Johan Andreas Dèr Mouw

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johan Andreas Dèr Mouw

Johan Andreas Dèr Mouw (Westervoort, 24 july 1863 - Den Haach, 8 july 1919) wie in taalkundige, letterkundige en filosoof. As dichter is er ek bekend ûnder it pseudonym Adwaita ('twaheidsleaze'). Hy dichte de ferneamde rigels Ik ben Brahman, maar we zitten zonder meid. Dêrmei joech er yn ien sin de problematyk fan syn libben wer: dy tusken De Idee en de deistige wurklikheid.

Dèr Mouw studearre en promovearre te Leien yn de klassike letteren, en wie learaar oan it gymnasium te Doetinchem, oant in skeel oer syn antikristlike teoryën, nei in fûle lasterkampanje, in dûbele selsmoardpoging en in rjochtsaak dêr in ein oan makken yn 1902. Doe waard er priveelearaar yn Den Haach.

As fin-de-siècledichter is Dèr Mouw in betreklik ûnbekende neikommer. Syn poëzij waard earst yn 1919, inkelde wiken nei syn dea, foar it earst, útsein in stikmannich publikaasjes yn tydskriften, útjûn yn de dichtbondel Brahman I. It like in soad op it wurk fan syn foargongers. Albert Verwey fertolke ek al de Al-gedachte yn syn poëzij en Dèr Mouws styl is foar in part fergelykber mei dy fan Gorters syn Maaie, en dan wie er ek noch lykas Boutens en Leopold in klassius mei niget oan easterske mystyk. Al dy dichters binne in stik bekender wurden as Dèr Mouw.

Sa as faak yn dy tiid liket er hast obsedearre troch de idee fan it dualisme yn de wrâld. Alles wurdt skôge yn tsjinstellings: goed en kwea, natuer en kultuer, keunst en wittenskip, fielen en ferstân of lichem en geast. Ynstee fan harren del te jaan by it dualisme, besochten in protte keunstners om in wize te finen om de harmony te ‘werôverjen’. Foar guon wie dit allinne in spul mei filosofy en literatuer as bestândielen.

Oaren namen it tige earnstich, dêr wie Dèr Mouw ek by, en seagen harren sykjen as in opdracht dêr't sy harren libben ûnderhearrich oan makken. Hy gie dêrby alle dogmatyk út de wei en dat late ta in hieltyd fûler ferset tsjin de Leidske heechlearaar Gerard Bolland, dy't in hegeliaan wie.

Harmony wie foar Der Mouw ynderlike needsaak; somtiden makke it gemis dêroan him wanhopich, mar oan de ein fan syn libben kaam er ta de slotsom dat de wiere wysheid te finen is yn de mystike geskriften fan it brahmanisme, in fier fan unyk stânpunt, dêr't er faaks ta kaam wie ûnder ynfloed fan it wurk fan Arthur Schopenhauer. Foar Der Mouw wie it lykwols in befrijing.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • J.A. dèr Mouw, Volledig dichtwerk, G.A. van Oorschot, Amsterdam, 1986.
  • Je bent de wolken en je bent de hei. Karlêzing út it wurk fan J.A. dèr Mouw keazen en ynlaat troch Marjoleine de Vos. Amsterdam: Utjouwerij Van Oorschot, 2008. ISBN 978-90-282-4159-6
  • Johan Andreas dèr Mouw (Adwaita): Mijn taalorkest. Een ruime keuze uit 'Brahman' . Gearstalling Jan Kuijper. Nijmegen, Uitgeverij Vantilt, 2018. ISBN 9789460043819
    • flagge fan Fryslân Dof fiolet is't west. 16 sonnetten fan Johan Andreas dèr Mouw, Grotesk 2019. Oerset troch Eppie Dam.
Oer Dèr Mouw
  • Jan Noordegraaf, Dèr Mouw contra Hoogvliet. Universele Grammatika anno 1903. Schiedam: Huis te Riviere Pers, 1987.
  • Lennard van Rij, Platoonse liefde in tijden van decadentisme. J.A. dèr Mouw, Victor van Vriesland en Martinus Nijhoff. Yn De Parelduiker nr 5, desimber 2011.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: