Springe nei ynhâld

Haijo Apotheker

Ut Wikipedy
Hayo Apotheker
politikus
echte nammeHarm Haijo Apotheker
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum5 juny 1950
berteplakLoppersum
etnisiteit Frysk
partijD66
Gemeenteriedslid fan Loppersum
amtsperioade1974 - 1977
Wethâlder fan Loppersum
amtsperioade1975 - 1977
Boargemaster fan Muntendam
amtsperioade1980 - 1988
Boargemaster fan Feandam
amtsperioade1988 - 1993
Boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade1993 - 1998
foargongerJohn te Loo
opfolgerLoekie van Maaren
Minister fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij
regearkabinet-Kok II
amtsperioade1998 - 1999
foargongerJozias van Aartsen
opfolgerLaurens Jan Brinkhorst
Boargemaster fan Stienwyk
amtsperioade2000 - 2002
foargongerH.W. Schippers
opfolgerfunksje opheft
Boargemaster fan Stienwikerlân
amtsperioade2003 - 2010
foargongerfunsje ynstelld
opfolgerLeo Elfers
Boargemaster fan Snits (wnd.)
amtsperioade2010
foargongerArno Brok
opfolgerfunksje opheft
amtsperioade2011 - 2017
foargongerfunksje ynsteld
opfolgerMagda Berndsen

Harm Haijo (Hayo) Apotheker (Loppersum, 5 juny 1950) is in Nederlânske politikus foar D66.

Oplieding en iere karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Apotheker studearre, nei syn oplieding oan 'e Ryks HBS yn Appingedam, sosjology en planology oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dêr't er yn 1974 syn doktoraaleksamen helle. Hy sette mei syn karriêre útein as wittenskiplik ûndersiker stedsfernijing oan 'e Ryksuniversiteit Grins en wurke dêr fan 1974 oant 1977. Dêrnei wurke er as ûndersiker en adviseur op 'e ôfdieling Sosjaal-Geografysk en Bestjoerkundich Undersyk (SGBO) fan de VNG fan 1977 oant 1980.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy begûn syn politike karriêre as gemeenteriedslid yn 1974 en as wethâlder yn 1975 yn de gemeente Loppersum oant 1977. Dêrnei waard er fan 1980 oant 1988 boargemaster fan Muntendam, fan 1988 oant 1993 fan Feandam en fan 1993 oant 1998 fan Ljouwert en krige dêrtroch wurdearring, hoewol't er sawol yn earstneamde as yn lêstneamde ('reade') gemeenten ynearsten net wolkom wie.[1][2] Doetiids wie er ek in tal jierren lid fan de Provinsjale Steaten fan de provinsje Grinslân.

Hy rûn as minister fan Lânbou yn it twadde kabinet-Kok fêst yn de Haachske polityk. Apotheker stapte út it kabinet om't er net genôch stipe foar alternativen foar de bargewet fan VVD-foargonger Jozias van Aartsen en oer de rjochtmjittgens dêrfan. De kabinetskrisis fan maaie sette him dêrta oan it tinken.[3] Hy stapte nei tsien moanne op en waard dêrnei boargemaster. Earst fan Stienwyk, dêrnei fan de fúzjegemeente Stienwikerlân.

Fan 15 febrewaris 2010 ôf wie Apotheker waarnimmend boargemaster fan Snits. Nei't dy gemeente op 1 jannewaris 2011 opgien wie yn de gemeente Súdwest-Fryslân waard er dêr earst waarnimmend boargemaster en begjin 2012 boargemaster. Yn dy snuorje sette er blyntsjewei in hantekening ûnder in troch in gemeente-amtner ferfalsk miljoenekontrakt foar in nijbouwyk yn Snits. De gemeente moast dêrtroch 7 miljoen euro mear betelje as de bedoeling wie. [4]

Hy bleau dêr boargemaster oant 31 desimber 2017, wêrnei't er mei yngong fan 1 jannewaris 2018 waarnimmend boargemaster fan 'e nije gemeente De Waadhoeke waard.[5][6] Op 30 oktober 2018 waard er opfolge troch Marga Waanders.[7][8] Nei twa moannen lins waard Apotheker mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waarnimmend boargemaster fan 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.[9] Yn oktober fan dat jier waard bekend dat FNP-deputearre Johannes Kramer Apotheker begjin jannewaris 2020 opfolgje soe.[10]

By syn ôfskied fan de gemeente Súdwest-Fryslân, yn desimber 2017, waard Apotheker beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[11]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: