Springe nei ynhâld

Tsiende Peinje

Ut Wikipedy

De Tsiende Peinje is in belesting dy't yn de 16e iuw oplein waard yn de Nederlannen. Der binne twa soarten fan:

Tsiende Peinje fan Marije fan Hongarije

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marije fan Hongarije wie lânfâdesse fan de Nederlannen út namme fan har broer keizer Karel V. Op 21 maart 1543 waard troch har de Tsiende Peinje ynsteld, in belesting fan 10% op ynkomsten út fermogen. De belesting waard heft yn 1543, 1544, 1553, 1556, 1561 en 1564.

Tsiende Peinje fan Alva

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsiende Peinje wie in beruchte belestingmaatregel ynfierd troch Fernando Álvarez de Toledo, de hartoch fan Alva, yn 1569. De belesting late ta grut ferset yn de Nederlannen en kin as in belangryk elemint sjoen wurde foar de Nederlânske Opstân, dy't letter de Tachtichjierrige Oarloch neamd wurde soe.

Nei syn oankomst yn de Nederlannen fierde Alva trije belestingen yn:

  1. De Hûndertste Peinje: In belesting fan 1% foar ien kear op alle besittings fan replik en ûnreplik guod;
  2. De Tweintichste Peinje: In omsetbelesting fan 5% op de ferkeappriis fan ûnreplik guod as huzen, lannen, ensfh., ynspirearre troch soksoarte belesting dy't ynfierd wie troch de Romeinske keizer Augustus;
  3. De Tsiende Peinje: In omsetbelesting fan 10% op de ferkeap fan replik guod as iten en drinken, klean, ensfh., identyk oan de yn de Spaanske lannen wenstige Alcabala-belesting.

Benammen tsjin de Tsiende Peinje fan Alva kaam in soad ferset. Yn de Nederlannen wie it boppedat in ferwurvenheid dat de lânsheare allinnich mar in nije belesting hefte nei in bea of fersyk. Alva negearre de ynstellingen en hjitte syn herfoarming foar de hiele Nederlannen. Boppedat drigen de Nederlannen as hannelsnaasje troch de Tsiende Peinje yn harren konkurrinsjeposysje oantaaste te wurden. Dêrtroch drige Alva de befolking net allinnich swierder te belêsten, mar ek yn syn kompetitiviteit te treffen.

Yn werklikheid is de Tsiende Peinje fan Alva nea heft, mar waard yn twa jier ôfkocht foar in bedrach fan 2 miljoen gûne.