Hjalmar Söderberg
Hjalmar Söderberg | ||
skriuwer | ||
Hjalmar Söderberg as jongkeardel | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hjalmar Emil Fredrik Söderberg | |
nasjonaliteit | Sweedsk | |
berne | 2 july 1869 | |
berteplak | Stokholm | |
stoarn | 14 oktober 1941 (72 jier) | |
stjerplak | Kopenhagen | |
wurk | ||
taal | Sweedsk | |
sjenre | roman, toaniel, poëzy | |
bekendste wurk(en) |
Historietter, Martin Birck's ungdom, Doktor Glas, Gertrud, Hjärtats oro | |
jierren aktyf | 1888–1941 |
Hjalmar Emil Fredrik Söderberg (2 july 1869 - 14 oktober 1941) wie in Sweedsk romanskriuwer, toanielskriuwer, dichter en sjoernalist.
Söderberg wie in soan fan in amtner. Hy studearre oan de Universiteit fan Uppsala, mar makke syn stúdzje net ôf om sjoernalist te wurden. Hy wijde him lykwols al gau hielendal oan de skriuwerij.
Yn syn wurk fynt men faak mankelike karakters en guonts dy't harren leafsten kwyt rekke binne. Doetiids Stockholm wurdt faak ryk útbyld. Söderberg wurdt o sa heechhâlden yn syn heitelân en wurdt somtiden de gelike fan August Strindberg neamd.
Fral tsjin de ein fan syn libben waard Söderberg in ynmoedich en striidber humanist, polityk belutsen (antyfaksistysk) en in protte dwaande mei religieuze fraachstikken. De kwaliteit fan syn lettere wurk hie lykwols te lijen fan syn alkoholgebrûk.
Syn bekendste wurk yn Nederlân is 'Dokter Glas'.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Söderberg wie boaske oan Märta Abenius (1871-1932) fan 1899 oant 1917. Sy krigen trije bern: de lettere aktrise Dora Söderberg-Carlsten (1899), Tom Söderberg (1900) en Mikael Söderberg (1903). Fan 1917 ôf wie er yn Denemark troud mei Emelie Voss (1876-1957), mei wa't er ien bern krige: de lettere aktrise Betty Søderberg (1910).
Söderberg hie fierders in tal jierren, út en troch, in ferhâlding mei Maria von Platen (1871-1959), dy't syn skriuwerij beynfloede hawwe soe, bynamme syn toanielstik Gertrud út 1906.
List fan wurk (ûnfolslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Förvillelser (1895)
- Oscar Levertin (1895)
- Historietter (1898) - "Anekdoates"
- Martin Bircks ungdom (1901) - "Martin Birck's jonkheid"
- Främlingarne (1903) - "De frjemdlingen"
- Doktor Glas (1905)
- Gertrud (1906) (toanielstik yn trije akten)
- Det mörknar över vägen (1907) - "It wurdt tsjuster op 'e wei"
- Valda sidor (1908) -
- Hjärtats oro (1909) - "Noeden fan it hert"
- Den allvarsamma leken (1912)
- Aftonstjärnan (1912)
- Den talangfulla draken (1913)
- Jahves eld (1918) - "It Fjoer fan Jahves"
- Jesus Barabbas. Ur löjtnant Jägerstams memoarer (1928)
- Resan till Rom (1929) - "Reis nei Rome"
Ferfilmingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate wurken fan Söderberg waarden yn Sweden ferfilme, ûnder oaren Gertrud (1964), Doktor Glas (1968) en Den allvarsamma leken (1977).