Tonny de Jong

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tonny de Jong

Tonny de Jong (Skarsterbrêge, 17 july 1974) is in eardere Fryske reedrydster, dy't hikke en tein is yn Langsweagen en It Hearrenfean. Yn 2003 troude hja op It Hearrenfean mei de Kanadeeske rider Mark Knoll. Letter sette se har nei wenjen yn Calgary. Har bynamme wie Pocket Rocket fanwege har hege snelheid en koarte lingte.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1996 en 2002 wûn De Jong mear as ien kear de gouden medalje op de langere ôfstannen by de Nederlânske kampioenskippen. Yn 1997 waard hja ûnferwachts Europeesk kampioene allround. Dat hie se mei te tankjen oan it feit dat se as earste goed oerwei koe mei klapredens. Tony de Jong wie trije kear de bêste op it Nederlansk kampioenskip Oer Alles.

Tonny de Jong die fan 1994 oant en mei 2002 njoggen jier efterelkoar mei oan it WK Allround. Yn de jierren dat se Europeesk kampioene waard, 1997 en 1999, waard se tredde op it WK Allround. Yn 1997 ferovere se op de 1500 meter de brûnzen en op de 5000m de sulveren ôfstânsmedalje. Yn 1998 ferovere se har tredde, en lêste, ôfstânsmedalje op it WK Allround, brûns op de 5000 meter. Yn 1999 stie se as twadde frou, nei Trijnie Rep yn 1973, op it earepoadium fan it WK Allround sûnder in ôfstânsmedalje op it kampioenskip ferovere te hawwen.

Yn 2002 naam De Jong ôfskied fan it riden op de Olympyske Spullen. Hjiroan foarôf posearre se foar it maart-nûmer fan in manljusblêd Playboy.[1]

Op 7 jannewaris 2009 ferskynt der in spesjaal EK-postsegelboekje wêryn acht Nederlânske Europeesk Kampioenen steane dy't yn Thialf de ôfrûne tsien jier dy titel wûnen. De Jong is de ienige Nederlânske frou.[2]

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 500m - 39,36 ( 27 jannewaris 2002, Calgary )
  • 1000m - 1.16,23 (21 febrewaris 1999, Calgary )
  • 1500m - 1.56,02 ( 20 febrewaris 2002, Salt Lake City )
  • 3000m - 4.00,49 ( 10 febrewaris 2002, Salt Lake City )
  • 5000m - 7.01,17 ( 23 febrewaris 2002, Salt Lake City )

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Ofstannen
NK
Allround
NK
Sprint
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
WK
Junioaren
1993 ns2 500
7e 1500m
5e 3000m
5e 5000m
9e
1994 ns2 500m
Sulver 1500m
4e 300m
Sulver 5000m
8e 12e 10e 1500m
11e 3000m
11e 5000m
5e
1995 Sulver 1500m
4e 3000m
Sulver 5000m
Sulver 4e Brûns 10e
1996 Goud 3000m
Goud 5000m
Sulver 4e 5e 11e 1500m
9e 3000m
4e 5000m
1997 Goud Goud Brûns 5e 1500m
10e 3000m
6e 5000m
1998 Brûns 1500m
Goud 3000m
Sulver 5000m
Goud 7e 4e 7e 3000m
5e 5000m
18e 1500m
16e 3000m
5e 5000m
1999 Sulver 1000m
Sulver 1500m
Goud 3000m
Brûns Goud Brûns 14e Brûns 1500m
Sulver 3000m
Brûns 5000m
2000 4e 500m Sulver 5e 6e 4e 3000m
Brûns 5000m
2001 Brûns 1000m
Brûns 1500m
Sulver 3000m
Goud 8e 18e 1500m
18e 3000m
9e 5000m
2002 Goud 1500m
Goud 3000m
Goud 5000m
4e 7e 7e 1500m
5e 3000m
7e 5000m

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. "Tonny de Jong poseert naakt", rieplachte op 30 septimber 2008
  2. "Ritsma, Veldkamp, Postma, Zandstra, De Jong, Tuitert, Uytdehaage en Romme op postzegels" KNSB, 18 desimber 2008