Springe nei ynhâld

Jan Pyt Janzen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jan Pieter Janzen)
Jan Pyt Janzen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Pieter Janzen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 april 1945
berteplak Easterbierrum (Fryslân)
stoarn 21 july 2005
stjerplak Goutum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre non-fiksje, kollumns
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Stikken en Brokken
En gjin ein
jierren aktyf 19712005
offisjele webside
gjint

Jan Pyt Janzen, eins Jan Pieter Janzen (Easterbierrum, 9 april 1945Goutum, 21 july 2005), wie in fertsjinstlik Frysk publisist, learaar en histoarikus, dy't yn syn rjusidige karriêre in grutte bydrage levere oan 'e Fryske literatuer en skiedskriuwing. Njonken syn deistich wurk as dosint oan in middelbere skoallemienskip te Ljouwert, dêr't er o sa fan hold, siet er yn in ferskaat oan tydskriftredaksjes en bestjoeren en skreau er stikjes en kollums foar û.m. de literêre blêden De Strikel en Trotwaer en foar de Ljouwerter Krante. Ek skreau er en wurke er mei oan in stikmannich skiedkundige útjeften.

Jan Pyt Janzen waard berne op 9 april 1945 te Easterbierrum, yn wat doe noch de gemeente Barradiel wie. Hy wie de jongste fan fjouwer bern yn de húshâlding fan Sietze Sjoerds Janzen (1914-1995) en Gerbentje Janzen-Ruim (1914-2011), mei twa âldere susters (Wapke en Rigtsje) en ien broer (Durk). Ek wied er in neef fan 'e keunstner Sjoerd Dirk Janzen, en in neef fan 'e heit fan 'e oersetter Willem Sjoerds Janzen.

De heit fan Jan Pyt Janzen hie eins graach boer wurde wollen, krekt as syn eigen heit, Sjoerd Willems Janzen (1881-1930), mar hy wie de achtste út in húshâlding mei trettjin bern en groeide op yn 'e krisisjierren, dat dêr bestie gjin mooglikheid ta.[1] Sadwaande fûn er wurk by de k.y.[2] en besocht er op alderhanne manearen wat by te fertsjinjen, bgl. mei skieppehâlderij en de hannel yn fioeltsjesied, wylst syn frou Gerbentsje yn 't earstoan yn 'e buorren fan Easterbierrum in winkeltsje hie mei in grut ferskaat oan keapwaar, fan âldeklonje oant grauwe earte.[3] Letter ferfear it gesin nei Tsjummearum, dêr't Jan Pyt Janzen fierwei it grutste part fan syn bernetiid trochbrocht.

Skoal- en stúdzjejierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de legere skoalle yn Tsjummearum gie Janzen nei de kristlike MULO yn Frjentsjer en letter nei de HBS te Harns. Neitiid studearre er skiednis yn Grins. Under syn stúdzjetiid kamen syn sjoernalistike en organisatoaryske talinten al dúdlik nei foarren. Sa wied er bgl. mei-oprjochter fan Groniek, it tydskrift fan 'e Grinzer histoarisy, en skreau er ek geregeldwei foar Der Clercke Cronike, it algemiene Grinzer studintewykblêd. Syn doktoraal eksamen lei Janzen yn 1971 ôf.[4]

Hoewol’t syn oplieding eins rjochte wie op it ûnderwiis, krige er nei syn ôfstudearjen in stêffunksje by de Fryske Kultuerried. Dêr bedarre Janzen op 'e ôfdieling foarmings- en ûntwikkelingswurk, dêr't doedestiden oan it Frysk mar in tige lyts bytsje omtinken jûn waard. Janzen fûn dat dat mis wie en miende boppedat dat hy it him net permittearje koe om mei sa'n baan sels grutdiels ûnwittend te bliuwen fan syn memmetaal. Dêrom abonnearre er him op alle Fryske tydskriften dy't der doe wiene en learde er himsels Frysk te skriuwen. Op dy manear kaam er ek yn kontakt mei de Frysk-literêre wrâld en sa rekke er behelle yn it organisearjen fan 'e earste boeke-sutelaksje yn 1972.[5]

Nei in jier as wat benammentlik op it organisatoaryske mêd warber west te hawwen, begûn er syn fak, skiednis, te missen, en boppedat fûn er syn wurk by de Kultuerried te abstrakt, te fierôfsteand fan 'e deistige praktyk. Sadwaande griep er daliks syn kâns doe’t der him yn 1974 in gelegenheid foardie om 'e oerstap nei it ûnderwiis te meitsjen. Hy waard learaar skiednis, en letter ek maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming, oan 'e Stedelijke Scholengemeenschap Leeuwarden (SSG). Nei ferskillende fúzjes waard dy skoalle úteinlik ûnderdiel fan it Piter Jelles-kolleezje. By it fiifentweintichjierrich bestean fan 'e SSG, yn 1993, wie Janzen skriuwer en einredakteur fan it jubileumboek Maar binnen heerst een warme en dynamische sfeer, dat it skoalbestjoer oanbean waard. Yn it learaarskip koe Janzen alhiel syn aai kwyt, dat hy hat 31 jier oan deselde skoalle ferbûn west.[6]

Janzen troude op 3 july 1969 mei Franciska Zetteler (1947), mei wa't er twa soannen krige, Willem Frederik (1972-1991) en Gerben (1976). Dit houlik rûn ûnferwachts stikken nei't harren âldste soan, dy't psychyske problemen hie, yn 1991 in ein oan syn libben makke troch yn it tou te gean. Letter krige Janzen in relaasje mei Gryt van Duinen, bekend as presintatrise en programmamakster by Omrop Fryslân. Mei har wenne er goed tsien jier gear yn Goutum.

Jan Pyt Janzen rekke yn it foarjier fan 2005 slim siik en moast doe syn wurk deroan jaan. Hy bea syn kollega’s op it Piter Jelles it boekje Het is mooi geweest oan, in samling fan eigenskreaune stikken oer it ûnderwiis, mei in oan syn libbenspartner Gryt van Duinen diktearre wurd fan ôfskie; hy wie doe al te siik om it noch sels oerbringe te kinnen.[7] Janzen stoar op 21 july fan dat jier te Goutum oan 'e gefolgen fan kanker. Hy wie sechstich jier.

Njonken syn wurk as learaar bleau Janzen ek altiten aktyf as histoarikus. Yn dy hoedanichheid skreau er bgl. in artikel oer de politisy Schermerhorn en Suurhoff.[8] Teffens wurke er (yn 'e mande mei û.o. kollega's as Meindert Schroor, Goffe Jensma en Yme Kuiper) mei oan it boek De Geschiedenis van Friesland, wêrfoar't er haadstik 9, titele Politiek en Bestuur na 1917 skreau.[9] Op it mêd fan 'e besettingstiid, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, ferskynde yn 1986 fan syn hân in bydrage yn 'e bondel Tussen Goed en Fout, mei de titel De oorlog in Friesland te boek. Sels omskreau er dat stik as it jaan fan in yndruk oer de skiedskriuwing oangeande besetting en befrijing mei in sydspronkje nei de Fryske literatuer. Dit wie de earste yn in lange rige ferhannelings dy't Janzen ditoangeande op skrift stelde; yn 1996 publisearre er in stikmannich artikels oer itselde ûnderwerp ûnder de titel De oarloch en gjin ein.[10]

Janzen hie al yn syn HBS-tiid niget oan literatuer, en it ferskynsel boek yn it bysûnder. Syn belangstelling foar de Fryske literatuer waard noch fuortsterke yn 'e tiid dat er by de Kultuerried wurke en himsels Frysk skriuwen learde troch fral in hiel protte Frysktalige tydskriften te lêzen. Hy fernuvere him doe oer it grutte ferskil yn kwaliteit dat de blêden leveren. Al rillegau droech er sels stikken oan yn 'e foarm fan fraachpetearen mei skriuwers dy’t mei skriuwen opholden wiene. Dizze ynterviews, dy't er tegearre mei syn lettere libbenspartner Gryt van Duinen útfierde, ferskynden yn Alternatyf.[11]

Yn datselde blêd krige er ûnder de skûlnamme D.E. Mus in rubryk mei de namme Stikken en Brokken, wêryn't er nijtsjes en nuveraardichheden út 'e wrâld fan keunst en kultuer behannele. Letter krige er in soartgelikense rubryk yn it moanneblêd De Strikel, dêr't ek de measte fan syn histoaryske stikken yn ferskynd wiene en dêr't men him doe al gaueftich fersocht om in sit yn 'e redaksje yn te nimmen. Fan 1974 oant 1990 makke Janzen diel út fan 'e redaksje fan De Strikel en ek neitiid bleau as stikjeskriuwer oan it blêd ferbûn oant de opheffing derfan yn 1995. Dêrnei krige er in kollum yn it tydskrift Trotwaer, dêr't er yn 1996 yn 'e redaksje kaam en wêrfan't er yn 1998 einredakteur waard. Troch syn ynbring feroare Trotwaer fan in útslutend literêre publikaasje yn in blêd mei in bredere opset; sa kamen der ek aktuële en bekommintarisearjende stikken yn te stean en waard der tenei teffens omtinken jûn oan byldzjende keunst, muzyk en toaniel.[12]

Yn 2002 waard Trotwaer as literêr katern ûnderdiel fan in nij, algemien kultureel moanneblêd, dat ferskynde ûnder de titel De Moanne. Janzen bleau dêr in goed jier einredakteur fan, mar stapte úteinlik op fanwegen ûniennichheid mei de útjouwer oer syn fergoeding. Likegoed wie dat konflikt foar him gjin reden om net mear yn it blêd te publisearjen. Fan dy tiid (2003) ôf skreau er ek in twawyklikse kollum foar de Ljouwerter Krante, mei as titel lân.see, wêryn't er op 'e nij de lêzers op 'e hichte hold fan wederwarichheden op it mêd fan skiednis en kultuer. Lân.see ferskynde oant april 2005.[13]

Hoewol’t "jpj", sa't er syn stikken faak ûndertekene, yn 'e Frysk-literêre wrâld in wichtige rol spile as kronykskriuwer en "oanjager", hat er sels nea it ferlet field om in bydrage oan 'e eigentlike literatuer te leverjen, oars as it stimulearjen fan oaren om te skriuwen. Wol hat er in grut ferskaat oan stikken skreaun foar de blêden wêrfan’t er yn 'e redaksje siet. In samling fan dat skriuwwurk is gearfandele yn 'e yn 2001 útkommen bondel En gjin ein. Stikken en stikjes (1972-2000).[14]

Oare Aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Janzen hat ek lange jierren redaksjeskriuwer fan De Vrije Fries west, it wittenskiplik jierboek fan it Frysk Genoatskip. Dêrnjonken wied er ferskate kearen foarsitter op de Skriuwersbounwykeinen op Koartehimmen, en hat er tal fan kearen foarumlieder of presintator west op literêre jûnen. Hy wie bestjoerslid fan it Skriuwersboun, de Stifting It Fryske Boek en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, lid fan 'e Fryske Akademy en siet yn in ferskaat fan sjuerys fan literêre prizen, û.m. fan 'e Gysbert Japicxpriis. Teffens fersoarge er tusken 1989 en 1994 foar Omrop Fryslân it radioprogram "Kronyk", dêr't er it lûdsargyf foar trochsocht nei opnamen fan 1946 ôf, dy't er dan presintearre yn harren histoaryske ramt.[15]

  • 1984 - Boekje iepen (mei Freark Dam), yn: It Fryske Boek 1934-1984, Grou
  • 1993 - Maar binnen heerst een warme en dynamische sfeer: Stedelijke Scholengemeenschap Leeuwarden, 1968-1993
  • 1997 - Noem het erotisch: fiifentweintich jier foar de klasse: in blomlêzing
  • 2001 - En gjin ein: stikken en stikjes 1972-2000

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Deaberjocht fan Sietze Sjoerds Janzen, 1995.
  2. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  3. Deaberjocht fan Sietze Sjoerds Janzen, 1995.
  4. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  5. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  6. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  7. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  8. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  9. Janzen, Jan Pieter, Politiek en Bestuur na 1917, yn: Frieswijk, Johan, et al. (red.), De Geschiedenis van Friesland 1750-1995 (s.266-297).
  10. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  11. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  12. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  13. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  14. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).
  15. Huizinga, J.J., Jan Pieter Janzen (www.dbnl.org).

Boarnen