Jacob Jongbloed
Jacob Jongbloed (De Jouwer, 11 maart 1895 - Utert, 21 july 1974) wie in Frysk fysiolooch.
Hy wie in soan fan Pieter Jongbloed en Aaltje Langenberg. Yn 't earstoan wie er in hiel skoft loftfeartarts. Fan 1942 oant 1965 wie hy heechlearaar yn de fysiology oan de Universiteit Utert. Fuort nei de oarloch begûn hy te eksperimtearjen mei syn keunstmjittige hert, en die dêrby proeven mei hûnen. Jongbloed is benammen bekend wurden troch it troch him konstruearre keunstmjittige hert en de útfining fan de hert-longmasine. In keunsthert makke it mooglik yngripende operaasjes oan de ynwindige struktuer fan it hert út te fieren, lykas de hertkleppen. Sadwaande waarden iepenhertoperaasjes mooglik. Yn 1956 waard foar it earst sa'n operaasje op in minske útfierd yn Utert.