Johanna Hillegonda Oosterhuis. Sy krigen twa soannen en ien dochter.

Yn 1920 waard er beroppen yn Sumar en doe publisearre er ek syn earste teologyske wurk. Fan 1923 oant 1943 stie er yn Laren yn de Achterhoek.

Noordmans wie pleiter foar de teology fan Karl Barth, dy't ek in kear moete hat. Noordmans waard wol omskreaun as in 'reformatorysk katolyk'. Hy wie min yn in beskate hoeke te pleatsen, mar hy hie in protte ynfloed yn de Herfoarme Tsjerke yn it ynterbellum. Noordmans krige yn 1935 in earedoktoraat oan de Universiteit fan Grins.

Nei syn emeritaat yn 1943 ferfarde er nei Lunteren. Syn lêste jierren hie er te lijen fan in deadlike sykte. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich ferlear er syn âldste soan.

Sitaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 'At wy nei tsjerke gean is it noch net wis dat God ek giet'.
  • 'De tsjerke is in tuskending, sawol yn earsten as needsaaklik'.
  • 'De wrâld moat it der by gebrek oan better (Keninkryk fan God) mar mei dwaan'.
  • 'Wa't bûten dit libben en oer it tsjerkhôf hinne sjen kin, hat in iepen libben. Dan sille alle dingen ferfolt wurde'.

Sammele wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oeuvre fan Noordmans waard útjûn yn alve bannen sammele wurken (VW):

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: