James Mason

James Neville Mason (Huddersfield, Yorkshire, 15 maaie 1909 - Lausanne, Switserlân, 27 july 1984) wie in Ingelsk akteur dy't yn mear as hûndert Amerikaanske en Britske spylfilms spile. De kwaliteit fan dizze films rint tige útien. Mei troch syn werkenbere, huningswiete stimlûd en syn sjarmante ferskining koe er sawol in minnen-ien as haadrollen spylje. Hy waard trije kear nominearre foar in Oscar, mar hat nea ien wûn.
Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
James Mason hat twaris troud west, mei aktrise Pamela Kellino fan 1941 oant 1964 en mei aktrise Clarissa Kaye fan 1971 oant syn dea yn 1984. Hy hat twa bern by Pamela: aktrise/senarioskriuwster Portland Mason (1948-2004) en filmprodusint Morgan Mason (1955). Morgan troude yn 1986 mei sjongster Belinda Carlisle.
Mason stoar mei 75-jier yn syn hûs yn Switserlân oan in hertoanfal.
Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- I Met a Murderer (1939)
- Thunder Rock (1942)
- The Man in Grey (1943)
- Hotel Resqerve (1944)
- The Wicked Lady (1945)
- The Seventh Veil (1946)
- Odd Man Out (1947)
- Caught (1949)
- Madame Bovary (1949)
- The Reckless Moment (1949)
- The Desert Fox: The Story of Rommel (1951)
- Pandora and the Flying Dutchman (1951)
- 5 Fingers (1952)
- The Prisoner of Zenda (1952)
- Julius Caesar (1953)
- The Desert Rats (1953)
- A Star is Born (1954)
- 20000 Leagues Under the Sea (1954)
- Bigger Than Life (1956)
- Cry Terror! (1958)
- North by Northwest (1959)
- Journey to the Center of the Earth (1959)
- The Trials of Oscar Wilde (1960)
- Lolita (1962)
- The Fall of the Roman Empire (1964)
- The Pumpkin Eater (1964)
- Lord Jim (1965)
- Georgy Girl (1966)
- The Blue Max (1966)
- The Deadly Affair (1967)
- The Last of Sheila (1973)
- Cross of Iron (1976)
- Jesus of Nazareth (telefyzjefilm, 1977)
- Heaven Can Wait (1978)
- The Boys from Brazil (1978)
- Murder by Decree (1979)
- Salem's Lot (telefyzjefilm, 1979)
- The Verdict (1982)
- Ivanhoe (telefyzjefilm, 1982)
- Evil Under the Sun (1982)
- The Shooting Party (1984)
- The Boys From Brasil (1973)