Noardeast-Fryslân
Noardeast-Fryslân | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De R.J. Cleveringslûzen, tusken de Waadsee en it Lauwersmar (2007). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Noardeast-Fryslân (Kollumerlânsk, Pompstersk en Nederlânsk: Noordoost-Friesland; Dokkumersk en Kollumersk: Noardoast-Frysland[1]) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente ûntstie by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 út 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân.[2] Op 1 jannewaris 2024 hie Noardeast-Fryslân 45.884 ynwenners (boarne: CBS).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'. De gemeente hat offisjeel gjin Nederlânske namme.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje.[3]
Sadwaande bleau Dantumadiel ek nei 1 jannewaris 2019, doe't Noardeast-Fryslân ûntstie, selsstannich, mar sûnder eigen amtlike organisaasje. De gemeente behold in gemeenteried, in eigen kolleezje fan boargemaster en wethâlders en in eigen gemeentesekretaris, mar makke fierders gebrûk fan 'e amtners fan Noardeast-Fryslân.[4] Dat wie foar net ien fan beide gemeenten in befredigjende sitewaasje. Dantumadiel woe mear sels beslisse en Noardeast-Fryslân ûnderfûn de soarch foar Dantumadiel as in bongel oan 'e foet.[4] Yn 2020 rûn de gearwurking troch argewaasje yn Dantumadiel hast op 'e non, mar it spul waard delbêde troch foar dy gemeente binnen it amtlik apparaat fan Noardeast-Fryslân in fêst team amtners gear te stallen.[4]
Ynstee dat soks de gearwurking flot loek, smiet it nije swierrichheden op. Yn Dantumadiel befoel it dusdanich goed, dat men útwreiding fan it team hawwe woe. Yn Noardeast-Fryslân soarge it foar in wy-sy-tsjinstelling binnen de eigen amtnerij dêr't men net bliid mei wie.[4] Der waard in ûnôfhinklik ûndersyk útfierd troch Advysburo Van de Laar út Eindhoven, dat konkludearre dat Dantumadiel de eigen groeiende ambysjes nei ûnderen bystelle moat en dat Noardeast-Fryslân fleksibeler omgean moat mei de gearwurking.[4] Foar beide gemeenten wie dat in brêge te fier. Ynstee waard besletten in punt te setten efter de gearwurking: nei in twajierrige oergongsperioade hat Dantumadiel fan 1 jannewaris 2024 ôf wer in eigen amtnerij.[4]
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Noardeast-Fryslân bestiet út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum is fierwei it grutste plak en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing waard it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan Noardeast-Fryslân.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Noardeast-Fryslân wurde behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, te witten: Kollumerlânsk en Pompstersk.
Op 10 septimber 2020 besleat de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân op foarstel fan 'e FNP-fraksje unanym ta de ynfiering fan Frysktalige plaknammen yn 'e hiele gemeente. Foartiid wiene inkeld de offisjele plaknammen yn it âlde Ferwerderadiel Frysktalich, wylst yn it eardere Dongeradiel en Kollumerlân Nederlânsktalige plaknammen offisjeel wiene.[5]
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier Haijo Apotheker fan D66. Begjin jannewaris 2020 is er opfolge wurden troch de eardere FNP-deputearre Johannes Kramer.
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op 21 novimber 2018 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:
partij | ferkiezings 2018 [6] | ferkiezings 2022 [7] | ||||
---|---|---|---|---|---|---|
stimmen | % | sitten | stimmen | % | sitten | |
FNP | 2.633 | 16,0% | 5 | 4.643 | 23,5% | 8 |
S!N [8] | 2.188 | 13,3% | 4 | 4.299 | 21,8% | 7 |
CDA | 3.763 | 22,9% | 7 | 2.769 | 14,0% | 4 |
KristenUny | 2.062 | 12,6% | 4 | 2.286 | 11,6% | 4 |
BVNL [9] | 1.660 | 8,4% | 2 | |||
PvdA | 1.570 | 9,6% | 3 | 1.436 | 7,3% | 2 |
GBNF [10] | 1.068 | 6,5% | 2 | 1.121 | 5,7% | 1 |
VVD | 1.931 | 11,8% | 3 | 909 | 4,6% | 1 |
Actief Lokaal | 321 | 1,6% | 0 | |||
Waddenpartij | 257 | 1,6% | 0 | 296 | 1,5% | 0 |
ELP-NEF [11] | 947 | 5,8% | 1 | |||
ûnjildich & blanko | 46 | 0,3% | 57 | 0,3% | ||
totaal | 16.465 | 29 | 19.797 | 29 | ||
opkomstpersintaazje | 46,4% | 54,5% |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|