Jarich van der Wielen

Jarich van der Wielen (Ljouwert, 24 jannewaris 1880 - dêre, 7 july 1950) wie de ynspirator en stifter fan de earste Folkshegeskoalle fan Nederlân: Allerdseach by Bakkefean (1931). Boppedat wie hy sosjalistysk riedslid en wethâlder fan de gemeente Opsterlân.
Nei't er in skoft oer de wrâld swalke hie, begûn er yn 1920 mei it opsetten fan praatjûnen foar manlju. Foar froulju wienen der gearkomsten oer húshâldskoallen en gesinsfersoarging. It gie him om de foarming fan de arbeider. Dy moast alles krije wat nedich wie om selsstannich yn it libben stean te kinnen.
Hy hat 22 jier oan de Folkshegeskoalle wurke en wenne yn it "Hûs mei it Each".