Seerp Brouwer
Appearance
Seerp Brouwer (Frjentsjer, 8 febrewaris 1793 - Ljouwert, 30 july 1856) wie in medikus en politikus.
Seerp wie de soan fan Jan Brouwer en studearre yn Leien, Frjentsjer en yn it bûtenlân medisinen, wiskunde en natuerkunde. Hy promovearre twa kear yn Leien.
Brouwer wie genêshear yn Ljouwert fan 1823-1835 en dêrnei heechlearaar wis- en natuerkunde yn Grins. Dan giet er werom nei Ljouwert foar priveestúdzje.
Fan 1843-1845 is Seerp Brouwer lid fan de Twadde Keamer. Hy stipe dêr it útstel fan Van Hall oer de frijwillige liening[1]. Syn bibleteek is foar it grutste part opnomd yn de Provinsjale Bibleteek, 'Brouweriana'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Frysk dokter
- Frysk wiskundige
- Frysk natuerkundige
- Frysk heechlearaar
- Frysk politikus
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk wiskundige
- Nederlânsk natuerkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins
- Nederlânsk politikus
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Frjentsjer
- Persoan stoarn yn Ljouwert
- Persoan berne yn 1793
- Persoan stoarn yn 1856