Springe nei ynhâld

Diana, prinsesse fan Wales

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Diana fan Wales)
Diana, prinsesse fan Wales
aadlik persoan en/of hearsker
Diana (1997)
Diana (1997)
echte namme Diana Frances
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 1 july 1961
berteplak Sandringham
stjerdatum 31 augustus 1997
stjerplak Parys
Prinsesse fan Wales
amtsperioade 19811997
foargonger Fiktoaria Marije fan Teck
opfolger Catherine
Hartoginne fan Rothesay
regear 1981-1996
foargonger Fiktoaria Marije fan Teck
opfolger Camilla Parker Bowles
Diana, Prinses fan Wales dûnsjend yn it Wite Hûs mei John Travolta, 1985
Piccadilly Circus, 6 septimber 1997
De Almatunnel yn Parys koart nei it ûngemak

Diana, prinsesse fan Wales, Lady Diana Spencer, berne as Diana Frances Spencer, (Sandringham (Norfolk), 1 july 1961Parys, 31 augustus 1997) wie de earste frou fan de Britske kroanprins Charles en de mem fan de prinsen William (1982) en Harry (1984). Hja rekke úteinlik by har man wei, en kaam yn 1997 om by in ferkearsûngemak yn Parys, mei har frijer, Egyptyske ûndernimmer Dodi al-Fayed.

Diana wie de jongste dochter fan de Frances Roche, grevinne Spenser (dochter fan de 4de baron Fermoy) en John Spencer, 8ste greve Spencer burggraaf Althorp, wêrtroch Diana ôfstamde fan in soad keningen fan Ingelân Diana hie twa susters, Sarah en Jane, en in broer, Charles.

Nei de dea fan har pake oan heit syn side, de sânde graaf Spencer yn 1975, waard lord Althorp de achtste graaf Spencer en syn dochter krige de titel Lady Diana Spencer, faak ferkoarte ta Lady Di.

Prinsesse fan Wales

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1980, doe't se 19 jier âld wie, waard se opmurken troch de prins fan Wales, prins Charles, dy 't har útnûge foar in polowedstriid. In romance begûn en it stel ferloofde him op 24 febrewaris 1981. Sy trouden op 29 july itselde jier ûnder grutte publike belangstelling yn de St Paul's Cathedral yn Londen. De nije prinsesse waard beskermfrou fan in protte projekten. It pear krige twa soannen William en Harry.

Oan it begjin fan 'e njoggentiger jierren rûn it houlik op 'e non, dy skieding waard breed útmetten yn 'e Britske en ynternasjonale parse en brocht it Britske hôf yn ferlegenheid. Yn in ynterview fertelde de prinses dat har man, al foar it houlik mei Camilla Parker Bowles hâlde. De prins koe Camilla al lang foar syn houlik. Op harren houliksreis droech prins Charles mansjetknopen mei dêryn de inisjalen fan Camilla Parker Bowles gravearre.

It koppel besleat om yn 1992 útinoar te gean, al waard de skieding pas yn 1996 ôfrûne. In soad Britten wiisden mei in beskuldigjende finger nei de prins en syn entoeraazje. De prinsesse ferlear har predikaat keninklike heechheid en luts har werom út it Britske Hôf.

Diana ferstoar yn 'e âldens fan 36 jier, op 31 augustus 1997 yn de betide moarntiid yn in sikehûs yn Parys. Krekt nei middernacht dy dei wie sy as passazjiere belutsen by in autoûngelok yn de Almatunnel by de Pont de l'Alma yn Parys. Tegearre mei har freon Dodi Al-Fayed, de bestjoerder fan de auto Henri Paul en liifwacht Trevor Rees-Jones. Rees-Jones oerlibbe as ienichste it ûngelok. Se wiene yn de tiid fan it ûngelok op de flecht foar de britske rabberijparse, en ûnderweis nei it appartemint fan Al-Fayed. Mei in snelheid fan sa 'n 105 km/o ried de auto tsjin de trettjinde pylder yn de tunnel. Paul en Al-Fayed wiene op slach dea. Gjinien fan 'e passazjiers hie in autogurdle om. As skuldige waard de sjauffeur oanwiisd, dy't in heger alkoholpromillaazje hie as wetlik tastien wie, en dêrby ûnfoarsichtich en te hurd riden hie.

Diana,
prinsesse fan Wales

(1961-1997)
Heit:
Edward John Spencer,
8ste greve Spencer
(1924–1992)
Pake:
Albert Spencer,
7e greve Spencer
(1892–1975)
Oerpake:
Charles Spencer,
6e greve Spencer
(1857–1922)
Oerbeppe:
Margaret Spencer,
grevinne Spencer
(1868–1906)
Beppe:
Lady Cynthia Hamilton
grevinne Spenser
(1897–1972)
Oerpake:
James Hamilton,
3e Hertog fan Abercorn
(1869–1953)
Oerbeppe:
Rosalind Hamilton,
Hertoginne fan Abercorn
(1869–1958)
Mem:
Frances Roche,
grevinne Spenser
(1936 –2004)
Pake:
Maurice Roche,
4e Baron Fermoy
(1885–1955)
Oerpake:
James Roche
3e Baron Fermoy
(1851–1920)
Oerbeppe:
Frances Ellen Work
(1857–1947)
Beppe:
Ruth Roche,
Baronesse Fermoy
(1908–1993)
Oerpake:
William Smith Gill
(1865–1957)
Oerbeppe:
Ruth Littlejohn

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]